Sjueryrapport Rely Jorritsmapriis

Sjueryferslach Rely Jorritsmapriis 2024

Achte priiswinners, achte bestjoer fan it Rely Jorritsmafûns, achte oare oanwêzigen,

In heuchlike dei hjoed: de tradisjonele útrikking fan de Rely-priis op ‘e earste sneon fan oktober. Foar de 70e kear ha ferhaleskriuwers en dichters har dit jier wer oanmoedigje litten troch Rely Jorritsma silger om elk op syn of har wize gading te meitsjen nei in priis. Dêrmei folgje se in lange tradysje fan dichters en ferhaleskriuwers. Guon dêrfan binne nei in Rely-priis útgroeid ta nammen fan kwizekwânsje, oaren binne nea foar it fuotljocht kommen, mar allegear meiïnoar ha se wol de motor fan ‘e Fryske literatuer draaiende holden. De wearde fan Rely Jorritsma silger en syn legaat isdêrom net te ûnderskatten.

Yn in tiid fan swalkjend kultuerbelied en ûnwissens jout de Rely hâldfêst. It is in ‘Ynstitút’ wurden yn de Fryske literêre wrâld. Foar de kontinuïteit fan de literatuer yn in lyts taalgebiet as uzes is sa’n beaken fan net te ûnderskatten wearde. It stimulearret  hieltyd wer nije minsken om it paad fan ’e literatuer op te sykjen. In protte bekende nammen fan no binne mei in Rely-priis begûn.

 De sjuery bestie dit jier út Marrit de Schiffart, Gerbrich van der Meer en Oene Spoelstra. Se krigen 38 ferhalen en 51 gedichten ûnder eagen, gâns wikseljend fan kwaliteit. De tekoartkommings fan oare jierren kamen  no ek wer werom. In protte ynstjoeringen hiene te min each foar wêr’t in gedicht of ferhaal oan foldwaan moat om yn ‘e prizen te fallen.

De reden om mei te dwaan sil heel ferskillend wêze. Foar guon is de wille fan it skriuwen genôch, oaren sille har wurk hifkje litte wolle en faaks dêrnei ferbetterje. Skriuwen giet net yn it foarste plak om it winnen fan in priis. Skriuwen op himsels is prachtich wurk. De Rely sil foar harren in oantrún wêze om oan it skriuwen te bliuwen, ek al falle se net yn ‘e prizen. Tsjin dy groep fan skriuwers dy’t wol hegerop wolle is al faker sein yn eardere sjueryrapporten: lês in protte, ek de winnende ferhalen dy ‘t yn Ensafh publisearre wurde. Besykje út te finen wêrom’t dy gedichten en ferhalen wol in priis krigen ha en jo ynstjoering net. No’t rûnom skriuwkursussen oanbean wurde, is dat foar harren dy’t fierder komme wolle yn ‘e skriuwerij, in kâns om oan te gripen. Saakkundige dosinten lizze de finger op wat ferbettere wurde kin. Jo krije feedback dy’t freonen jo net jaan kinne.

Dan nei de ferhalen en gedichten.

Wêr sieten de tekoarten? By de ferhalen  seagen wy oer it generaal in geef Frysk taalgebrûk, de ferhalen rûnen gauris goed, mar sei it ferhaal ús net genôch om’t it tema of ûnderwerp net orizjineel genôch útwurke wie. In goed ferhaal moat net allinne technysk en taalkundich sûnder flaters wêze, mar hat ek in eigen toan en styl nedich dêr’t fuort it ûnderskied mei oaren út te lêzen is.

Oare ferhalen hiene in nijsgjirrich tema en geef taalgebrûk, mar te min fokus. Se hellen der tefolle by en dat makke it ferhaal der net sterker op.

Elke skriuwer hat syn eigen ‘hânskrift’ en makket it gedicht of ferhaal dêrmei unyk. By in protte ferhalen en gedichten koene wy dat net fine. It bleau stykjen yn it ferslach fan in barren, in weromtinken oan eartiids. Argewaasje yn it bejaardehûs, fertriet oer wat eartiids bard is, rûzje ûnder buorlju. Te praterich, te fertellerich en mei te min romte foar de lêzer foar eigen ynterpretaasje. In pear kear siet in ferhaal ticht by in priis, mar skeat dochs krekt te koart op ien of mear punten.

Ek by de gedichten wie der in te grut ferskaat yn lingte, kwaliteit en lêsberens. Gedichten  mei in nijsgjirrich tema, mar te klisjeemjittich en net evenwichtich genôch fan opbou. Te praterich en sûnder poëtyske sizzenskrêft. Orizjinaliteit komt ûnder oaren werom yn de unike ferwurking fan it tema. In moai foarbyld sjogge wy by de twa winnende gedichten Fiere wake fan Syds Wiersma en Mummy fan Gerrit de Vries. Beide ha de dea as ûnderwerp, mar beide gedichten ferwurkje dat tema op in folslein ferskillende orizjinele wize.

By de earste seleksje foel dus in grut tal ôf. Mar doe’t de sjuery 3 july yn Kampen by mekoar kaam, wie der genôch oerbleaun om oer te praten. Meardere teksten sieten sels tsjin in priis oan, benammen by de gedichten. Uteinlik wiene neffens de sjuery dit de bêste gedichten en ferhalen:

De gedichten: Waskersfersen fan Erik Betten,  Fiere wake fan Syds Wiersma, Servus fan Fedde Douwes Dijkstra, Yn elke hertslach fan Wietze Numan en Mummy fan Gerrit de Vries.

De ferhalen: Wollekje fan Geart Nauta, De skroei fan de loop fan Koos Tiemersma en Boat fan Jilt Jorritsma.

De gedichten.

Doe ‘t de sjuery in earste seleksje makke hie en in tsiental gedichten oerbleau dy’t fertsjinnen om better besjoen te wurden, seagen wy fuort al dat achter meardere gedichten dichters sieten dy’t lang gjin begjinners mear wiene. It nivo wie heech. Wy wiene bûn oan maksimaal 5 prizen, mar oars hiene faaks noch wol mear gedichten in priis krigen. Wy liezen mekoar gedichten foar, analysearren en sochten drege wurden op. Uteinlik bleaune de 5 gedichten oer dy’t in priis krije.

Waskersfersen troch Erik Betten

Dit is in bysûnder gedicht: in foarm fan esseeïstyske poëzij, dy’t yn ‘e Fryske poëzij net folle brûkt wurdt. Minsken binne hjir net it útgongspunt, mar in maatskiplike situaasje. Yn dit gefal nimt de dichter ‘wetter’ as tema, om dêrmei wat te sizzen oer Venetië, New York en Esonstad. Dy trije plakken steane symboal foar hoe’t de minskheid mei de wrâld omgiet en hoe ‘maakbaar’ wy dy makke hawwe. It gedicht begjint mei in sitaat fan Friedrich Nietzsche oer wetter en jout dêrmei fuort oan wêr’t it om giet. Ek de titel seit genôch: wy waskje ús yn ûnskuld.

It gehiel bestiet út in syklus fan trije gedichten, mei de titels Skuld yn Venetië, De pompen fan New York, Skjin Esonstad. Mei poëtyske bylden wurdt in nije laach oer de feitlike werklikheid lein. It gedicht docht tinken oan it wurk fan Walt Whitman. De maatskippijkrityk wurdt yn treffende ferpakt. Oer it massatoerisme fan Venetië seit de dichter bygelyks: Salang’t wy skommelje yn gouden stuoltjes/ en gondeliers genôch de boomers boomkje/ en Volare sjonge wolle/ wêrom dan ek net alles fleane litte? Sa wurdt ek fyntsjes de fersmoarging fan New York en de keunstmjittigens fan Esonstad poëtysk yn byld brocht.

It binne gjin maklik tagonklik fersen. Italiaanske ferwizings as aqua alta en La Serenissima, Amerikaanske ferwizings as masters of the universe, avenues en grid, ha in bredere betsjutting as it wurd allinne. Se jouwe it gedicht dêrmei in ekstra lading en litte dêrmei nochris it bysûndere fan dit gedicht sjen. De sjuery wie der fuort út dat dit gedicht in priis ha moast.

Fiere waketroch Syds Wiersma

Yn dit gedicht is de lêzer oanwêzich by it meast persoanlike momint yn in minskelibben: it ôfskie nimmen en oerjaan oan de dea fan immen dy’t jin leaf is. It gedicht is in rouklacht en in smeekbea  tagelyk. Yn twa strofen fan elk fjirtjin trochrinnende fersrigels folgje wy de dichter dy’t fan in stiennen brechje ôf sjocht hoe’t it swarte wetter ûnder him foarbij gliidt. It hat gjin kriich mear, it boartsjen is foarbij. Mei wurden dy’t ferwize nei wetter, tiid, ferfal, leechte, foarbijgean, wit de dichter in dramatyske sfear op te roppen. Wurden as: dyn sjongen dea sykheljen/ de keale keamer/ it wurge lûd fersterkje de sfear en jouwe de gefoelswrâld wer dêr’t de dichter yn ferkeart.

De twadde strofe jout in wending oan it gedicht. De dichter ropt de hoeder fan de wetters oan, it tij en alles wat/ syn paad nei ûnderen ta fynt. Hy smeket: nim ‘m oan/ syn aard en libbensrin, hy hat him ward/ De ferwizing nei de Grykske mytology wurdt dúdlik. De reis nei de Styx, de deadsrivier, en de oertocht, kin begjinne. Fan delling nei / delling sil it gean/ wat smelle brechjes om/ ús oer te setten

In oangripend en tiidleas gedicht dat klassyk neamd wurde mei.

Servus  – troch Fedde Douwes Dijkstra

As yn dizze wrâld alles op alles begjint te lykjen, no’t Ljouwert Wenen wêze kin of likegoed Berlyn, wêrom dan net groetsje mei Servus ast as dronkeman ûnder in brêge immen tsjinkomst dy’t skriuwer is. De ferteller bliuwt hingjen, se harkje nei it sunige skolferjen fan it wetter, sênes begjinne trochinoar te rinnen en poëtyske bylden steapelje har op. Se binne yn it kafee, se mimerje oer al wat fergie, besmodze findels fan leafde, stikkene medaljes op in beblette offisiersjas yn ranende snie.

