Ferslach aktiviteiten

Ferslach aktiviteiten 2022 –  Yn 2022 hie de Stifting FLMD trije prizen te ferjaan. Op 11 juny krige Paul van Dijk de D. A. Tammingapriis, € 3000 grut, foar syn poëzydebút Famke fan Snie. De sjuery, besteande út Teake Oppewal, Janneke Spoelstra en Geart Tigchelaar, hie de kar út 12 bondels.

Op 18 juny wie de útrikking fan de twajierlikse Rink van der Veldepriis yn it Polderhûs op De Feanhoop. De priis – in bedrach fan € 2000 en in byldsje fan Anne en Roelie Woudwijk – gie diskear nei Leo Popma foar syn roman It sket fan Toussaint. It wie de tsiende kear dat de priis, yndertiid ynsteld troch de Friese Pers Boekerij en de gemeente Smellingerlân, útrikt waard. Nei it opdoeken fan de FPB stelt de Stifting FLMD it jild beskikber. De sjuery, besteande út Marijke de Boer, Gerrit Breteler en Ale S. van Zandbergen moast kieze út 18 troch de útjouwers ynstjoerde boeken.

De Stifting FLMD hat dit jier in nije priis yn it libben roppen, de Diet Huberpriis foar it bêst feroarge berne- of jongereinboek. Dit is in trijejierlike priis, € 2000 grut. Wy koene de priis betelje út in foar dit doel ornearre anonime skinking. In sjuery, besteande út Susan van den Berg, Margaretha Cats en Dolf Verroen, bekroande de fersoarging fan it berneboek By beppe útfanhús fan Mirjam van Houten. Op 20 oktober wie de feestlike útrikking yn Museum Belvédère.

It bestjoer fan de Stifting FLMD hat trije kear gear west, op  21 maart, 11 maaie en 12 oktober. Tuskentroch wie der geregeld e-mailkontakt. Wy hawwe stipe tasein oan de Afûk foar it berneboek Jelle en Juf fan Mirjam van Houten (€ 750), de twatalige dichtbondel Ynbêde/Ingebed fan Tsead Bruinja (€ 500) en de biografy fan Tony Feitsma, Pionier foar it Frysk, skreaun troch Liuwe Westra (€ 1000). Utjouwerij Frysk en Frij mocht in bydrage fan € 500 yn ’e mjitte sjen foar de dichtbondel It berin fan de dingen fan Peter Popma. Inselde bedrach waard ornearre foar de twatalige bondel De sneinen / Land achter het oog van de naald fan Aggie van der Meer.

Utjouwerij DeRyp waard in stipe fan € 500 tasein foar in Oekraynsk berneboek yn it Frysk en fan € 750 foar de blomlêzing út it wurk fan Eeltsje Hettinga: Te pearde/te peerde. De Stichting Jetée krige € 500 foar de troch Ester Eva Damen makke filmyske ympresje fan it gedicht Hok fan Rou fan Tsead Bruinja (te sjen fia in Tresoarlink). It bestjoer sei ek in bedrach fan € 500 ta oan Utjouwerij De Vrije Stijl foar in Frysktalige biografy fan keatser Johannes Brandsma, te skriuwen troch Edward Jorna. Utjouwerij Wijdemeer hat € 1000 krigen as bydrage yn de kosten fan it omstaverjen fan de roman De Reade Bwarre fan Trinus Riemersma.

Fierder waard stipe takend oan de Stichting Historia Doccumensis foar de oersetting fan Abe Brouwer syn boek Siderius de Granaat yn it Dokkumers (€ 500), oan útjouwerij Perio foar de meartalige eksperimintele poëzyútjefte De Oerset (€ 750) en oan útjouwerij Bornmeer, dy’t yn it jier fan de Rink van der Veldepriis in werútjefte fan ien fan Rink syn boeken plichtet út te bringen, diskear syn samling Fjildferhalen (€ 1500).

De Skriuwersarke op De Feanhoop hat tusken april en septimber wer beskikber west foar in tal skriuwers, t.w. Simon Oosting, Reina Smeink-Kroodsma, Catharina Lautenbach, Jan Minno Rozendal en Warner B. Banga. It dichterskollektyf RIXT hat begjin augustus in wike fan de arke gebrûk makke.

Yn 2022 hat de gemeente Ljouwert yn oerlis mei de stifting FLMD de útfiering fan de Rely Jorritsmapriisfraach delegearre oan de nije stifting Rely Jorrritsmafûns.   

Verslag activiteiten 2022 
– 2022 was een jaar waarin de Stichting FLMD drie prijzen had te vergeven. Op 11 juni kreeg Paul van Dijk de D. A. Tammingapriis ter grootte van € 3000 voor zijn poëziedebuut Famke fan snie. De jury, bestaande uit Teake Oppewal, Janneke Spoelstra en Geart Tigchelaar, had keuze uit 12 bundels. Op 18 juni volgde de uitreiking van de tweejaarlijkse Rink van der Veldepriis in het Polderhûs op De Veenhoop. De prijs, waaraan een bedrag van € 2000 is verbonden benevens een beeldje van Anne en Roelie Woudwijk, ging deze keer naar Leo Popma voor zijn roman It sket fan Toussaint. Het was de tiende keer dat de prijs, indertijd ingesteld door de Friese Pers Boekerij en de gemeente Smallingerland, werd uitgereikt. Na het opdoeken van de FPB stelt de Stichting FLMD het geld beschikbaar. De jury, bestaande uit Marijke de Boer, Gerrit Breteler en Ale S. van Zandbergen, moest een keuze maken uit 18 door de uitgevers ingezonden boeken.

