JP Bike - шаблон joomla Видео

Rely Jorritsmapriis

Rely Jorritsma


Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de bêste fiif koarte ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd.

 

 

 

 

Bestjoer 

Oant 1 jannewaris 2018 wie it bestjoer fan it Rely Jorritsmafûns yn hannen fan it kolleezje fan b. en w. fan Littenseradiel, de gemeente fan syn bertedoarp Jellum. Nei’t de gemeente op 1 jannewaris 2018 ophâlden is te bestean, hat de gemeente Ljouwert - dêr’t Jellum no ûnder falt - de priis op ’e noed nommen en de útfiering opdroegen oan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum.

Spulregels

Skriuwers fan Fryske ferhalen of fersen kinne gading meitsje nei in Rely Jorritsmapriis.
De  bêste bydragen wurde beleanne mei in jildbedrach, te witten €1000, sawol foar in ferhaal as in fers.
Yn ’e beneaming komme oarspronklike gedichten en koarte ferhalen yn it Frysk.
It ferhaal of gedicht moat skreaun wurde yn Word.
Stjoer jo ferhaal of gedicht as bylage yn oer de e-mail:  Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
Set yn de e-mail ek jo namme, adres, wenplak en telefoannûmer. Dizze personalia bliuwe geheim, de ferhalen en fersen wurde anonym nei de sjueryleden stjoerd. Allinne de nammen fan dejingen dy’t in priis winne, wurde bekend makke.
It yn te stjoeren wurk mei net earder ferspraat of publisearre wêze, op ynternet stien hawwe, earne foarlêzen wêze of op in oare wize nei bûten ta brocht.
Elk mei net mear as ien gedicht en/of ferhaal ynstjoere. 
De ynstjoeringen wurde net weromstjoerd. Oer de útslach kin net korrespondearre wurde.
 

Publikaasjerjocht

It earste publikaasjerjocht fan de bekroande ynstjoeringen komt oan it bestjoer fan de Stifting Rely Jorritsma Fûns, sûnder dat der noch wer apart foar betelle wurdt. As it bestjoer net binnen it jier nei de publikaasje fan de útspraak fan de sjuery fan dat rjocht gebrûk makket, ferfalt it wer oan de skriuwer.