Dan sjocht de haadpersoan de skriuwer noch in lêste kear, as it tsjuster daalt oer de ljochtstêd. Hy kriget in opdracht mei:

skriuwe silsto, alles sekuer sa’t it is: sa fielt in skonk/ dy’t mist, sa rint bloed yn ‘e maaitiid, sa dôvet it each! Trochde moeting mei de skriuwer leart er himsels kennen. Hy sjocht hoe’t er op ‘e rin is foar himsels en hoe’t alles ien kear wer werom komt.

In ekstra diminsje oan it gedicht jouwe de twarigelige strofen dy’t trije kear it ferhaal fan it gedicht ûnderbrekke. It binne yn poëzij ferpakte filosofyske útspraken dy’t ferwize nei Heraklitus en Nietzsche. Oer wetter en tiid en oer de minske dy’t foar himsels op ‘e flecht is. It gedicht einiget mei de rigels: sûnt pleagje my de wurden dy’t ik aloan hear:/ wat wêze sil hat west en al wat wie komt wer.

Yn elke hertslach  – troch Wietze Numan

Dit gedicht giet oer de ûngelikense striid tusken begearen en fatsoen. Oer de langst yn ús hert nei de oare dy’t soms sa tichtby is en dochs sa fier ôf. In man tusken twa froulju, in geheim dêr’t allinne it hert fan wit. Fuort yn ‘e earste trije rigels wurdt de situaasje al dúdlik. De dichter seit it sa:

It is in deidream dêr’t ik hieltyd yn en/ út fal, as yn dyn eagen de frou by de line/ ferskynt. Drippen fan ferlerne jierren falle/ op har skouders. En sa fierder.

It knappe oan it gedicht binne de poëtyske bylden sa as: As dan sandaaltsjes driftich krieze/ en gûle yn it bûnte grint, jaget har sêfte stim/ fertriet oer’t grêf, ferline en takomst yn. Sa fertelt it gedicht in ferhaal oer skyn en iensumens, sûnder dat dy wurden ea útsprutsen wurde.

Mummytroch Gerrit de Vries

Mummy is in gedicht dat mei in minimum oan wurden in maksimum oan effekt berikt. De rigels binne koart, de bylden ienfâldich. Eigenskipswurden om mear kleur en sfear oan te bringen, wurde amper brûkt. De rigels wurde sa ôfbrutsen dat de oandacht fan ‘e lêzer twongen wurdt om nei it detail te sjen. Wy sjogge in frou by de kiste stean fan har ferstoarne man. Se sjocht hoe’t er der by leit en wy folgje har gedachten. Hoe’t er optúgd is en moai makke. Mar, tinkt se, dyn jaske falt dy/ te rom om ‘e skouders/ dyn strik soest sels sa/ nea knoopje./ soest dy sa yn it iepenbier net fertoane wolle.

 Bysûnder oan dit gedicht is ek de titel. Yn it gedicht sels komme gjin ferwizings foar nei de titel Mummy, mar de titel is koart, twingend en de lêzer ûntkomt der net oan nei in ferbân te sykjen tusken titel en gedicht. In farao waard balseme en moai makke om ‘e ûntbining tsjin te gean om de persoan ivich by jin te hâlden. Ek de man leit der op syn moaist by. Mar is dat echt sa? It is net de man dêr’t de frou mei libbe hat. Efter it masker fan de opsmûkte dea siket sy it minsklike fan har man werom. Sa wol de frou har man ek by har hâlde. Hy wie wol gjin farao, mar hy liet as tsjerkfâld it baarhok opknappe.

De sjuery fûn it in priis wurdich.

De ferhalen.

Moai gau al wie de sjuery it iens oer twa ferhalen: WOLLEKJE  fan Geert Nauta en DE SKROEI FAN DE LOOP fan Koos Tiemersma. Trije ferhalen bleaune oer dy’t mear tiid fregen. Fan dy trije bleau Boat fan Jilt Jorritsma oer. Dêroer aanst mear.

Wollekje – troch Geert Nauta

Esmeralda, ropnamme Esmy, wurket yn ‘e jeugdhelpferlining en kriget op in dei in nij famke yn behanneling, Amber, fyftjin jier âld. Fuort geane har gedachten werom nei trettjin jier lyn, it lêste jier op ‘e Havo en nei Wollekje, it famke dat samar yn ‘e klas opdûkte en letter ek samar wer wei wie. Yn in lange flash back fertelt Esmy oer dat lêste jier op skoalle. It foarmet de kearn fan it ferhaal.

Fiif fammen op ‘e drompel fan ‘e folwoeksenheid: Gea, Metty, Doortje, Irene en de ik-persoan  Esmy, de fertelster fan it ferhaal. In gang of five, altyd de mûle iepen, oeral it oardiel oer klear en selden posityf. Skerp en sarkastysk, nei in oar en nei mekoar. Net út it fjild te slaan.

En dan ynienen op in dei ferskynt in nij famke yn ‘e klas: Zara, dy’t seit dat se Wollekje neamd wurde wol. Yn alles oars as de oaren. Stil, sûnder boeken of skriften. Se sit ta it rút út te sjen en is mear net op skoalle as al. De froulju hawwe harren oardiel klear. Mar dan nimt Vera, in oare klasgenoate, Wollekje  ûnder  har hoede. Zara en Vera, in soarte fan Woezel en Pip, sizze de froulju. Mar it sil bliken dwaan dat de ynfloed fan dy twa stadich de hechte fammegroep oan it raffeljen bringt. Stadich lûkt Esmy mear nei Wollekje ta en begjint de groep mear en mear út mekoar te fallen. Letter seit Esmy: Dit waard in jier fan ôfskie nimmen. Wie dat sa slim?Neuh.

It is gauris skreaun mei in heel eigen jargon, it nonsjalante spat derfan ôf en dat slút prachtich oan by de wrâld fan dizze leeftydsgroep. It is ek in ferhaal oer groepstwang en it sykjen fan jins identiteit op ‘e drompel fan ‘e folwoeksenheid, de ûntjouwing fan in puber nei in folwoeksene. ‘Ontbolstering’ is in wurd dat yn de tekst brûkt wurdt sûnder al tefolle betsjutting, mar it is it kaaiwurd fan it hiele barren. In tagonklik skreaun ferhaal yn geef en linich Frysk.

Boat – troch Jilt Jorritsma

Ien as twa kear yn ‘t jier boekt de ferteller yn Boat in pear nachten op ‘e Stânfries. De Stânfries is de boat dy’t eartiids yn eigendom wie fan de famylje yn it ferhaal. No is it in soarte fan tiny-house wurden. It skip stiet op in trailer yn in greide flakby Harns en kin hierd wurde. De ferteller hat der in protte argewaasje fan dat de boat net mear yn it wetter leit en dat se him kwyt rekke binne troch de skulden fan ‘e heit. Dy rekke oan de ein fan syn libben oan ‘e drank. By syn dea die bliken dat de skulden sa oprûn wiene, dat de boat fuort moast. Jierren hie de heit jûns nei it wurk deroan wurke. In betsjoenende boat foar de ferteller en it wie net te fernearen dat dy boat dêr no sa lei. Dy boat soe by heech en by leech werom. Al soe it mar wêze dat syn soan mei in goed gefoel oan pake werom tinke koe.

De ferteller kiest foar in like orizjinele as absurde oplossing. Elke kear as er op ‘e boat komt demontearret er in stikje en bout sa stadich thús de boat wer op. Dan komt de lêste kear, der binne al aardich skulden troch al dy boatbesites, mar hawar. Dan sjocht er dat er it wichtichste fergetten hat: it buordsje mei De Stânfries.

Lit Boat him oanfanklik lêze as in realistysk ferhaal, stadichoan wurdt dúdlik dat de ferteller in absurdistyske toan oanslacht mei in serieuze ûndertoan: sa is de minske dus, mei al syn goede bedoelingen slacht er de planke soms fier mis. It ferhaal is goed skreaun en tige tagonklik. De sjuery kent graach in priis ta oan dit ferhaal.

De skroei fan ‘e looptroch Koos Tiemersma

Hy wennet yn ‘e ûnderbuert, oan in strjitte dêr’t sels doarwarders har net fertoane, simpelwei omdat der neat te heljen is. De âlde Chevrolets en Buicks binne de muoite fan it opheljen net wurdich, de telefyzjes dêr’t se hjir nei sjogge te grut, de waskmasines te âld.

Mei dit begjin lûkt de skriuwer ús fuort it ferhaal yn. Wy binne telâne kommen yn in wrâld dêr’t de lonten koart binne, de messen skerp. It monotoane dreunen fan it ferkear hat de oerhân. Nammebuordsjes sjocht men hjir net. In wrâld dêr’t men it bêste anonym bliuwe kin.

Hjir wennet de anonime haadpersoan. Alle dagen giet er mei de bus nei syn wurk: kantoaren skjin meitsje yn in wrâld dêr’t de kopersjike nammebuorden oantsjutte hoe grut it ferskil mei syn eigen wrâld wol net is. De minsken dy’t dêr wurkje kenne him net. En stadichoan stekt de ûnfrede as in kâlde wyn yn him op, makket him opstannich sûnder dat oaren der wat fan fernimme. As de hele ploech oankundige wurdt dat se oer fjirtjin dagen dien krije, brekt der wat yn de man. Wat dan yn it twadde part fan it ferhaal bart is ferrassend, spannend en tige geweldadich. Yn in dinderjende styl dy’t perfekt by de ynhâld fan it ferhaal past geane wy ta op it dramatyske ein.

De skroei fan de loop is in maatskippijkritysk ferhaal yn in twingende styl. Tige byldzjend en mei in protte each foar detail. In tige lêsber ferhaal dat de uterste konsekwinsje sjen lit fan in maatskippij mei grutte ferskillen en minsken dy’t by mekoar lâns libje.

It sit derop. De sjuery hat it wurk  mei nocht dien en hopet dat de winnende gedichten en ferhalen in protte minsken ûnder eagen komme sille.

Sjueryferslach Rely Jorritsmapriis 2023

Achte priiswinners, achte bestjoer fan it Rely Jorritsmafûns, achte oare oanwêzigen,

Mei 89 ynstjoerings, fan 33 ferhalen en 56 gedichten, wie de rispinge fan ’e Rely Jorritsmapriis dit jier aardich grutter as ferline jier, doe’t ek 33 ferhalen, en ‘mar’ 40 gedichten ynstjoerd waarden. As sjuery hawwe wy ferline jier al skreaun, dat it tal ynstjoerings fansels neat seit oer de kwaliteit fan it wurk.

