SKELTE SIWERIS BRAAKSMA WINT DE TWADDE DIET HUBER-PRIIS
De priis foar it bêste yllustreare Fryske berne- en jeugdboek fan de ôfrûne trije jier giet nei Skelte Siweris Braaksma (*1995) foar syn graphic novel Redbad (Afûk, 2024).
Yn Redbad wurdt in byld sketst fan it libben fan de romrofte kening Redbad, basearre op de roman Rêdbâd fan Willem Schoorstra. Eardere boeken fan Skelte Braaksma binne De F.K.P. (2010), Fete (2019) en It blauwe hûs (2020).
Der wienen sa’n tsien boeken dy’t foar de priis yn ’e beneaming kamen. De sjuery hat unanym keazen foar it young adult stripboek Redbad ‘fanwege de bysûndere styl en útwurking, de krêftige yllustraasjes en it ierdske en donkere kleurgebrûk, fol mei ekspresje!’
De sjuery bestie dit jier út Anna Marjan Bosma, Margaretha Cats en Dolf Verroen.
De Diet Huber-priis is ynsteld troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjsintrum (FLMD), dy’t foar dit doel in anonime skinking krigen hat. De priis is neamd nei Diet Huber (1924-2008), berneboekskriuwer en yllustrator, bekend fan it faak werprinte Tutte mei de linten. De priis, besteande út in bedrach fan twatûzen euro en in oarkonnde, wurdt ienris yn de trije jier takend. De earste priiswinner wie Mirjam van Houten mei har boek By beppe útfanhûs (2021)
De útrikking fan de Diet Huberpriis 2025 oan Skelte Braakmsa is op 6 novimber by Tresoar yn Ljouwert.