De Stichting FLMD heeft dit jaar een nieuwe prijs in het leven geroepen, de Diet Huberpriis voor het best verzorgde kinder- of jongerenboek. Dit is een driejaarlijkse prijs ter grootte van € 2000. Wij konden de prijs financieren uit een voor dit doel bestemde anonieme schenking. Een jury, bestaande uit Susan van den Berg, Margaretha Cats en Dolf Verroen, bekroonde de verzorging van het kinderboek By beppe útfanhûs van Mirjam van Houten. Op 20 oktober vond de feestelijke uitreiking plaats in Museum Belvédère.

Het bestuur van de Stichting FLMD heeft driemaal vergaderd, op 21 maart, 11 mei en 12 oktober. Tussentijds was er geregeld e-mailcontact. Wij hebben financiële steun toegezegd aan de Afûk voor het kinderboek Jelle en Juf van Mirjam van Houten (€ 750), de tweetalige dichtbundel Ynbêde/Ingebed van Tsead Bruinja (€ 500) en de biografie van Tony Feitsma, Pionier foar it Frysk, geschreven door Liuwe Westra (€ 1000). Utjouwerij Frysk en Frij mocht een bijdrage van € 500 tegemoetzien voor de gedichtenbundel It berin fan de dingen van Peter Popma. Eenzelfde bedrag werd bestemd voor de tweetalige bundel De sneinen / Land achter het oog van de naald van Aggie van der Meer.

Uitgeverij DeRyp werd een subsidie van € 500 toegezegd voor een Oekraiens kinderboek in Friese vertaling en van € 750 voor de bloemlezing uit het werk van Eeltsje Hettinga, Te pearde / te peerde. De Stichting Jetée ontving € 500 voor de door Ester Eva Damen gemaakte filmische impressie van het gedicht Hok fan Rou van Tsead Bruinja (te bekijken via een Tresoarlink).

Het bestuur kende ook € 500 toe aan uitgeverij De Vrije Stijl voor een Friestalige biografie van kaatser Johannes Brandsma, te schrijven door Edward Jorna. Uitgeverij Wijdemeer heeft € 1000 ontvangen als bijdrage in de kosten van de ‘omstavering’ van de roman De Reade Bwarre van Trinus Riemersma.

Verder werden bijdragen toegekend aan de Stichting Historia Doccumensis voor de vertaling van Abe Brouwers boek Siderius de Granaat in het Dokkumers (€ 500), aan uitgeverij Perio voor de meertalige experimentele poëzieuitgave De Oerset (€ 750) en aan uitgeverij Bornmeer, die in het jaar van de Rink van der Veldepriis een heruitgave van een van Rinks boeken pleegt uit te brengen, ditmaal zijn samling Fjildferhalen (€ 1500).

De Skriuwersarke op De Veenhoop is tussen april en september weer een aantal weken ter beschikking gesteld aan schrijvers, t.w. Simon Oosting, Reina Smeink-Kroodsma, Catharina Lautenbach, Jan Minno Rozendal en Warner B. Banga. Het dichterscollectief RIXT heeft begin augustus een week van de ark gebruik gemaakt.

In 2022 heeft de gemeente Leeuwarden in overleg met de Stichting FLMD de uitvoering van de Rely Jorritsmapriisfraach gedelegeerd aan de nieuwe stichting Rely Jorritsmafûns

Ferslach aktiviteiten 2021 – Yn 2021 hat de Stifting FLMD stipe tasein oan utjouwerij Afûk foar de dichtbondel Mei de noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot (€750,00) en foar it biste-alfabet A is in aapke fan Eppie en Ankemarije Dam (€ 450,00), oan útjouwerij Louise foar de Biltske roman ’n Fermoeden van blau fan Gerard de Jong (€ 750,00), oan útjouwerij Frysk en Frij foar de dichtbondel Hewwy dát fan Tsjisse Hettema (€ 450,00) en oan de Stichting UP foar it projekt Utsicht yn ’e mande mei Tresoar en Afûk (€ 750,00).

Utjouwerij DeRyp krige € 500,00 foar de bondel Hiemhûn en oare ferhalen fan Ytsje Hettinga, de Stichting Aldheidskeamer Uldrik Bottema te Aldeboarn waard bliid makke mei € 750,00 foar de bondel As ik de toer mar sjoch, mei 75 libbensferhalen út en oer Aldeboarn. It Skriuwersboun die mei sukses in berop op ús fûns foar in bydrage fan € 1000,00 foar it byprintsjen fan de jubileumbondel Nearnewâld om it as kado takomme te litten oan de eineksamenkandidaten Frysk. Oan de stifting Cepher waard € 750,00 beskikber steld foar de leperollo De hôven en de poëzykassette Au Musée, beide fan Eeltsje Hettinga.

It toanielstik Wat soesto! fan Freark Smink koe mei troch ús stipe fan € 1000,00 yn boekfoarm ferskine by útjouwerij Bornmeer.

Fan maaie oant septimber koene seis skriuwers wer in wykmennich yn de Skriuwersarke har yn alle rêst oan har wurk wije yn/op de Skriuwersarke op De Feanhoop, yn folchoarder fan opkommen Jan Minno Rozendal, Wilma Miedema, Warner B. Banga, Aukje Wijma, Harm Bloemhof en Youvan Bergsma. Ek it dichterskollektyf RIXT koe ien wike oer de arke beskikke. Fanwege koroana wie der lykas yn 2020 gjin offisjele iepening.