De sjuery bestie dit jier út Marrit de Schiffart, Oene Spoelstra en Beart Oosterhaven. It is by de ‘Rely’ tradysje, dat it langstsittende sjuerylid foarsitter is en by it útrikken fan ’e prizen it sjueryferslach foarlêst. Dat bin ik, Beart, dus diskear.

Wy as sjuery wiene tige op ’t skik mei it grutte tal ynstjoerings en koene fêststelle, dat de ynstjoerde ferhalen oer ’t generaal ‘foldroegener’ wiene as dy fan ’e lichting 2022. Der liket foarútgong te sitten yn ’e algemiene kwaliteit, sawol wat de taal as de styl/komposysjefeardigens oanbelanget. Dochs hawwe wy net it maksimum fan fiif prizen foar de ferhalen takenne kinnen. Dat hat te krijen mei de folgjende saken: frijwat fan ’e teksten wiene nei ús betinken te útlizzerich en oare somtiden (fiersten)te lang. Fierder hawwe wy konstatearje moatten, dat yn gâns teksten de alinea’s misten en dat der te min in begjin, midden en ein yn te finen wie.

Der wiene ek in soad beskriuwings fan ’e omjouwing, it waar en/of uterlik fan in persoan. Dy makken guon ferhalen der net nijsgjirriger op. En dan wiene der noch teksten dy’t net fierder kamen as in samling fan losse opmerkings of sênes, sûnder al te folle gearhing. Yn oare ferhalen waard de kearn of it sintrale probleem net dúdlik makke, wie it taalgebrûk te min nuansearre of hie de tekst ynhâldlik in slim populêr karakter.

Nei lang deliberearjen koene wy úteinlik twa ferhalen foardrage foar in priis: ‘Nachtskaad’ troch Koos Tiemersma en ‘It lûd’ troch Tryntsje van der Steege.

Wat de ynstjoerde gedichten oanbelanget, hawwe wy fêststelle moatten, dat frijwat dêrfan ‘notysjes’ wiene, sûnder fierdere útwurking of abstrahearring; gâns gedichten binne, om sa mar te sizzen, yn ’e oanhef hingjen bleaun, der sit gjin of amper ûntjouwing yn.

Fierder foel ús op, dat yn in soad gedichten in eigen styl of toan miste. Se wiene technysk soms hiel goed, mar ynhâldlik ‘stie’ der net mear as wat der stie. Guon gedichten kamen ek net fierder as it notearjen fan in oantinken.

Gauris ek stiene yn ’e gedichten bylden út ’e natoer sintraal: it waar, de eleminten. Nostalgy spilet dêr soms ek yn mei. Mar in gedicht moat, neffens ús, mear wêze as allinne in moaie natoerbeskriuwing.

In stikmannich gedichten wiene te eksplisyt. Dan wie it te dúdlik wat de dichter/es sizze woe en bleau der foar ús as sjuery eins neat te rieden mear oer. (Dizze sjuery is fan betinken dat (poëzij)keunst it ‘riedsel’ fergrutsje mei.) Moaie wurden en bylden kinne lykwols ek tefolle wêze. Ienfâld bringt jin by de essinsje.

De bêste ynstjoerde ferhalen wiene neffens de sjuery, lykas sein: ‘Nachtskaad’ en ‘It lûd’.

Fan ’e gedichten wiene wy yn ús beried op 1 july úteinlik tige te sprekken oer: ‘hapke fan neat’, ‘fers om te ferjitten’, ‘hoe’t it liket’, ‘De winter sil yn jute sliepe’ en ‘in symfoanysk akwarel fan dyn toarst’.

No, koart kriemend, noch in wurdmannich oer de priiswinnende ferhalen en gedichten. Te begjinnen by de

FERHALEN

Nachtskaad – troch Koos Tiemersma
‘Nachtskaad’ is in flot skreaune thrillereftige monolooch mei in houliksdrama as tema. De foarm soe ek gaadlik wêze kinne foar toaniel. It ferhaal lêst as ’t spoar (der sit in soad gong yn) en de taal is poerbêst. De karakters fan sawol de haadpersoan as de ‘petearpartner’ binne hiel goed sketst. De allinnespraak ferfeelt gjin tel en der sit ek humor yn it ferhaal. Neffens de sjuery sûnder mear in priis wurdich.

It lûd – troch Tryntsje van der Steege
In goed skreaun, futuristysk ferhaal oer de kwetsberens fan in wrâld dy’t it stjoer oerjûn hat oan ’e technology en ’e dramatyske/apokalyptyske gefolgen dy’t dat hawwe kin: in oansprekkend tema. De taal is geef en linich Frysk, mei hjir en dêr in Hollanisme, mar dêr woe de sjuery gjin messen om lûke.

GEDICHTEN 

hapke fan neat – troch Benny Holtrop
Yn it gedicht ‘hapke fan neat’ brûkt de dichter de krokodillebek as metafoar foar de leafde: soms alles ferslinend, in oare kear binne it mar lytse hapkes, dy’t priuwe nei mear. Meast langet de leafde nei mear, mar in oare kear is men der deabenaud foar. De leafde is gauris flechtich, mar djip yn himsels hopet de dichter dat de leafde him op in dei geweken nimme sil. ‘Hapke fan neat’ is in ‘echt’ gedicht, mei in ynlieding, romp en útlieding (tapassing). By faker lêzen krijt it jin hieltyd mear yn ’e besnijing.

fers om te ferjitten – troch Fedde Dijkstra
In gedicht dat jin it wurk fan Rilke yn it sin bringt. It is technysk knap skreaun. Troch rym en werhelling krijt it wat klassyk-muzikaals. It al of net efterlitten fan in fuotprint en ’e tydlikens dêrfan is in moai en aktueel tema.

hoe’t it liket – troch Ypie Bakker
Dit achte de sjuery in nijsgjirrich gedicht. It springt derút nei oanpak en tematyk. It is in abstrakt fers dat amper ferwiist nei minsken of omstannichheden. Taal is it haadtema. It gedicht bestiet út in rige fan aktive tiidwurden dy’t nei klank en foarm deun byinoar lizze. Hieltyd giet it om kontrastearjende betsjuttings: it iene tiidwurd ferwiist nei it technysk hanneljen, it nei-oan lizzende tiidwurd ferwiist nei it minsklik domein. It is in filosofysk gedicht oer hoe’t taal wurket en hoe’t wat earst liket hiel wat oars wêze kin. Oer ynterpretaasje, ferskowen fan betsjutting.

In priis om ’e orizjinaliteit fan oanpak en tema.

De winter sil yn jute sliepe – troch Remco Kuiper
In moaie titel. In moai en yntym gedicht oer de ienheid fan ’e boer mei de ierde. In tema dat hjoed de dei wer tige aktueel is (streekgewaaksen). De dichter beskriuwt hoe’t de boer mei grutte leafde dwaande is mei it poatersetten. Wy sjogge hoe’t er – ien en al soarch en noed – mei de hannen yn ’e grûn dwaande is, yn it besef fan syn lytsens foar de natoer oer. De sinne baarnt bloedich en ’e hagel jaget oer de âlde skuorren, mar hy wit, dat aanst de ierde wer foar him iepenbrekt en hy de sêfte skilen fan in nije rispinge mei beide hannen opdolt. De titel drukt soarch út fan ’e boer foar syn lân en fruchten. Hy bewurket it sa, dat de grûn as yn jute (symboal foar waarmte) de gisels fan it waar goed trochkomme sil. ‘De winter sil yn jute sliepe’ is in oer alle boegen slagge fers.

in symfoanysk akwarel fan dyn toarst – troch Sytse Jansma
Yn in sprankeljend taalspul fan kleur- en lûdfarianten wurdt yn it gedicht ‘in symfoanysk akwarel fan dyn toarst’ in fariant tapast op ’e technyk fan ’e ekphrasis út ’e antike retoarika. Dêr waard yn besocht om ’e essinsje fan in skilderij of byld fia in oar medium út te drukken, meast troch in beskriuwing of gedicht. Hjir wurdt de persoan foar wa’t it gedicht ornearre is, oerrompele mei kleur- en lûdfarianten. De fraach hoe’t útdrukking jûn wurde moat oan it begryp ‘toarst’ kin allinne mar oplost wurde troch in klanklimonade fan trombônetinten.

De sjuery hat mei nocht it grutte ferskaat besjoen en har gauris ferrasse litten. Wy hoopje dat takom jier de Rely-rispinge wer like ryk wêze mei as dit jier!

Mei út namme fan ’e oare sjueryleden sis ik jimme hertlik tank foar jimme oandacht.

Beart Oosterhaven (foarsitter)

Marrit de Schiffart

Oene Spoelstra

Sjueryferslach Rely Jorritsmapriis 2022

Mei 73 ynstjoeringen yn totaal, fan 33 ferhalen en 40 gedichten, wie de rispinge fan de Rely Jorritsmapriis dit jier justjes lytser as it ôfrûne jier, doe’t hast 100 minsken it der op weagen en doch in goai nei de winst. De mannichte seit fansels neat oer de kwaliteit. De sjuery, besteande út Beart Oosterhaven, Oene Spoelstra en my Rianne Blokzijl, is fan betinken dat it nivo fan de ynstjoerde wurken dit jier heger lei as it foargeande jier. Dêr moat al by sein wurde dat it nivo fan de ynstjoerde stikken dit jier (ek) wer bot útinoar rint. Wy koene úteinlik fjouwer ferhalen en allyksa fjouwer gedichten foardrage foar in priis.

Tusken de ynstjoeringen sieten prachtige foarbylden fan de mooglikheden dy’t men mei taal hat. In protte kreativiteit, boartsjen mei taal en ynhâld en fernijend(e) proaza en poëzij. Guon wurken koenen troch de sjuery unanym as priiswinner bestimpeld wurde, oare waarden besprekgefallen, dêr’t de sjuery him oer bûge moast. Men sjocht frij flot oft eat goed is of net, mar it kin wolris sa wêze dat in bepaalde mjitte fan subjektiviteit in rol spilet by it beoardieljen fan in ynstjoering. Troch alle ynstjoeringen by de kop te hawwen, kin men dy subjektiviteit min ofte mear filterje. Dat de sjuery, dy’t frijwat divers is, it oer fierwei de measte ynstjoeringen fuortdaalks iens wie, seit in soad oer de kwaliteit.

