Nijs Rely Jorritsmapriis

26 febrewaris 2024

70ste Rely Jorritsma-priisfraach iepensteld

LJOUWERT – De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten 2024 is iepensteld. It is de 70ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000. De ynstjoertermyn slút 1 maaie o.s.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de beste fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd.
B. en w. fan Ljouwert, de gemeente fan Rely’s bertedoarp Jellum, is tafersjochhâlder fan it Rely Jorritsmafûns en hat de organisaasje yn hannen lein fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD).

De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan rely@stiftingflmd.frl

Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery. Foar mear ynformaasje sjoch de webside www.stiftingflmd.frl

21 july 2023
Sân winners fan Rely Jorritsmapriis 2023

LJOUWERT – Twa ferhalen en fiif gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Nachtskaad’ fan Koos Tiemersma (Drachten) en ‘It lûd’ fan Tryntsje van der Steege (Nyegea).

De winnende gedichten binne ‘Hapke fan neat’ fan Benny Holtrop (De Knipe), ‘Fers om te ferjitten’ fan Fedde Dijkstra (Ljouwert), ‘Hoe’t it liket’ fan Ypie Bakker (Achlum), ‘De winter sil yn jute sliepe’ fan Remco Kuiper (Goutum) en ‘In symfoanysk akwarel fan dyn toarst’ fan Sytse Jansma (Harns).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 69ste kear útskreaun waard, wiene 89 ynstjoeringen ynkommen, te witten 56 gedichten en 33 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Beart Oosterhaven, Oene Spoelstra en Marrit de Schiffart.

De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 7 oktober útrikt yn it Mammemahûs te Jellum.


2 augustus 2022
Acht winners fan Rely Jorritsmapriis 2022

Fjouwer ferhalen en fjouwer gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘De Dûns’ fan Wilco Berga (Harns), ‘De sjongende ridder’ fan Sjoerd Bottema (Weidum), ‘Skaakles’ fan Sipke de Schiffart (Ljouwert) en ‘Scapa Flow’ fan Geert Nauta (Wergea). De winnende gedichten binne ‘Wy bin’ klaai’ fan Edwin de Groot (Aldehaske), ‘Vox Celeste’ fan Fedde Dijkstra (Ljouwert), ‘Biografy’ fan Elmar Kuiper (Jorwert) en ‘In Winter’ fan Minne Velstra (Ljouwert). Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 68ste kear útskreaun waard, wiene 74 ynstjoeringen ynkommen, te witten 42 gedichten en 32 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Rianne Blokzijl, Beart Oosterhaven en Oene Spoelstra.
De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 1 oktober útrikt yn it stedhûs fan Ljouwert.


july 2021
Relypriis 2021 foar 3 ferhalen en 3 fersen

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dit jier foar de 67ste kear útskreaun, binne 97 ynstjoeringen ynkommen, 34 koarte ferhalen en 63 gedichten. De sjuery, besteande út Inge Heslinga, Rianne Blokzijl en Beart Oosterhaven, dy’t de ynstjoeringen anonym ta beoardieling krige, hat trije ferhalen en trije gedichten bekroand. Elmar Kuiper fan Jorwert wûn in priis foar sawol it ferhaal In frjemde fûgel as it gedicht Ferlosboartsje. Dêrneist waarden bekroand de ferhalen Crossroads fan Gerrit Hoekstra fan Winsum en Op frijersfuotten fan Bregtje Sijtsma út Aviemore (Skotlân) en de gedichten In healsliten aureooltsje fan Fedde Dijkstra fan Ljouwert en it waad fan Sytse Jansma fan Harns. Loco-boargemaster Hein de Haan hat op sneon 2 oktober de prizen útrikt yn de Oranjeseal fan it stedhûs. Lykas wenst binne alle bekroande ynstjoeringen opnommen yn it spesjale Relynûmer fan it tydskrift Ensafh.


22 july 2020
Relypriis 2020 foar twa ferhalen en ien fers 

De Rely Jorritsmapriisfraach hat dit jier trije winnende bydragen opsmiten, twa ferhalen en ien gedicht. Elmar Kuiper, Jorwert wint in Rely mei it ferhaal ‘Ni Hao’, Sjoerd Bottema, Weidum mei it ferhaal ‘Total loss’. Syds Wiersma út Ljouwert kriget de priis foar syn gedicht ‘It famke’. Foar de 66ste edysje fan de Rely Jorritsmapriisfraach wiene 88 ynstjoeringen ynkommen, 56 gedichten en 32 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Douwe Kootstra, Inge Heslinga en Rianne Blokzijl. De prizen fan € 1000 elk wurde op sneon 3 oktober útrikt, fanwege de koroanabeheiningen yn lytse rûnte.


23 july 2019 
Fiif winners fan Rely Jorritsmapriis 2019

LJOUWERT – Twa ferhalen en trije gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Ik doch it foar dy’ fan Elmar Kuiper út Jorwert en ‘Kimboeëwij’ fan Geert Nauta út Wergea. De winnende gedichten binne ‘Sleau mei lok’ fan Jetske Bilker (Achlum), ‘Wy kinne…’ fan Henk Nijp (Mantgum) en ‘Ik miende’ fan Remco Kuiper (Goutum).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 65ste kear útskreaun waard, wiene 81 ynstjoeringen ynkommen, te witten 56 gedichten en 25 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Karen Bies, Douwe Kootstra en Inge Heslinga. De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 5 oktober útrikt yn it doarpshûs te Weidum.


26 july 2018
Fiif winners fan Rely Jorritsmapriis 2018

LJOUWERT – Trije ferhalen en twa gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen In bysûndere moeting fan Sipke de Schiffart (Ljouwert), It weagjen fan de see fan Lomme Schokker (Hillegom) en De ereksje fan in oar fan Koos Tiemersma (Drachten). De winnende gedichten binne Kintsugi foar in diggelbast fan Paul van Dijk (Warkum) en Sa as di wynd fan dae vlkenum waait fan Edwin de Groot (Aldehaske). Foar de Rely Jorritsmapriisfraach wiene 63 ynstjoeringen ynkommen, te witten 36 gedichten en 27 ferhalen. It wie de earste kear dat de priisfraach ûnder auspysjes stie fan de gemeente Ljouwert, dy’t it bestjoer fan it Rely Jorritsmafûns oerkrigen hat fan de op 1 jannewaris 2018 opdoekte gemeente Littenseradiel. De sjuery bestie diskear út Tryntsje van der Steege, Karen Bies en Douwe Kootstra. De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 6 oktober útrikt yn it doarpshûs te Weidum.