De útstelde útrikking fan Rink van der Veldepriis, yn 2020 takend oan Johan Veenstra, hat ûnder de jildende koroanaregels op 14 july plakfûn yn De Lawei te Drachten.

It bestjoer fan de Stifting FLMD hat foar 2022 wer in D. A. Tammingapriis útskreaun, diskear foar in poëzydebút. Yn de sjuery waarden beneamd Teake Oppewal, Janneke Spoelstra en Geart Tigchelaar.    

Verslag activiteiten 2021 – De Stichting FLMD heeft in 2021 subsdie toegezegd resp. verleend aan uitgeverij Afûk voor de dichtbundel Mei de noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot (€ 750,00) en voor het beestenalfabet A is in aapke fan Eppie en Ankemarije Dam (€ 450,00), aan uitgeverij Louise voor de Bildtse roman ’n Fermoeden fan blau van Gerard de Jong (€ 750,00), aan uitgeverij Frysk en Frij voor de dichtbundel Hewwy dát van Tsjisse Hettema (€ 450,00) en aan de Stichting UP voor het project Utsicht, i.s.m. Tresoar en Afûk (€ 750,00). Uitgever DeRyp ontving € 500,00 voor de bundel Hiemhûn en oare ferhalen van Ytsje Hettinga en de Stichting Aldheidskeamer Uldrik Bottema te Aldeboarn werd verblijd met een bijdrage van € 750,00 voor de bundel As ik de toer mar sjoch, met 75 levensverhalen uit en over Aldeboarn.

Het Skriuwersboun deed met succes een beroep op ons fonds voor een bijdrage van € 1000,00 voor het bijdrukken van extra exemplaren van de jubileumbundel Nearnewâld om cadeau te doen aan de eindexamenkandidaten Fries. De stichting Cepher mocht € 750,00 tegemoet zien voor de leperollo De hôven en de poëziecassette Au Musée, beide van Eeltsje Hettinga. Het toneelstuk Wat soesto! van Freark Smink kon mede dankzij ons subsidie van € 1000,00 in boekvorm verschijnen bij uitgeverij Bornmeer.

Van mei tot september konden weer zes schrijvers voor enkele weken gebruik maken van de Skriuwersarke op De Veenhoop. In volgorde van verblijf: Jan Minno Rozendal, Wilma Miedema, Warner B. Banga, Aukje Wijma, Harm Bloemhof ern Youvan Bergsma. Ook het dichterscollectief RIXT kon een week over de ark beschikken. Wegens corona was er evenals in 2020 geen officiële opening.

De uitgestelde uitreiking van de Rink van der Veldeprijs, in 2020 toegekend aan Johan Veenstra, heeft onder de geldende beperkingen op 14 juli plaatsgevonden in De Lawei te Drachten.

Het bestuur van de Stichting FLMD heeft voor 2022 weer een D. A. Tammingaprijs uitgeschreven, ditmaal voor een poëziedebuut. In de jury werden benoemd Teake Oppewal, Janneke Spoelstra en Geart Tigchelaar.

Ferslach aktiviteiten 2020 –  It bestjoer fan de Stifting FLMD hat yn 2020 wer in grut tal oanfragen foar stipe beoardiele. De Afûk waard stipe tasein foar it berneboek De klup fan Jorrit en Philo fan Thys Wadman, de roman Passys fan Josse de Haan en it printeboek Utfanhûs fan Mirjam van Houten, Frysk en Frij foar de roman It sket fan Toussaint fan Leo Popma (oanfrege ûnder de wurktitel Blier City). Troch ús stipe koe Bornmeer de lêste roman fan Rink van der Velde, It guozzeroer, opnij útjaan, ferskynd ta gelegenheid fan de takenning fan de Rink van der Veldepriis 2020 oan Johan Veenstra. Bornmeer krige ek in subsydzje foar de nije roman Spegel en sonde fan Jetske Bilker, dy’t yn desimber ferskynd is. Utjouwerij Louise frege en krige in bydrage foar it opnij útjaan en yn de nije stavering printsjen fan de bondel Efter it tried, kampsketsen út Amersfoart fan Reimer van Tuinen, fan in ynlieding foarsjoen troch Elske Schotanus en ta gelegenheid fan 75 jier Befrijing ferskynd (fanwege koroana yn 2021). Utjouwerij DeRyp koe op stipe rekkenje foar Folksskriuwer Waling Dykstra, in blomlêzing út it proaza, besoarge troch Abe de Vries, en foar de bondel Omstreken mei gedichten fan Eppie Dam by skilderijen fan Johan Haanstra.

De Stichting Uitzonderlijke Producties (UP) krige in bydrage foar it muzykprojekt De Tiid mei muzyk fan Olivier Messiaen en Fryske teksten fan Aggie van der Meer, dat yn augustus twa kear koroanaproof útfierd is yn de Broeretsjerke te Boalsert.

It FLMD hat ek meibetelle oan it skilderij dat Douwe Elias fan Gysbert Japicxlaureaat Aggie van der Meer makke hat foar de GJ-seal yn Tresoar.

Op inisjatyf fan it FLMD is in wurkgroep ynstallearre, dy’t in permaninte útstalling oer Fryske literatuer tariedt, dy’t fan 1924 ôf yn Tresoar te sjen wêze moat: dan is it 65 jier ferlyn dat de Stifting FLMD oprjochte waard. Yn de wurkgroep hawwe in sit Doeke Sijens, Sytske Eringa, Janna de Jong en foar Tresoar Lysbert Bonnema. Inge Heslinga is reserve.