De ynstjoerde ferhalen wienen kwa lingte divers. Sa wie der in ferhaal by dat wol tritich siden besloech, wylst in oare ynstjoerder oan ien side genôch hie. De sjuery hat ek allerhanne tema’s foarby kommen sjoen. Guon tema’s binne bekend, lykas de leafde foar Fryslân, it libben en de dea, leafde en langstme. Mar der wienen dit jier ek gâns ferhalen mei ferassende en fernijende tema’s. Twa hiel aktuele tema’s yn dizze rispinge wiene de transysje fan man nei frou en seksting.

Mear as foargeande jierren waard skreaun út in oar perspektyf as dat fan de minske sels wei. Sa hawwe wy it libben fan in blêd oan in ikebeam folge en witte wy no hoe’t in drip him fielt as er yn ’e winter befriest en skieden wurdt fan syn grutte leafde. Ien ynstjoering joech ús ynsjoch yn it bisteryk. Opfallend wie dat in soad ferhalen sa út it libben wei grypt wêze koenen. Datsoarte fan ferhalen ûntbruts it faak oan djipgong en in goed plot en dy wienen yn in protte gefallen dan ek net goed genôch foar in priis. Foar de Rely binne wy op ’e syk nei dy ferhalen dy’t krekt dát bytsje ekstra hawwe. Dat bytsje ekstra berikt men net troch in deistige situaasje sljochtwei op papier te setten.

By de gedichten rûn de kwaliteit en de lingte en styl ek bot útinoar. Sa wienen der proazagedichten, in protte tradisjonele gedichten, mar ek nijere foarmen, dêr’t men as skriuwer wat mear lef foar hawwe moat. In tige breed skala dus.

De bêste ynstjoerde ferhalen wienen neffens de sjuery: ‘De dûns’, ‘De sjongende ridder’, ‘Skaakles’ en ‘Scapa Flow’. Fan de gedichten wienen wy yn ús beried op 1 july tige te sprekken oer: ‘wy bin’ klaai’, ‘Vox Celeste’, ‘Biografy’ en ‘In winter’.

FERHALEN
De dûns – troch Wilco Berga
‘De dûns’ fertelt it ferhaal fan in dochter dy’t, nei de dea fan har ferfrjemde heit, yn dy syn atelier en hûs telâne komt. Har mem hat se nea goed kend, omdat dy, neffens har heit, betiid ferstoarn is. Troch it lêzen fan heit syn deiboeken en oantekeningen krijt se wat mear ynsjoch yn it libben fan har heit en se hopet op dy wize ek ynsjoch yn dat fan har mem te krijen. Dat lêste slagget net. As se op in dei in fotoreportaazje dwaan moat yn it âldereintehûs, slacht de skrik har om ’t hert. ‘De dûns’ is net perfoarst in spannend ferhaal, mar it is goed skreaun, helder fan struktuer en nijsgjirrich wat de ferskillende ‘lagen’ oanbelanget.

De sjongende ridder – troch Sjoerd Bottema
In ferhaal bysûnder fan tematyk en komposysje. Yn ‘De sjongende ridder’ is de taal it haadpersonaazje. In goed ferhaal is it net perfoarst en de psychology en de plot binne net fan belang. Der wurdt in soad boarte mei de taal en it fertelperspektyf. It is in absurd mearke foar folwoeksenen. It aventoer fan de fjouwer susters Graanstra, dy’t, op midsiuwske teksten sjongend, yn de bosk op harren prins sitte te wachtsjen, mar oerfallen wurde troch boerehufters, nammentlik de fjouwer bruorren Hoytinga. Uteinlik bringt De sjongende ridder rêding.
It is in folslein ûnkonvinsjoneel ferhaal dat him oan gjin inkelde sjenre-yndieling hâldt. It wykt ôf fan alle oare ferhalen dy’t ynstjoerd binne. De taal is assosjatyf, sprankeljend en boartlik. Troch de kontrasten wurde komyske effekten berikt. As in suertsjekleurige strip rôlje de bylden foarby. In folslein oarspronklike tekst dy’t konsekwint alle gongbere fertelkonvinsjes oerheap smyt, tige komysk wurket en jin by bliuwt.

Skaakles – troch Sipke de Schiffart
It ferhaal fan de skaker mei syn sosjale foby, dy’t troch syn maat frege is om in skaakles oer te nimmen. Om syn foby wat te oerwinnen, nimt er in slokje (of twa) foardat er oan de ynfalles begjint. Hy ferliest syn rem en hy docht alle war om de les sa goed as ’t kin troch te kommen. Dat wol lykwols net alhielendal slagje.

In orizjineel ferhaal dat wat tema en útwurking oanbelanget in eigen toan hat. It sterke oan it ferhaal is dy toan: it fanselssprekkende fan it fertellen. De konsekwint folhâlden gekte fan de haadpersoan.
It personaazje wurdt fuort goed delset en nimt ús mei yn syn twastridigens fan yntelligint persoan mei in sosjale steurnis. Troch de fanselssprekkendheid dêr’t it mei skreaun is, is it ferhaal tige goed te lêzen en hat men it gefoel dat men by de skaakles oanwêzich is.

Scapa Flow – troch Geert Nauta
In goed skreaun ferhaal dat oan de ein oerkomt as in klassike trageedzje.

De oanpak – mei in grutte ynformaasjetichtens yn in (te) koarte tiid – is eins gaadliker foar in roman of novelle, mar fanwegen de kwaliteit fan it ferhaal fûn de sjuery dit wol in priiswinner. It is, lykas sein, goed skreaun en lêst dêrby ek lekker flot.
Inez is werom gien nei Orkney, nei’t har freon Steven dêrfoar ferûngelokke is by it dûken. Se wennet dêr in jier of acht, wurket as dûkynstruktrise en hat har âlde libben yn Nederlân as sello-studint farwol sein. Underwilens hat se Seamus kennen leard. Yn dit ferhaal siket se him wer op yn Scapa Flow. De beide libbens komme fragmintarysk foarby. Se fine mekoar wer. Letter binne se wei en wurde dea fûn. De ein fan it ferhaal is foar de sjuery akseptabel, troch wat dêrfoar ferteld is.

GEDICHTEN
wy bin’ klaai – troch Edwin de Groot
In fisueel gedicht, nijsgjirrich fan foarm en ynhâld, dat ôfwykt fan oare ynstjoeringen. It fers jout letterlik en figuerlik in soad romte foar eigen ynterpretaasje en set jin oan it tinken.

Vox Celeste – troch Fedde Dijkstra
In foarmfêst fers. Yn de klassike styl fan it sonnet bringt de dichter har of him wer yn ‘t sin hoe’t sy/er as bern helpe mocht om it Liebmann hûsoargel lucht yn te blazen en sa ta libben te bringen. It moaie oan it gedicht binne de ûnderskate ‘lagen’: it wûnder fan de muzyk en de himelske stim dy’t sy/er heart, mar ek de tydlikens fan alles en it dreamen om noch ien kear dy godlike stim hearre te kinnen.

Biografy – troch Elmar Kuiper
Yn dit proazagedicht fan 12 fjouwerrigelige strofen rint de dichter syn libben wer troch fan it begjin ôf. Yn ien strofe rôlje Dynasty, Metallica, mem yn mânselheech mais en de sykte fan heit oer mekoar hinne. Poëtyske bylden en deistige taal binne as in fanselssprekkende kollaazje ferbûn. In gedicht mei in hiel eigen toan en foarm, dat neffens de sjuery goed passe soe op in Spoken Wordmanifestaasje.

In winter – troch Minne Velstra
Yn de foarm fan in fêste struktuer fan fjouwer fiifrigelige strofen sketst de dichteres of dichter hoe’t sy of hy yn ‘e winter besiket de waarmte yn te heljen en dêrmei it lok.

Rianne Blokzijl
Beart Oosterhaven
Oene Spoelstra

Rapport fan de sjuery fan de Rely Jorritsmapriisfraach 2021

In man, dy’t syn hiele besit net oan de tsjerke, net oan it Griene Krús, net oan syn húshâldster tamakke, mar oan de Fryske skriuwers, it moat wol in útsûnderlik man west hawwe”, skreau Jan Piebenga yn 1955 oer de Jellumer skriuwer en keunstner Rely Jorritsma. Alhoewol’t de beweechredenen fan Jorritsma lang ûnderwerp west hawwe fan literêre polemiken, is it wol sa dat wy hjir no, yn 2021, foar de 67ste kear in jildpriis útrikke kinne foar in prestaasje yn de Fryske literatuer.

Dit jier hat dizze Rely-priis hast 100 skriuwers motivearre om harren gefoelens, tinzen en anekdoates – yn it Frysk of yn ien fan de streektalen yn Fryslân – oan papier ta te betrouwen en dêrnei oan ús, de sjuery, foar te lizzen. Wa’t dy ynstjoerders binne? Manlju, froulju of non-binêr, leeftyd, seksuele aard of kleur fan it fel… dat bliuwt in grut fraachteken foar ús oant it parseberjocht fan de stifting FLMD oer de winners klear is. Nei de ynstjoeringsdeadline yn maaie waarden de ynstjoerde bydragen nammentlik troch in amtner fan de gemeente Ljouwert anonimisearre, útprinte op wite A4’kes en yn in grutte blanko slúf trochstjoerd oan de sjueryleden.

2021 hat in knappe rispinge fan mar leafst 97 ynstjoerings oplevere. 34 koarte ferhalen en 63 gedichten hawwe wy troch ús hannen hân. Mei in grut ferskaat oan aktuele en nostalgyske tema’s: koroana, autisme, aaisykjen, it ferlies fan in dierber persoan, it Fryske plattelân, de ûnmacht fan it yndividu, de syktocht nei leafde of identiteit, fersteurde relaasjes of eigen tekoartkommingen. En ek dit jier kinne wy net ûntkenne dat guon fan ’e ynstjoerde ferhalen en gedichten ús pikefel joegen, ús triennen yn de eagen besoargen, of ús lûdop oan it laitsjen makken. As taskôger, as lêzer, binne wy fereare om op sa’n wize diel út te meitsjen fan al dy ferskillende wrâlden en kreative prosessen. Mar binne dat dan ek allegear winners? Nee.

