Diet Huberpriis

Diet Huber

De Stifting FLMD hat yn 2022 in anonime skinking krigen mei it doel dat jild te ornearjen foar in priis foar it bêst yllustrearre berne- of jongereinboek. De priis hat de namme krigen fan Diet Huber (1924-2008), berneboekeskriuwster en yllustrator, dy’t ûnder oare bekend wurden is fan it faak werprinte ‘Tutte mei de linten’. De priis, besteande út in bedrach fan € 2000 en in oarkonde, wurdt ienris yn de trije jier takend.

De earste Diet Huberpriis (2022) wie foar Mirjam van Houten (Beetstersweach, 1977). Mirjam wûn de priis mei it, troch har skreaune en yllustrearre, printeboek ‘By beppe útfanhûs’ (Afûk, 2021). De sjuery bestie út Susan van den Berg, Margaretha Cats en Dolf Verroen. De priis waard útrikt op tongersdei 20 oktober yn museum Belvédère yn Oranjewâld.