Foar de Rink van der Veldepriis 2022, in gearwurking tussen Stifting FLMD en gemeente Smellingerlân, is in nije sjuery beneamd, besteande út Anne-Goaitske Breteler, Marijke de Boer en Ale S. van Zandbergen (winner fan 2014). De RvdV-priis 2020, takend oan Johan Veenstra foar syn roman yn it Stellingwerfsk Vroeger is veurgoed veurbi’j, koe fanwege koroana noch net útrikt wurde.

De Skriuwersarke hat fan 2 maaie oant 5 septimber wer it wurkterrein west fan in tal Fryske skriuwers, te witten Jan Minno Rozendal, Siebren van der Zwaag, Geert Nauta, Reina Smeink-Kroodsma, Carla van der Zwaag, Harm Bloemhof en Elske Schotanus. Yn de earste wike fan augustus skreaune leden fan it dichterskollektyf Rixt oan in gedicht (sjoch fierder ûnder it kopke Skriuwersarke).

De prizen fan de Rely Jorritsmapriisfraach binne yn oktober 2020 útrikt op it stedhûs fan Ljouwert. It kolleezje fan b. en w. fan de gemeente Ljouwert foarmet sûnt 2018 it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns. Notaris Gjalt van der Hem fan Jorwert, dy’t it fûns behearde, is mei pensjoen gien. Harry Kaspers, ek fan Jorwert, is him opfolge. De Stifting FLMD is belêste mei de organisaasje fan de priisfraach, dy’t yn 2020 88 ynstjoeringen opsmiten hat, 56 gedichten en 32 ferhalen. De sjuery hat twa ferhalen en ien fers bekroand. Foar it ôfgeande sjuerylid Douwe Kootstra is Beart Oosterhaven yn it plak kommen (sjoch fierder ûnder it kopke Rely Jorritsmapriis).

Willem Verf is ein 2020 ôfgien as bestjoerslid en foarsitter. Doeke Sijens is him as foarsitter opfolge.

Verslag activiteiten 2020 –  
De Stichting FLMD heeft in 2020 weer een groot aantal aanvragen voor subsidie behandeld. Aan de Afûk werd subsidie toegezegd voor het jeugdboek ‘De klup fan Jorrit en Philo’ van Thys Wadman, de roman ‘Passys’ van Josse de Haan en het prentenboek ‘Utfanhûs’ van Mirjam van Houten. Frysk en Frij kon een bijdrage tegemoetzien voor de roman ‘It sket fan Toussaint’ van Leo Popma (aangevraagd onder de werktitel ‘Blier City’). Dankzij onze financiële steun kon Bornmeer de laatste roman van Rink van der Velde, ‘It guozzeroer’, opnieuw uitgeven, verschenen ter gelegenheid van de toekenning van de Rink van der Veldeprijs 2020 aan Johan Veenstra. Bornmeer kreeg ook een subsidie voor de nieuwe roman ‘Spegel en sonde’ van Jetske Bilker, die in december is verschenen. Uitgeverij Louise vroeg en kreeg een bijdrage voor het opnieuw uitgeven en in de nieuwe spelling drukken van de bundel ‘Efter it tried, kampsketsen út Amersfoart’ van Reimer van Tuinen, van een inleiding voorzien door Elske Schotanus en verschenen t.g.v. 75 jaar Vrijheid (vanwege corona in 2021). Utjouwerij DeRyp kon op subsidie rekenen voor ‘Folksskriuwer Waling Dykstra’, een bloemlezing uit het proza, bezorgd door Abe de Vries, en voor de bundel ‘Omstreken’, met gedichten van Eppie Dam bij schilderijen van Johan Haanstra.

De Stichting Uitzonderlijke Producties (UP) kreeg een bijdrage voor het muziekproject ‘De Tiid’ met muziek van Olivier Messiaen en Friese teksten van Aggie van der Meer, dat in augustus twee keer coronaproof is uitgevoerd in de Broerekerk te Bolsward.

Het FLMD heeft ook meebetaald aan het schilderij dat Douwe Elias van Gysbert Japicxlaureaat Aggie van der Meer heeft gemaakt voor de GJ-zaal in Tresoar.

Op initiatief van het FLMD is een werkgroep geïnstalleerd, die de permanente tentoonstelling over Friese literatuur voorbereidt die in 2024 in Tresoar zal worden geopend, wanneer het 65 jaar geleden is dat de stichting FLMD werd opgericht. In de werkgroep zitten Doeke Sijens, Sytske Eringa, Janna de Jong en voor Tresoar Lysbert Bonnema. Inge Heslinga is reserve.

Voor de Rink van der Veldeprijs 2022, een samenwerking tussen Stichting FLMD en gemeente Smallingerland, is een nieuwe jury benoemd, bestaande uit Anne-Goaitske Breteler, Marijke de Boer en Ale S. van Zandbergen (winnaar in 2014). De RvdV-prijs, toegekend aan Johan Veenstra voor zijn roman in het Stellingwerfs Vroeger is veurgoed veurbi’j, kon wegens corona in 2020 nog niet worden uitgereikt.

De Skriuwersarke is van 2 mei tot 5 september weer het werkterrein geweest van een aantal Friese schrijvers, achtereenvolgens Jan Minno Rozendal, Siebren van der Zwaag, Geert Nauta, Reina Smeink-Kroodsma, Carla van der Zwaag, Harm Bloemhof en Elske Schotanus. In de eerste week van augustus schreven leden van het dichterscollectief Rixt aan een gedicht (zie verder onder het kopje Skriuwersarke).