Yn 1939 notearre Rely Jorritsma al yn syn deiboek dat it mei it Frysk noch te folle “poatsjebaaien” wie en it “swimmen” wêze moast. Mear as tachtich jier letter komt de sjuery wer, of noch altyd, ta deselde konklúzje. In ferhaal of gedicht moat goed fan taal wêze en dêr ûntbriek it by in soad ynstjoerings noch wolris oan. De sjuery is fan betinken dat it dochs wol in betingst is om ’e skriuwtaal op sa’n wize yn ’e macht te hawwen, dat dy net stiiffol staverings- en ynterpunksjeflaters sit, ear’t in stik foar de Rely Jorritsmapriis ynstjoerd wurdt.

Ek ynhâldlik wie it mar al te faak ‘poatsjebaaien’. Skriuwers dy’t al te foarsichtich besykje om mei ien tean it literêre wetter oan te reitsjen, bliuwe faak hingjen yn anekdoatyske ferhannelingen oer fiere oarden en de tiid fan doe, jitte hookstrooks in koer mei fantasy of byldspraak leech oer de lêzer of bringe in semy-mysterieuze ik-ferteller op it aljemint om, sa liket it hast, elke foarm fan fierdere djipgong te mijen. Krekt as mei swimmen is ek skriuwen in feardigens om te oefenjen en ja, dan geane je sa no en dan kopke ûnder. Ien kin it net leare troch altyd mar op it drûge te bliuwen. Lês it wurk fan oaren en sykje ris om in krityske mei-lêzer of in korrektor, is ús advys dan ek oan dizze ynstjoerders.

Gelokkich wiene der ek dit jier wer genôch nijsgjirrige ynstjoerings dy’t foar in priis yn ’e beneaming kamen. In wedstriid as de Rely-rally bliuwt nammentlik in sjuerysport en dêr leit ek de reden wêrom’t it oantal winners alle jierren fluktuearret. Trije sjueryleden mei in totaal oare eftergrûn, referinsjeramt en persoanlike foarkar, moatte meielkoar ta in oardiel komme. En dat kin ta diskusjes liede. Hokker teksten stekke boppe de midsmjitte út? Fertsjinnet in ynstjoering in grutter publyk? Is dit it nivo dat wy sykje en dêr’t wy grutsk op wêze kinne? Romte foar in oanmoedigingspriis is der, spitigernôch, net. Guon ferhalen of gedichten falle dêrtroch krekt bûten de boat mei prizen, mar ferdwine hooplik net foar ivich yn in laadsje. Mar oft dat al of net bart, is no oan de skriuwers sels en leit bûten de macht fan dizze sjuery.

Rianne Blokzijl
Inge Heslinga 
Beart Oosterhaven

July 2021

—————————————-

Ut de rispinge fan 2021 kin de sjuery dizze trije moai-dúdlike priiswinners oanwize yn de kategory Proaza:

Ferhalen

In frjemde fûgel – troch Elmar Kuiper
Dat aaisykjen ek in obsesje wêze kin, leart ús it haadpersonaazje Wietse yn it ferhaal ‘In frjemde fûgel’. Syn syktocht nei de moaiste ljipaaien wurdt allinnich ûnderbrutsen troch in koarte flirt mei in dame dy’t hy online moete hat. Alhoewol’t dizze Wietse mar al te graach in sydsulver ha wol, bliuwt syn passy op in hast bernlike wize ynstean tusken himsels en de gewoane bûtenwrâld. Dit linich skreaune ferhaal is sterk fan opbou, der is dúdlik oer de foarm neitocht, en it is goed fan taal en byld. De detaillearre beskriuwings fan it hanneljen fan de personaazjes, fan de romtes dêr’t sy harren yn bejaan en fan de natuer dy’t oeral om Wietse hinne is, soargje dat de lêzer yn de hûd fan de ik-persoan krûpe kin en der mar dreech útkomt.

Crossroads – troch Gerrit Hoekstra
Cyberpeste en slutshaming: de tematyk yn ‘Crossroads’ is bysûnder aktueel: jongfolwoeksenen dy’t hjoeddeiske kommunikaasjemiddels brûke om in oar mei sin en publyklik te fernederjen en harren net realisearje dat soks resultearje kin yn depressive klachten by it slachtoffer. Fjouwer ferskillende fertelperspektiven wikselje elkoar ôf yn dit ferhaal, oersichtlik skaat troch de boartlike foarm en typografy. De oanrin nei in úteinlike klimaks is al te fielen yn de earste alinea. De opbou fan it ferhaal, en dan benammen de soarchfâldich komponearre monologen, soargje dat ‘Crossroads’ (wêrom dochs in Ingelske titel?) oan ’e ein ta spannend bliuwt.

Op frijersfuotten – troch Bregtje Sijtsma
It ûngemak fan in earste ôfspraak yn de syktocht nei in partner is yn dit ferhaal tige goed werjûn. Mei in soad humor wurdt yn skerpe dialogen beskreaun hoe’t in treffen tusken de stedske Hannah en de – yn syn eigen eagen – aventoerlike Roy folslein mislearret op in kuiertocht yn de Skotske Heechlannen. De auktoriale ferteller is ûnmiskenber op syn bêst op de mominten dat hy syn protagonisten mekoar karakterisearje lit: mei rake, somtiden hurde en hast synyske typearrings fan uterlik en gedrach. ‘Op frijersfuotten’ is flot skreaun, byldzjend en maklik lêsber en soarget dat de lêzer mei nocht dielgenoat wêze wol fan dit ferhaal.


Gedichten
Fan ’e mei-inoar 63 ynstjoerde gedichten, in tal dêr’t de sjuery tige mei op ’t skik wie, wurde de neikommende trije foardroegen foar in priis:

In healsliten aureoaltsje (op ’e tee by W.) – troch Fedde Dijkstra
It langere gedicht ‘In healsliten aureoaltsje’ bestiet út in syklus fan fiif romeinsk (I o/m V) nûmere trijerigelige fersen en toant fuortdaliks in dichter, dy’t master is oer sawol de taal, de foarm as de ynhâld. De skynbere ienfâld dy’t dit gedicht yn earste ynstânsje sa lêsber makket, fereasket tagelyk in twadde of tredde lêzing om dochs mear fet te krijen op de reis dy’t de ik-persoan makket. Want binne wy no tsjûge fan in moeting tusken twa skriuwers of sit it dochs oars? In tige nijsgjirrige bydrage, dy’t de lêzer net gau ferfele sil.

Ferlosboartsje – troch Elmar Kuiper
Yn njoggen twarigelige strofen fan lichte toan, mei in treffend ienrigelich ein, bringt de dichter yn ‘Ferlosboartsje’ in oertsjûgjend earbetoan oan ’e ‘soan’. Beskreaun wurdt de leafde foar it berntsje mei de skeinspruten, dat yn ’e skimer de oandacht lûkt. It gedicht is geef fan taal en ryk oan byld, sûnder de lêzer te oerfuorjen mei klisjees. It boartsjen mei de ynterpunksje en it weilitten fan haadletters (útsein yn de titel) drage allinne mar by oan it fertraagjende tempo dêr’t de lêzer de mei soarch foar kar nommen metafoaren ta him nimme kin. Dit ambachtlik skreaune fers fertsjinnet sûnder mear de Rely Jorritsmapriis.

It waad – troch Sytse Jansma
Yn dizze oade oan it Waadgebiet wurde natuer en keunst fernimstich oan inoar ferbûn. Mei help fan allerhanne muzykterminology, en dêrby sawol klassike Italiaanske tempo-oantsjuttings as in bekend Iersk seemansliet brûkend, komt de natuer yn ‘it waad’ op in ûnferwachte wize ta libben. Troch de twaspjalt dy’t ûntstiet troch oan de iene kant de rûge aspekten fan it Waad te heinen yn in strak orkestrearre notaasjesysteem, mar oan de oare kant ek noch de ferliking te meitsjen mei de ûnkontrollearre gaos fan in drokbesochte kroech, wurde alle sintugen prikele en dat makket dit gedicht ta in terjochte winner.

Sjueryferslach Rely Jorritsmapriis 2020
Dat de Rely Jorritsmapriis 67 jier nei de start skriuwers en dichters noch altiten nei de pinne gripen docht, mei dúdlik wêze; it tal ynstjoerings fan ’t jier koe (wer) besjen lije: 56 gedichten en 32 ferhalen.

It nivo fan de Rely Jorritsmaprizen is heech en de sjuery koe fernimme dat de ynstjoerders soarch bestege hienen oan harren wurkstikken. Om as (nije) ynstjoerder it hege nivo krekt yn te skatten, bliuwt in earder adfys aktueel: lês de priiswinnende bijdragen fan de ôfrûne jierren. Se binne allegear te finen yn de temanûmers fan it tydskrift ensfh.

Ek wol de sjuery noch ris beklamje dat it by de beoardieling net bekend is at de skriuwer in man of frou is, jong of âld, wenachtich yn de provinsje of net. Se basearret har oardiel louter en allinne op de útprinte A4’kes, dêr’t behalve in folchnûmer gjin inkeld persoanlik gegeven op stiet.

De lingte fan benammen de ferhalen rûn enoarm út elkoar. It langste wie mar leafst 20 siden, it koartste in heale.

Oer’t generaal wienen styl en stavering fan proaza en poëzij ynoarder.

De keazen ferhaletema’s bestienen, lykas oare jierren, út in grut ferskaat. De aktualiteit spile in rol yn de foarm fan de coronakrisis. Fierder kaam it hiele libben foarby: relaasjes, begraffenissen, feroaring fan de wrâld, in dochter of soan dêr’t it bestean net fan bekend wie. Der sieten raamfertellings tusken, fiks wat anekdoatyske ferhalen en in pear dy’t allinne mar út dialooch bestienen. Wy hienen der sels in fertellend kafee, in deiboek en in pratende rat by. By it proaza foelen fan ‘t jier twa ûnderwerpen op.

In tal ferhalen einige yn in ferskriklik drama, of suggerearje soks op syn minst. Grouwelige tastannen, bluodderige taferielen, selsmoarden, it gong der om wei. Mar as it drama him op de earste side al oankundiget, moat de auteur wol wat yn syn mars ha om yn de rest fan it ferhaal de oandacht fan de lêzer fêst te hâlden. It plaatsje dat er beskriuwt moat kwa taal, byld en ûntjouwing folslein wêze. Dêr passe, bijgelyks, gjin stylbreuken en it ôfraffeljen fan de plot by.

