Winners Diet Huberpriis:

SKELTE SIWERIS BRAAKSMA WINT DE TWADDE DIET HUBER-PRIIS

De twadde Diet Huberpriis (2025) wie foar Skelte Siweris Braaksma (Marrum). Skelte wûn de priis mei it troch him skreaune en yllustrearre, printeboek ‘Redbad’ (Afûk, 2024). De sjuery bestie út Dolf Verroen, Margaretha Cats en Anna Marjan Bosma. De priis waard útrikt op freed 6 novimber 2025 yn Tresoar.

Nils Hart (r.) beppesizzer fan Diet Huber, oerlanget de oarkonde oan winner Skelte Siweris Braaksma (l.)

MIRJAM FAN HOUTEN WINT DE EASTE DIET HUBER-PRIIS

De earste Diet Huberpriis (2022) wie foar Mirjam van Houten (Beetstersweach, 1977). Mirjam wûn de priis mei it, troch har skreaune en yllustrearre, printeboek ‘By beppe útfanhûs’ (Afûk, 2021). De sjuery bestie út Susan van den Berg, Margaretha Cats en Dolf Verroen. De priis waard útrikt op tongersdei 20 oktober yn museum Belvédère yn Oranjewâld.