De prijzen van de Rely Jorritsmaprijsvraag zijn in oktober 2020 uitgereikt op het stadhuis in Leeuwarden. Het college van b. en w. van de gemeente Leeuwarden vormt sinds 2018 het bestuur van het Rely Jorritsma Fûns. Notaris Gjalt van der Hem uit Jorwert, die het fonds beheerde, is met pensioen gegaan. Harry Kaspers, eveneens uit Jorwert, is hem opgevolgd. De Stichting FLMD is belast met de organisatie van de prijsvraag, die in 2020 88 inzendingen opleverde, 56 gedichten en 32 verhalen. De jury heeft twee verhalen en een gedicht bekroond. Voor het aftredend jurylid Douwe Kootstra is Beart Oosterhaven in de plaats gekomen (zie verder onder het kopje Rely Jorritsmapriis).

Willem Verf is eind 2020 afgetreden als bestuurslid en voorzitter. Doeke Sijens is hem als voorzitter opgevolgd.

Ferslach aktiviteiten 2019 – Sechstich jier ferlyn, yn 1959, is it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum oprjochte. It bestjoer woe yn 2019 dat jubileum net hielendal stil foarbygean litte en hat in wurkgroep oan it wurk set om dat passend te fieren. Dat barde mei in feestlike middei op sneon 14 septimber yn Tresoar: histoaryske figueren as Gysbert Japicx, Simke Kloosterman en Douwe Kalma waarden wer even ta libben brocht. Ald-direkteur Tineke Steenmeijer-Wielenga soarge foar in histoaryske weromblik en seach werom op de yn har tiid ta stân kommen fúzje mei Provinsjale Bibleteek en Ryksargyf. De besikers krigen as stoflik oantinken in literêr kwartetspul mei nei hûs, in idee fan Carla van der Heijde.

In oar feestlik barren wie de útrikking fan de D.A. Tammingapriis op 21 juny oan Baukje Zijlstra foar har proazadebút De komakorrektor.

Foar de twadde kear skreau de Stifting FLMD in Rely Jorritsmapriisfraach út yn opdracht fan it kolleezje fan B. en W. fan Ljouwert, sûnt 2018 bestjoerder fan it Rely Jorritsmafûns. Boargemaster Sybrand van Haersma Buma hat yn it doarpshûs fan Bears op 5 oktober de prizen útrikt.

De Stifting FLMD hat har wer bûgd oer in grut tal subsydzjefersiken. Sa waard finansjele stipe tasein foar in muzikaal projekt fan de Stichting UP (Hoite Pruiksma) yn de Broeretsjerke te Boalsert op teksten fan Aggie van der Meer en oan de Stichting Jatee foar de film Rûzje Wyn fan Ester Eva Damen.

Utjouwerij De Ryp krige stipe foar Duvelskeunstner, in kar út it dichtwurk fan Waling Dykstra, besoarge troch Abe de Vries, en foar de sjongbondel Kom en sjong fan Hindrik van der Meer. Utjouwerij Bornmeer krige in bydrage foar de essaybondel De Fryske Utopy en Utjouwerij Perio foar de bysûndere útjefte Brief oan K fan Eeltsje Hettinga.

Utjouwerij Elikser koe in bydrage yn ’e mjitte sjen foar it boek De rykdom fan it ferline, boereferhalen fan Reinder Politiek en foar de fersebondel Swannesang fan Atze van Wieren/Klaas Bruinsma. Oan de Afûk waard stipe tasein foar resp. it jongereinboek Geartsje en Niels fan Janny van der Molen, de ferhalebondel It spûkskip fan Lida Dykstra, in nije útjefte fan Dingeman krijt wjukken fan Eppie Dam & Gerrit Terpstra, de bondel Wat in koffer seit, fersen fan Ilse Weber, oerset troch Eppie Dam en in boek by gelegenheid fan de 100ste bertedei fan Anne Wadman, In tipelsinnich bousel. De Freonen fan Tresoar krigen in bydrage yn de kosten fan de ferhale- en poëzypriisfraach 75 jier Befrijd.

Babs Gezelle Meerburg is oan de ein fan 2019 ôfgien as bestjoerslid. Yn har fakatuere waard begjin 2020 foarsjoen troch Inge Heslinga.

Verslag activiteiten 2019 – Zestig jaar geleden, in 1959, is het Fries Letterkundig Museum en Documentatiecentrum opgericht. Het bestuur wilde dit jubileum niet geheel stil laten passeren. Er werd een werkgroep aan het werk gezet en op zaterdag 14 september kon het feestelijk worden gevierd in Tresoar: historische figuren als Gysbert Japicx, Simke Kloosterman en Douwe Kalma werden weer even tot leven gewekt. Oud-directeur Tineke Steenmeijer-Wielenga gaf een historische terugblik en keek terug op de in haar tijd tot stand gekomen fusie met Provinciale Bibliotheek en Ryksargyf. De bezoekers kregen als aandenken een literair kwartetspel mee naar huis, een idee van Carla van der Heijde.

Een andere feestelijke gebeurtenis was op 21 juni de uitreiking van de D.A. Tammingaprijs aan Baukje Zijlstra voor haar prozadebuut De komakorrektor.
Voor de tweede keer droeg de Stichting FLMD zorg voor de Rely Jorritsmaprijsvraag, in opdracht van het college van burgemeester en wethouders van de gemeente Leeuwarden, sinds 2018 bestuurder van het Rely Jorritsmafonds. Burgemeester Sybrand van Haersma Buma heeft op 5 oktober in het dorpshuis van Bears de prijzen uitgereikt. 