Opfallend wie ek dat in pear ferhalen skreaun wienen fanút it berneperspektyf. It bern sjocht nei de wrâld en nimt de lêzer mei op syn reis troch it libben. Dizze technyk is op ´t heden yn de wrâldliteratuer populêr. Mar it is hjir krektsa as mei de earder neamde misdiedferhalen, de útwurking moat dan wol fan in heech nivo wêze. It keazen perspektyf liket al gau in manier om op de oerflakte te bliuwen of in beheinde wurdskat te omsilen.

In flink tal fan de dichters sike harren ûnderwerpen yn de eigen provinsje. Gjin wûnder dus dat wetter, en alles wat dêr oan byldspraak by heart, in belangrike rol spile. Fierder kamen klassike thema’s lykas de natuer, de leafde en ferlies fan neisten in soad foar. Ek de aktualiteit, mei corona as haadpunt, waard yn in tal fersen beskreaun.

De sjuery krijt fan it stichtingsbestjoer alle jierren ien hiele dúdlike ynstruksje: allinne de allerbêste ynstjoerings bekroane. Oars as yn it skiere ferline besteane der gjin twadde en tredde prizen, oanmoedigingspremy’s of earfolle fermeldings. Dat der út de protte ynstjoerings diskear mar trije priiswinners kamen, betsjut net dat der net genôch kwaliteit tusken siet, mar de sjuery is op syk nei krekt dat bytsje ekstra’s dat der foar soarget dat in ferhaal of fers mei kop en skouders boppe de rest útstekt op it mêd fan in goede opbou, in heldere struktuer, in lekker ritme, djipgong mar tagelyk ek tagonklikens, leauweardigens, subtiliteit, orizjinaliteit. It is yn eardere sjueryrapporten ek al sein: de lêzer moat rekke wurde. Better as Julian Barnes yn ien fan syn essays yn de bondel Through the window kinne wy it net sizze: Ast in goed boek of ferhaal lêst, ûntsnapst net oan it libben, do stoartst dy der krekt djipper yn. Der kin sprake wêze fan in oerflakkige ûntsnapping – yn ferskillende lannen, mores, spraakpatroanen – mar watst yn wêzen dochst is dyn begryp fersterkje fan de subtiliteiten, paradoksen, wille, pine en wierheden fan it libben. Lêzen en libben binne gjin ûnderskiedende mar symbioatyske wearden.

Krekt as oare jierren is der lang en breed praat oer in stikmennich subtoppers, sawol by it proaza as by de poëzy. Dy ynstjoerings binne miskien goed genôch om publisearre te wurden mar net sterk genôch foar in priis.

Priiswinners

De bêste ynstjoerings fan dit jier binne it ferhaal Ni Hao fan Elmar Kuiper, it ferhaal Total loss fan Sjoerd Bottema en it gedicht It famke fan Syds Wiersma.

Ni Hao

Ni Hao is it ferhaal fan Gysbert Groen út Ni Frisia. De skriuwer sketst in dystopysk takomstbyld, fleurich mongen mei eleminten fan de tienerfilm Weird Science en in fleuchje fan de cartoonfamylje The Jetsons.

It hjir en dêr hilaryske ferhaal begjint mei in detailearre beskriuwing fan in wrâld dy’t noch net bestiet mar wol tige realistysk delset is. Trochdat der gjin oerdreaune science fiction beskreaun wurdt en de nije wrâld frij ticht by de wurklikheid bliuwt, is de omskriuwing tige oannimlik en net steurend foar dyjingen dy’t net fan it sjenre hâlde.

It ferhaal hat meardere fertelperspektiven. Dat jout in ekstra diminsje en soarget der foar dat de lêzer it lêste part fan it ferhaal troch de mechanyske eagen fan Gysbert syn robotfrou Huang folgje kin.

It ferhaal spilet yn in wrâld fan Sineeske oerhearsking dêr’t Xi Jin Ping III de baas is. Iten en it keapjen dêrfan spylje in grutte rol yn it ferhaal. It oersetten, ferhaspeljen of betinken fan de Sineeske nammen fan personaazjes, plakken en itenswaar hat de skriuwer treflik en dus leauweardich tapast.

It linich skreaune ferhaal hat humor en sit grôtfol subtile ferwizings nei moderne muzyk, films en aktuele tema’s lykas corona en de MH17-ramp.

Robot en minske komme yn it ferhaal ticht by elkoar, op in hiele natuerlike wize. De natuer is hast ferdwûn. Dat kin net sein wurde fan de minsklike driften. Gysbert stelt dêrom hege easken oan syn robotfrou. En as se in nije chip krijt, komt se gefaarlik ticht yn de buert fan in echt minske mei alle problemen dy’t dêr by hearre.

In sterk en boartlik ferhaal dat naadleas oanslút by de aktuele soargen oer de tanimmende ynfloed fan Sjina rûnom op ’e wrâld.

Total loss

In flot skreaun ferhaal fan in âldere man dy’t nei oanlieding fan in anonime, hollânsktalige brief fan de him folslein ûnbekende Stipke weromsjocht op syn libben. It ferhaal komt daliks binnen by de lêzer, der bart in soad en de útwurking ûntjout him fia ferskillende linen dy’t raffinearre yn elkoar oer geane. De hieltyd koarte tinzen fan de skriuwer, it ritsje mei de auto en de sinnen út de brief fan Stipke ha alle trije harren eigen toan en wurde sa goed skieden. De ferteller liedt de lêzer op in soepele manier hinne en wer tusken syn oantinkens fan doe oan de wylde autorit en de prakkesaasjes fan no. De skriuwer jout dat typografys ek noch ris dúdlik oan troch tusken it doe, it no en de sitaten út de brief fan Stipke flink wat wyt oer te litten.

Krekt as by nochal wat oare ynstjoerings slút dit ferhaal ôf mei de oantinkens oan in dramatysk barren, in heftige klimaks. It sterke is dat de haadpersoan, de ferteller, al weromsjend suver lakonyk, ja, hast saaklik, al dy yngripende feiten op in rychje set. Gjin emoasjes; wat west hat, hat west.

De lêste alinea is in hiele bysûndere, hast absurdistyske mar benammen izersterke ôfsluting. Op presys it goeie momint ferskoot de skriuwer fakkundich noch ien kear de fokus en slacht dêrmei net allinne de perfekte toan oan, mar slút ek it ferhaal op in ferrassende wize ôf.

It famke

De sjuery wie it der daliks oer iens dat dit lange, ambachtlike fers wat bysûnders is. It famke is in poetyske fertelling dy’t him ôfwikkelet oer in lange perioade út it libben fan de haadpersoan, in godlik útferkard famke. De trochgeande syklus fan it barren, it rypjen en de feroaring soargje dat de lêzer fêsthâlden wurdt en hieltyd mear witte wol oer de folgjende fase. Hoe giet dit orizjinele, poetyske reisferhaal fierder oer de wrâld?

It tige fakkundich skreaune fers is ryk oan taal, byldspraak en sit fol ferwizings nei bibelske tematyk, skiednis en sterk tapaste aktualiteiten. Twa poalen wurde tsjin elkoar oer set: It ierdske bestean, bijgelyks it famke as stazjêre by Yntratún en de jonge fuotballer fan Athletíc Bilbao, versus de magy, de godlike (of natuerlike?) krêften dy’t de haadpersoanen taskikt krije en trochjouwe as de tiid ryp is.

Yn kursyf krijt it famke twa kear it boadskip dat se harsels bliuwe moat en de tiid nimme moat om har wiisheid te iepenbierjen en troch te jaan as se tinkt dat dy wiisheid wat úthellet yn it ierdske bestean fan de minsken. Sa krijt ek de lêzer in oanwizing oer wat krekt de bedoeling is fan dizze bysûndere reis troch Europa.

In knap gedicht dat mei elke kear lêzen moaier wurdt.

Manlju en froulju

Noch in ôfslutende opmerking. Manlju winne yn Fryslân (en ek yn Nederlân en dêr bûten) faker in literêre priis as froulju. Dit gegeven is de lêste jierren in punt fan diskusje. It like de sjuery dêrom nijsgjirrich om, fansels nei it definityf fêststellen fan de priiswinnende bijdragen, it bestjoer fan de Rely Jorritsmapriis te freegjen (foar it earst?) ris nei te gean hoe’t de ferhâlding leit tusken manlju en froulju. Dêr kamen de folgjende sifers út: der wienen 51 manlike en 35 froulike meidoggers. 6 manlju en 2 froulju stjoerden mear as ien tekst yn.

Rianne Blokzijl
Inge Heslinga
Douwe Kootstra

Sjueryferslach Rely Jorritsmapriis 2019

Ferline jier stie de sjuery hjir mei in boadskip oan de Rely-ynstjoerders. Wy hiene doe nammentlik tefolle wurk troch hannen krigen, dat by lange net foldie oan wat neffens ús it nivo is fan de Rely Jorritsmapriis. Ynhâldelik en taalkundich kamen wy safolle flaters tsjin, dat de tekst soms amper benei te kommen wie. Us advys wie doe: lit jo wurk lêze troch in oar, ien mei ûnderfining. Lês sels ferhalen en gedichten fan eardere priiswinners. Wês net te gau tefreden. Skerpje it ferhaal oan, helje yn elts gefal de taalflaters der út! Ek poëzy, hoe heimsinnich fan ynhâld en eksperiminteel yn foarm ek, hat ‘m te hâlden oan in minimum oan regels. Jo wolle dochs dat jo gedicht lêzen wurdt en in lêzer, yn elts gefal in Rely-sjuerylid, moat de ein wol helje.

Us fraach om mear soarch en oandacht hat wol holpen, is ús yndruk nei it lêzen fan de nije rispinge oan ferhalen en gedichten. Lykas yn 2018 wiene der in moai oantal ynstjoerings. Diskear 25 ferhalen en mar leafst 56 gedichten. De kwaliteit fan de ferhalen wie oer it generaal aardich goed, fûnen wy. It Frysk wie better. Oer in tsiental ynstjoerings twifelen wy oft se mooglik yn oanmerking komme soene foar in priis. Mar sa’t it nó foar ús lei, bleau it in twifelgefal, en dat is net genôch. Der wiene in pear gedichten dy’t foar de sjuery foar in part ûnbegryplik wiene. Hjir folge de dichter sa bot syn eigen taalpaad, tinzen en logika, dat it foar de lêzer in toer wurdt om der grip op te krijen.

Wat wy wolle is meinommen wurde yn in orizjineel ferhaal dat technysk doocht, mei in goede opbou, in heldere struktuer en in lekker ritme. Leafst rint it as in trein, binne de dialogen leauweardich, lêze wy skerpe karakterisearrings, knappe bylden en gjin klisjeemjittige fergelikings. De skriuwer brûkt in orizjineel gegeven of wit in orizjinele benadering fan in tradisjoneel tema te betinken. It ferhaal moat de lêzer reitsje mei emoasjes lykas humor, frustraasje of fertriet en werkenbere personaazjes. It ferhaal nûget út nei fierder lêzen, bringt de lêzer op in oare foet, set oan ta neitinken. Der wurdt in soad frege fan de ferhaleskriuwer. Fan dichters net minder: in goed gedicht is orizjineel en ferrassend, nimt de lêzer mei, kin de wrâld eigenwiis typearje of op ‘e kop sette, lit de lêzer de saken oars besjen.

By in gedicht wurde (meastal) minder wurden brûkt as yn in ferhaal en dus moat it gau rekke wêze. Poëzy freget dus ek noch om skerpe observaasjes, in soarchfâldige wurdkar en in wrâld fan moaie, autentike bylden.

Wy hawwe de measte ynstjoerings mei nocht lêzen. Eins giet skriuwen net om it winnen fan in priis, it giet om de wille fan it skriuwen en miskien ek wol de lottering dy’t de skriuwer sels hat by it ferwurdzjen fan syn of har fantasy, gedachten en leaf en leed. Wat ús opfoel: hast allegear de ferhalen en gedichten geane oer relaasjes. Leafdes tusken twa minsken, ferhalen oer beppe, heit, styfmem, broers, húsgenoaten, de buorman, in ferweesd bern, yn in inkel gefal in beam. De relaasje mei oaren is blykber dêr’t it om draait yn it libben, en dus ek yn skreaune ferhalen. Oare tema’s dy’t dit jier faak foarbykomme binne langstme en feroaring. Langstme, nei de partner dy’t net mear ûnder ús is, of dy’t stadichoan ferdwynt yn de dize fan geastlike efterútgong. Langstme nei de pleats fan heit en pake. Nei in tiid dat alles behapber like. Nei in tiid dat de leafde tusken do en my noch taastber wie. 

En it tema feroaring, troch de komst fan oare kultueren nei ús fertroude omjouwing. Feroaring fan ús blik op de wrâld, fan relaasjes binnen in gesin, in famylje, in strjitte of stêd.

Priiswinners

Wy hawwe fiif dúdlike winners, dêr’t wy fan oertsjûge binne dat se in Rely Jorritsmapriis fertsjinje. Se binne publisearre yn de nijste Ensafh. Twa ferhalen, beide mei in aktueel tema. En trije gedichten, gefoelich fan sfear en mei faasje skreaun

Gedicht: Sleau mei lok  –  Jetske Bilker 

As in papieren sirene jout de haadpersoan fan dit bitterswiete gedicht de bondel ‘Slordig met geluk’ (de Fryske titel fan it gedicht ferwiist dêrnei) fan Menno Wigman (2016: Prometheus, Amsterdam) oan syn of har partner. ‘Sa hope ik dy mei fersen te kearen’, lêze wy. Mar de sirene berikt har doel net. De partner yn kwestje heart de wûndermoaie sangen net iens: de bondel krijt in plakje ûnder in kessen en it lûd ferstommet. C’est le ton qui fait la musique. En ‘de toan makke gjin muzyk mar skraste’. 

It gedicht is melodieus komponearre en liket ree om foardroegen te wurden. Krekt as yn Wigmans poëzy is de sinsopbou meislepend en liket it, nettsjinsteande it minimale gebrûk fan ynterpunksje, hast in proaza-fertelling. It kontrast tusken de ferliedlike sirene en it âljen, hymjen en flokken fan de partner by it fuortsmiten fan de dichtbondel yn de kontener koe net grutter. Langstme en lijen gean hân yn hân yn dit gedicht. ‘Mar/ sis it mar as it oars is yn it libben sels’. 

Gedicht: Wy kinne…  –  Henk Nijp

It gedicht begjint mei in sitaat út Ernest Thompsons toanielstik ‘On golden pond’ út 1979. Dizze koarte dialooch tusken dochter en heit set de toan fan it gedicht ‘Wy kinne…’, mar kreëarret fuortdaliks ûndúdlikens by de lêzer. Binne de ‘wy’ út de titel partners fan mekoar, of giet it hjir ek om oare famyljeleden?

Foar dizze twa minsken is harren libben tegearre sa fanselssprekkend, dat se mei in heal wurd wol ta kinne. Soms binne der gjin wurden foar te finen. Mar de dichter wol ek krekt beneame wat der ûnsichtber bestiet tusken har beiden.

In soad brûkte útdrukkings yn de earste strofe (witte hoe’t de hazzen rinne, sa leit it lân der hinne) binne grif mei sin keazen: se passe presys by it ûnderwerp fan dit fers: wy hoege neat mear te beneamen, wy litte de blikken sprekke. En dêr’t gjin wurden foar binne (twadde strofe) dat litte wy mar sa. Yn de tredde strofe docht bliken dat it span yn de rook en de rêst fan de simmer de takomst treast is (‘diggels wiskje wy wol fan ús paad’.)

In sfearfol fers dat in wrâld fan geburgenheid, leafde en dochs ek spanning yn moaie rigels wit te fangen.

Gedicht: Ik miende…  –  Remco Kuiper

Ik miende… ik tocht… mar is it ek sa? Dit is gjin gedicht fan wis wêze, mar fan twifel.

De earste gedachte: in gedicht oer troubrek. De wurklikheid is besward, de beareklau snoeid, de daksgoaten skjin, it wurk oan kant, alles ûnder kontrôle, mar net de relaasje. Mar dan komt de ûnsekerheid. Krijt de lêzer hjir in ferhaal ûnder eagen fan in persoan dy’t fertriet hat oer wat him oerkommen is, of fan ien dy’t spyt hat oer wat hy in oar oandien hat? Wa is hjir it slachtoffer en boppedat: is de ferteller, mei syn eigen ûnderstelde wierheid, wol de meast betroubere persoan om de lêzer dêryn fan ynformaasje te foarsjen? De opsetten foks yn de lêste strofe, symboal fan bedroch en slûchslimmens, jout it antwurd ek net: ek de foks liket sa syn twifels te hawwen oer in goede ôfrin.

It gedicht ‘Ik miende…’ pakt de lêzer op en nimt him seis strofen lang mei yn wat by de earste lêzing noch in maklik te behappen fers like. Mar neidat de lêzer loslitten is, slacht ek by him de twifel ta: ik tocht dat ik it wol goed lêzen hie; ik miende dat de skriuwer dit bedoelde. Om dêrnei te tinken: nei de twadde lêzing is it miskien dochs oars…. Of net? 

Ferhaal: Ik doch it foar dy.  –  Elmar Kuiper

It ferhaal nimt jo mei yn in man syn seksuele obsessy foar in froulike kollega. Hy stalkt har fia it ynternet. De man is sels ICT’er en tinkt him ûntrasearber. Heechmoed komt foar de fal. Dizze idele man, tige mei himsels ynnommen, wit alles fan de moderne kompûtertechnyk. Hy fielt en gedraacht him as in God yn de nije wrâld fan hacking en darknet: hy kin bepale wa’t in firus krijt en wa’t alles ferliest. Mar as it giet om sosjale ynteraksje, dan liket it oft hy allinnich noch kommunisearje kin fia syn kompûter. De natuer om him hinne stjert, mar dat sjocht hy net. Dêrfoaroer, de nep-beam mei de nep-aap en de nep-natuerlûden yn it atrium fan syn kantoar hawwe wol syn omtinken: dy ferbyldzje prachtich de mentaliteit fan him en fan syn eigen bedriuw en fan de kreëarre jungle dy’t it ynternet wêze kin.   

Natuer fersus technyk en hoe’t de minsk him dêr tusken ferhâldt. In minsk kin noch safolle kennis hawwe fan technyk, sa fier foarop rinne yn de evolúsje, mar de minsk kin syn natuerlike (lêes: seksuele) driften nea ynbine. De dream dy’t de haadpersoan hat, oer in man fan blik mei elektroanika as yngewanten dy’t mei in ereksje op in snijtafel by in sjirurch leit, lit presys dit byld sjen. 

It ferhaal sit fernimstich yn elkoar, mei kontinue ferwizings nei de ferhâlding tusken minsk, natuer en technyk. De skriuwer fan dit ferhaal hat mei syn wurdkar, mei de beskriuwing fan de (inerlike) dialogen en mei syn kar foar aktuele tematyk yn in útsprutsen hjoeddeiske setting, der foar soarge dat dit ferhaal lêst as in trein.

Ferhaal: Kimboeëwij  –  Geart Nauta

De rêst en de ûnskuld sa ast dy tsjinkomst op in bernebuorkerij, stiet yn dit ferhaal yn grut kontrast mei de hurde, komplekse en fertrietlike wrâld dy’t it gesinslibben wêze kin. ‘Kimboeëwij’, bernetaal foar ‘kinderboerderij’, is de inerlike dialooch fan in pake mei syn ferstoarne frou, wylst hy mei syn pakesizzers in útstapke makket. Mar mear noch as in ienfâldich útstapke is dizze middei foar de pake in flecht yn eigen gedachten om syn ferstoarne frou om ried te freegjen, as wie it in gebed (‘Opa, u bent aan het bidden.’). Ried om syn pakezizzers hooplik te behoedzjen foar in potinsjeel ûnfeilige thússitewaasje en om syn skoandochter de tiid en romte te jaan in bettere kar te meitsjen. Ried oer hoe om te gean mei de tiid dat hy wol troch hie dat syn soan aardich wat egosentryske manierkes ûntwikkele, mar dat hy leaver ôfstân naam as yngriep. Kin hy himsels wat ferwite? 