De Stichting FLMD heeft zich ook dit jaar weer gebogen over een groot aantal subsidieverzoeken. Zo werd financiële steun toegezegd aan een muzikaal project van de Stichting UP (Hoite Pruiksma) in de Broerekerk te Bolsward op teksten van Aggie van der Meer en aan de Stichting Jatee voor de film Rûzje Wyn van Ester Eva Damen.
Uitgeverij De Ryp kreeg een bijdrage voor het boek Duvelskeunstner, een keuze uit het dichtwerk van Waling Dijkstra, bezorgd door Abe de Vries, en voor de liedbundel Kom en sjong van Hindrik van der Meer. Uitgeverij Bornmeer kreeg een bijdrage voor de essaybundel De Fryske Utopy en uitgeverij Perio voor de bijzondere uitgave Brief oan K van Eeltsje Hettinga.
Uitgeverij Elikser kon een bijdrage tegemoetzien voor het boek De rykdom fan it ferline, boerenverhalen van Reinder Politiek, en voor de dichtbundel Swannesang van Atze van Wieren/Klaas Bruinsma.
Aan de Afûk werd een bijdrage toegezegd voor resp. het jeugdboek Geartsje en Niels van Janny van der Molen, de verhalenbundel It spûkskip van Lida Dijkstra, een nieuwe uitgave van Dingeman krijt wjukken van Eppie Dam & Gerrit Terpstra, de bundel Wat in koffer seit, gedichten van Ilse Weber, vertaald door Eppie Dam, en een boek ter gelegenheid van de honderdste geboortedag van Anne Wadman, In tipelsinnich bousel. De Freonen fan Tresoar krijgen een bijdrage in de kosten van de verhalen- en gedichtenprijsvraag 75 jier Befrijd.

Babs Gezelle Meerburg is aan het einde van 2019 afgetreden als bestuurslid. Zij is in 2020 opgevolgd door Inge Heslinga.

2018, it L/F Kulturele Haadstêdjier, is ek oan it bestjoer fan it FLMD net foarbygongen. Wy hawwe stipe ferliend oan de Afûk foar de twatalige bondel fan Tsead Bruinja Hingje net alle klean oan deselde kapstôk (€1000) en foar de dichtbondel foar bern It leafst bin in in fûgel, gearstald troch Elske Kampen en yllustrearre troch Marijke Klompmaker (€2000). Frysk en Frij koe €1000 yn ’e mjitte sjen foar de útjefte fan de 9-talige kaartspulsearje Better Gelok fan Joël Huitema. Wy hawwe €500 stipe jûn oan Utjouwerij De Ryp foar it boek 11stêden/11ferhalen, in orizjineel foarmjûne publikaasje, yn ’e mande mei Frisian Restorers en Colorists, in restauraasje-atelier yn de Blokhuispoort. Foar it boek It libben fan Freark fan Hallum, in Fryske oersetting troch Klaas Bruinsma út it Latyn fan de kanunnik Sibrandus Leo, ek ferskynd by De Ryp, waard €450 beskikber steld.

Op freed 15 juny hawwe wy yn ’e mande mei de gemeente Smellingerlân in bysûndere útrikking fan de twajierlikse Rink van der Veldepriis organisearre by de Skriuwersarke. Lykas bekend soarget de Stifting FLMD foar it prizejild fan €2000, dat diskear útkeard waard oan Willem Schoorstra foar syn roman De nacht fan Mare (sjoch ûnder Rink van der Veldepriis). Yn itselde LF2018-ramt waard der op 19 juny in literêre jûn hâlden yn de bibleteek fan Drachten, dêr’t de foar de priis nominearre skriuwers Willem Schoorstra, Geart Tigchelaar en Nyk de Vries oan meidiene.

Janneke Spoelstra hat ôfskie naam as bestjoerslid. Se is opfolge troch Janna de Jong, dy’t ek lid is fan it bestjoer fan de Stifting Freonen fan Tresoar.

2018, het L/F Culturele Hoofdstadjaar, is ook aan het FLMD niet voorbijgegaan. Wij hebben subsidie verleend aan de Afûk voor de tweetalige bundel van Tsead Bruinja Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok (€1000) en voor de poëziebundel voor kinderen It leafst bin ik in fûgel, samengesteld door Elske Kampen en geïllustreerd door Marijke Klompmaker (€2000). Frysk en Frij kon €1000 tegemoetzien voor de uitgave van de 9-talige kaartspelserie Better Gelok van Joël Huitema. Wij hebben €500 subsidie gegeven aan Utjouwerij De Ryp voor het boek 11stêden/11 ferhalen, een origineel vormgegeven publicatie in samenwerking met Frisian Restorers en Colorists, een restauratie-atelier in de Blokhuispoort. Voor het boek It libben fan Freark fan Hallum, een Friese vertaling door Klaas Bruinsma uit het Latijn van de kanunnik Sibrandus Leo, ook verschenen bij De Ryp, werd €450 beschikbaar gesteld.

Op vrijdag 15 juni heeft de Stichting FLMD in samenwerking met de gemeente Smallingerland een bijzondere uitreiking van de Rink van der Veldeprijs georganiseerd in de Skriuwersarke op De Veenhoop. Zoals bekend stelt de Stichting FLMD het prijzengeld (€2000) beschikbaar, dat deze keer terechtkwam bij Willem Schoorstra voor de roman De Nacht fan Mare (zie onder Rink van der Veldepriis). In hetzelfde LF2018-kader werd er op 19 juni een literaire avond gehouden in de bibliotheek van Drachten, waar de genomineerden voor de prijs, Willem Schoorstra, Geart Tigchelaar en Nyk de Vries, aan meewerkten.

Janneke Spoelstra heeft afscheid genomen als bestuurslid. Zij is opgevolgd door Janna de Jong, die ook deel uitmaak van het bestuur van de Stichting Freonen fan Tresoar.  

Yn 2017 hat de Stifting FLMD stipe tasein oan Utjouwerij De Ryp foar de bondel Spantou om ’e tiid fan Marije Roorda, oan de stifting STULLP foar it boek Rop my werom… oer de yn 2013 ferstoarne dichter Tsjêbbe Hettinga en syn bertedoarp Burchwert; oan de Afûk foar it boek De Weddenskip fan Lida Dijkstra en Nina Peckelsen; oan it Lân fan Taal-projekt Wat foarôf gie fan Linus Harms en Sjoukje Iedema mei teksten fan Elmar Kuiper; oan útjouwerij Het Nieuwe Kanaal foar it berneboek Heech Tymo, sjoch omheech, fan Koos Tiemersma en oan útjouwerij Bornmeer foar in werprintinge fan de mei de Gysbert Japicxpriis bekroande dichtbondel Fallend ljocht fan Eppie Dam.

De gemeente Ljouwert hat it Rely Jorritsma Fûns oernommen fan de mei yngong fan 01-01-2018 op te doeken gemeente Littenseradiel en de útfiering – it úskriuwen fan de priisfraach, it beneamen fan de sjuery en de útrikking – útbestege oan de Stifting FLMD. Fierder hat it FLMD-bestjoer besletten om tenei it prizebedrach foar de twajierlikse Rink van der Veldepriis beskikber te stellen, no’t de Friese Pers Boekerij as partner fan de gemeente Smellingerlân fallyt gongen is.

In 2017 heeft de Stichting FLMD financieel bijgedragen aan de uitgave van de bundel Spantou om ’e tiid van Marije Roorda door Utjouwerij De Ryp, aan het boek Rop my werom… over Tsjêbbe Hettinga en zijn geboortedorp Burgwerd, waarmee de stichting STULLP de in 2013 overleden dichter eert; aan de Afûk-uitgave De Weddenskip van Lida Dijkstra en Nina Peckelsen; aan het Lân fan Taal-project Wat foarôf gie fan Linus Harms en Sjoukje Iedema met teksten van Elmar Kuiper; aan het kinderboek Heech Tymo, sjoch omheech, van Koos Tiemersma, verschenen bij uitgeverij Het Nieuwe Kanaal en aan een door uitgeverij Bornmeer verzorgde herdruk van de met de Gysbert Japicxprijs bekroonde dichtbundel Fallend ljocht van Eppie Dam. De gemeente Leeuwarden heeft het Rely Jorritsma Fûns overgenomen van de per 01-01-2018 op te heffen gemeente Littenseradiel en de uitvoering – het uitschrijven van de prijsvraag, het benoemen van de jury en de uitreiking – uitbesteed aan de Stichting FLMD. Verder heeft het FLMD-bestuur besloten om voortaan het prijzengeld voor de tweejaarlijkse Rink van der Veldeprijs beschikbaar te stellen, nu de Friese Pers Boekerij als partner van de gemeente Smallingerland tengevolge van haar faillissement is weggevallen.


Op 29 febrewaris 2016 is Aukje Hoogland-Peenstra ferstoarn, bekend ûnder har skriuwersnamme Auck Peanstra. Se hat sûnt 2012 diel útmakke fan it bestjoer fan ús stichting en yn de ôfrûne fjouwer jier in wichtige ynbring levere, benammen op it mêd fan har spesjalisme, de berne- en jongereinliteratuer. Sytske Eringa is har yn it bestjoer opfolge.

Yn 2016 hat de Stichting FLMD finansjeel bydroegen oan it berneboek Wenje yn in skilderij troch Lida Dykstra, in útjefte fan Wijdemeer yn ’e mande mei it Fries Museum n.o.f. de Alma-Tadema-útstalling; fierder oan it printeboek Tsjilp, mei fûgelgedichten fan Eppie Dam en yllustraasjes fan Lienke Boot, in útjefte fan útjouwerij De Ryp; oan it cd-projekt mei tekstboek Tigers fan Greonterp fan de stichting Keu en oan de dichtbondel Reade tried leas fan Sigrid Kingma, útjûn troch Frysk en Frij en oan de troch de Afûk fersoarge útjefte Deiboek fan in Fryske Soldaat yn Yndië troch Freark J. Beuckens.  

Fierder hat de Stichting FLMD de werútjefte mooglik makke fan de fersesyklus In Memoriam fan D.A. Tamminga (mei Ned. oersetting fan Theun de Vries), dy’t brûkt is yn de teaterfoarstelling foar dy nei dy, spile troch Froukje Reitsema en Popke van der Zee ûnder rezjy fan Bouke Oldenhof en dêr’t de besikers fergees in eksimplaar fan krigen. 

In 2016 heeft de stichting FLMD de verschijning mee mogelijk gemaakt van het kinderboek Wenje yn in skilderij door Lida Dijkstra, een uitgave van Wijdemeer i.s.m.  het Fries Museum naar aanleiding van de Alma-Tadematentoostelling;  voorts van het prentenboek Tsjilp, met vogelgedichten van Eppie Dam en illustraties van Lienke Boot, een uitgave van uitgeverij De Ryp; van het cd-project met tekstboek Tigers fan Greonterp door de stichting Keu, aan de dichtbundel Reade tried leas van Sigrid Kingma, uitgegeven door Frysk en Frij en aan het de door de Afuk uitgegeven boek Deiboek fan in Fryske Soldaat yn Indië van Freark J. Beuckens.