‘Kimboeëwij’ is in útkynde kombinaasje fan ferhaallinen oer it moderne trijetalige gesin dêr’t pake oppast yn it no, mei weromblikken nei de tiid dat syn soan noch thúswenne, de drege perioade nei it ferstjerren fan syn frou en de karakterferoaring fan syn soan dy’t dêrop folge. De lêzer wurdt meinommen yn in dramatysk ferhaal mei in iepen ein. De skerpe observaasjes en rake opmerkings dy’t de skriuwer hast achteleas yn it ferhaal ferwurke hat, kreëarje in nijsgjirrige en libbene setting foar de lêzer fol kleur, geur en beweging.  

Inge Heslinga
Douwe Kootstra
Karen Bies

24 july 2019

Sjueryferslach Rely Jorritsmaprizen 2018

It is elke kear wer in ferrassing as it pakket mei Rely-ynstjoerings yn de brievebus sit. Hoe folle soene it der wêze? Wêr soene se oer gean? En wat soene de kânshawwers wêze? It wie in moai tal ynstjoerings dit jier: 63 yn totaal, wêrfan 36 gedichten en 27 ferhalen. It ferskaat wie grut op alle mêden: lingte, lêsberens en keazen tema’s. Dat gie fan aktueel oant nostalgysk, fan opbloeiende leafdes oant frjemde famyljeleden, fan fertriet en ferlies oant feesten en filosofy. En de see, dy wie ek in tankber ûnderwerp dit jier. 

Foar de sjuery binne lykwols net de keazen tema’s fan belang by it beoardielen fan de ynstjoerings, mar fansels wat dêrmei dien is. Wat we sykje is in technysk goed ferhaal of gedicht, dêr’t de opbou fan kloppet, en dat in lekker ritme hat, sawol kwa taalgebrûk as kwa struktuer. It moat de lêzer oantrúnje ta lêzen en op ’e nij lêzen, en oansette ta neitinken en oars besjen. Dat slagget mei moaie bylden, knappe, net klisjeemijittige fergelikings, en skerpe karakterisearrings, mar ek troch in orizjineel gegeven te brûken of krekt in orizjinele benadering fan in tradisjoneel tema. En fansels moat in ferhaal of gedicht de lêzer reitsje, mei emoasjes lykas humor, frustraasje of fertriet, en mei sympatike en/of werkenbere personaazjes. Dat alles soarget derfoar dat in wurk leauweardich is, en dat it de lêzer oertsjûgje kin – sa as it gefal wie by de fiif priiswinners dit jier. 

Neist de priiswinners wie der noch in tsiental ferhalen en gedichten, dêr’t we as sjuery lang oer praat ha. It wiene ynstjoerings dy’t allegearre wol wat hiene, mar dy’t dochs wat essinsjeels misten. Fan guon ferhalen wie de ûnderwerpkar tige orizjineel, mar mei’t de opbou fan de ferhaalline net doogde koene se de sjuery dochs net oertsjûgje of meislepe. Oan de oare kant wiene der in pear ferhalen dêr’t de opbou wol fan kloppe, mar wêr’t de ynhâld te min djipgong hie om leauweardich te wêzen. Datselde jildt foar de gedichten: der wiene in stik as wat dy’t technysk prima yn oarder wiene, mar dêr’t de bedoeling te dizenich fan wie, dêr’t sizzenskrêft yn ûntbruts, of dy’t krekt te folle seinen en te min rûmte lieten foar ynterpretaasje en eigen ferbylding fan de lêzer. Mei’t der by de Rely gjin oanfiterprizen mear útrikt wurde, moatte de priiswinnende ynstjoerings oer alle boegen oan de sjuery-easken foldwaan; in wurk dat ‘yn de buert komt’ krijt dus gjin priis. 

It is dêrom dat mei sa’n grut tal ynstjoerings it tal prizen net sa grut is. It grutste part fan de ynstjoerings foldie neffens de sjuery net oan it nivo dat jo ferwachtsje meie by in literêre priis. Der wiene ynstjoerings mei in soad flaters, ynhâldlik likegoed as taalkundich, dy’t dêrtroch dreech nei te kommen wiene. Wy ha ús mear as in pear kear ôffrege of in wurk wol neisjoen of neilêzen wie, troch de skriuwer sels of troch in oarenien. Fansels witte wy net hoe’t elk fan de ynstjoerings ta stân kaam is, mar yn it algemien wol de sjuery dochs beklamje hoe wichtich it is om jo wurk troch oaren lêze te litten, en om sels wurk fan oaren te lêzen. Wês net te gau tefreden mei it resultaat en skerpje it ferhaal of gedicht oan mei de krityske ynbring fan meilêzers, of oan de hân fan ynspirearjende foarbylden. Sa komme jo ta in better – en mooglik priisweardich – einprodukt. Achter elke grutte skriuwer stiet ommers in goeie redakteur, of yn alle gefallen in krityske meilêzer, en in goed folde boekekast. 

De bêste ynstjoerings fan dit jier binne de folgjende twa gedichten en trije ferhalen.

Gedichten

Sa as di wynd fan dae vlkenum waait fan Edwin de Groot: In gedicht oer feroarjende taal, ferdwinende wurden, en it foarmjen fan klank en betsjutting: in tonge krôlet om in wurd, in simmerwjirm kronkelet op in goed trochbakt fytspaad, in moaie útering dwarrelet ûnferwachte as in foto út in boek. De dichter brûkt heldere bylden en lûden, dy’t mei soarch keazen binne foar it moaiste resultaat – sawol kwa ynhâld as kwa foarm. Dy binne perfekt mei inoar yn lykwicht; de strofen sels kronkelje ek oer de side en einigje kompakt oprôle, krekt sa’t it lêste fers beskriuwt. In knap gedicht dat wat te rieden oerlit, en mei elke kear lêzen moaier wurdt.

Kintsugi foar in diggelbast fan Paul van Dijk: In brutsen hert en de Japanske keunst om mei goudlym wat dat stikken is wer better te meitsjen – op it earste each twa klisjees dy’t yn keunst en literatuer gauris útmolken wurde. Dochs wit de dichter fan Kintsugi foar in diggelbast te oertsjûgjen troch it ritme yn en tusken de rigels, en troch de orizjinele observaasjes yn it gedicht: ‘in man, de eagen frij fan twirren | en ivige simmers yn it hier’. It hertsear fan de ik-persoan wurdt sterk febylde, lykas syn besykjen de diggels fan syn hert sels werom te triuwen; de ‘stikjes mei ûnbesliepte nachten, in fragmint | mei stiennen blommen en in splinterke ôfskied’. In licht en oprjocht gedicht, yn gewoane, ienfâldige taal, mar mei in wrâld oan betsjutting der achter.

Ferhalen

De ereksje fan in oar fan Koos Tiemersma: Libbensecht en o sa werkenber sketst de skriuwer de setting fan dit ferhaal, in as American Ribhouse oanklaaide fretskuorre. De ferteller en syn frou krigen in itentsje yn dit restaurant kado foar harren troudei, mar fiele harren der eins fierstente goed foar. De ordinêre entûraazje dêr’t se yn telâne komme wurdt mei faasje en humor beskreaun, like fet oanset as it iten dat serveard wurdt. Nei’t de man in opmerking fan syn achterbuorman opfong hat dat dy ‘in stive as de Aldehou hat’, wurdt er hielendal yn beslach naam troch dat gegeven, en troch wat dat by himsels losmakket. It is knap hoe’t de skriuwer psychologyske djipgong wit oan te bringen ûnder alle banaliteit yn dit ferhaal, en hoe’t sinisme omslacht yn selsynsjoch by de haadpersoan. De ereksje fan in oar is skreaun yn tagonklik en soepel Frysk, mei rûch praat en orizjinele byldspraak, somtiden tsjin it absurde oan – krekt as de ein, as de situaasje folslein ûntspoart. Hoewol’t dat net hielendal as in ferrassing komt, docht it neat ôf oan de enerzjy en it entûsjasme dêr’t dit ferhaal mei ferteld wurdt.

It weagjen fan de see fan Lomme Schokker: In aktueel ferhaal mei in suver wat mearke-eftige útstrieling, ien fan de pear ynstjoerde ferhalen dy’t harren bûten Fryslân ôfspylje, en dat ek bûten de bewende paden stapt as it om ûnderwerp en taalgebrûk giet. It weagjen fan de see is in mooglike wierheid achter de bekende foto fan it ferdronken flechtlingjonkje – dat lykwols net sa letterlik beneamd hoechde te wurden oan de ein fan it ferhaal. It boadskip fan it ferhaal op himsels is nammentlik krêftich genôch. It wurdt ferteld fanút de eagen fan in jonkje dat net alles begrypt mar krekt genôch troch hat. Hy moat mem en syn hûs achterlitte, om mei heit, omkes en syn knuffel Dhinne op syk te gean nei in better plak. De reis fan de mannen wurdt hiel moai beskreaun, yn in poetyske, hast ympressionistyske styl. De skriuwer wit de tinzen en observaasjes fan it jonkje knap wer te jaan yn kompakte, orizjinele formulearrings, en wikselet sa no en dan nei it perspektyf fan de heit, dy’t mei wat mear ôfstân beskreaun wurdt. It fertelde krijt dêrtroch gjin ûnnedige swierte of sentimentaliteit, mar komt des te hurder binnen as je lêze wat der tusken de rigels stiet.

In bysûndere moeting fan Sipke de Schiffart: In deanormale hanneling as boadskippen dwaan wurdt in absurdistyske eksersysje yn dit flotte, humoristyske ferhaal. Joop Greven wurdt yn de supermerk oansprutsen troch ‘in man en frou, tritigers, wat slonzige types’, dy’t him op in ûnbeskamsume manier allegear yntime, ynkringende fragen stelle. Se meitsje der suver in wedstrydsje fan wa’t it bêste ynskatte kin oft Joop man of frou is, homo of hetero, maagd of dochs net. Joop fielt him ûngemaklik, mar lit it oer him hinne komme, wylst Johnny en Monique harren skynber fan gjin kwea of skamte bewust binne. Troch de realistyske dialogen en de knappe wikseling fan perspektiven wurde je as lêzer sawol yn Joop syn skuon set, as yn dy fan it ûnderfreegjende twatal. Dat hat in ferfrjemdzjend effekt, krekt as it ferrassende slot fan it ferhaal, dat hilarysk en tragysk tagelyk is; je moatte der om gnyskje, mar it fielt as mei dat eins net. Moai as literatuer soks losmeitsje kin.