Verder heeft de Stichting FLMD de heruitgave gesubsidieerd van de gedichtencylus In Memoriam van D.A. Tamminga (met de Ned. Vertaling van Theun de Vries), die gebruikt is in de theatervoorstelling foar dy nei dy, gespeeld door Froukje Reitsema en Popke van der Zee in de regie van Bouke Oldenhof, en waarvan elke bezoeker gratis een exemplaar ter hand gesteld is.

Yn 2015 hat de Stifting FLMD stipe jûn oan it nije ynternettydskrift Skanomodu te Grins, oan it boek Speurnoazen yn Park Fiversburch fan Astrid Kuiper, in útjefte fan Bornmeer, oan de novelle Swije fan Gryt Witbraad, útjûn troch Frysk en Frij en oan de útjefte Zonder liefde leeft nooit een lied, in karlêzing út it Fryske en Nederlânske dichtwurk fan Johannes Bernard Schepers, fersoarge troch de Afûk en Hispel. Fierder naam de Stichting FLMD it inisjatyf foar it gearstallen foar in sawol foar it fuortset ûnderwiis as foar de ynteressearre leafhawwers gaadlik oersjoch fan de Fryske literatuer.  Teake Oppewal fan Tresoar hat de superfisy. It boek sil yn de rin fan 2017 ferskine, is it doel.

In 2015 heeft de Stichting FLMD subsidie verleend aan het nieuwe Friese internettijdschrift Skanomodu te Groningen, aan het boek Speurnoazen yn Park Fiversburch, een uitgave van Bornmeer, aan de novelle Swije van Gryt Witbraad, uitgegeven door Frysk en Frij, en aan de uitgave Zonder liefde leeft nooit een lied, een bloemlezing uit het Friese en Nederlandse dichtwerk van Johannes Bernard Schepers, verzorgd door de Afûk en Hispel. Verder nam de stichting FLMD het initiatief voor een zowel voor het voortgezet onderwijs als de geïnteresseerde liefhebbers handzaam overzicht van de Friese literatuer. Teake Oppewal van Tresoar heeft de supervisie. De bedoeling is dat het boek  in de loop van 2017 zal verschijnen.

Yn 2014 hat de Stichting FLMD stipe jûn oan û.o. Tresoar foar de opera Keapmanskeunsten; útjouwerij Elikser foar it boek Yn it skaad fan de wolf fan Lois McMaster Bujold; de histoaryske feriening Aed Levwerd foar in ferhalepriisfraach, dy’t resultearre yn it ferhaleboek Het meisje met de rode paraplu; útjouwerij Bornmeer foar de dichtbondel It Faderpaard fan Tsjêbbe Hettinga, mei Nederlânske oersetting;  foar DAT/Audiofrysk en Elikser foar de s.n. Protterrige, dêr’t âldere mar noch net ferâldere berneboeken opnij yn ferskine; útjouwerij Wijdemeer foar de bondel Boeken en Bern, kinderliteratuur in soorten, in samling artikels fan Jant van der Weg-Laverman; útjouwerij Frysk en Frij foar it berneprinteboek Piter Pom en Pake Pleister fan Matty de Vries.

Yn 2013 is stipe jûn oan û.o. útjouwerij Perio foar de útjefte De Stêd nimt fan Eeltsje Hettinga, oan Tresoar foar de bondel fûgelpoëzy Oer de wjuk, gearstald troch Eppie Dam;  oan de Stichting tot behoud Amerikaanse windmolens foar it pleatsen fan in boerd mei it gedicht Wynmotor fan Saakje Huisman-Venema te Goutum; oan de Stichting Poppestien foar de toanieltekst Juster is fuort fan Bouke Oldenhof, skreaun foar aktrise Hilly Harms;  oan de Gerben Rypma Stifting foar it digitale projekt It fûnis/It font  fan Eeltsje Hettinga en Lotte Middendorp. Fierder is ek diskear wer stipe ferliend oan de Sirkwy-lêzingerige, dy’t diskear yn it teken stie fan Alde Meuk.

Yn 2012 hat de Stichting FLMD stipe jûn oan  û.o. de Catharina Stichting foar it projekt De Friese Staties; de Friese Pers Boekerij foar de dichtbondel Equinox fan Tsjêbbe Hettinga; de Stichting Frysk Berneboek/It Skriuwersboun foar in bondel Krystferhalen;  útjouwerij Wijdemeer foar Troch eigen lânskip, in blomlêzing út it wurk fan Willem Abma;  Stichting Hispel foar de Sirkwy-lêzingerige De see yn de Fryske literatuer; DAT/Audiofrysk foar in oersetting fan in boek fan Roald Dahl;  de Gerben Rypma Stifting foar de bondel Iskader fan Eeltsje Hettinga; de Afûk foar de Wibren Altena-biografy In swalker yn ’e geast fan Bennie Huisman;  útjouwerij Bornmeer foar de bondel Wurden en wyskes fan De Reade Raffels en foar de Mearkes fan Grimm; foar útjouwerij Frysk en Frij foar it samle wurk fan Jan Wybenga. Fierder hat it FLMD stipe jûn oan it projekt Ekspedysje Laaksum fan Tresoar.

Finansjeel ferslach 2022

Finansjeel ferslach 2021

Finansjeel ferslach 2020

Finansjeel ferslach 2019

Finansjeel ferslach 2018

Finansjeel ferslach 2017

Finansjeel ferslach 2016

Finansjeel ferslach 2015

Finansjeel ferslach 2012-2013-2014