Diet Huberpriis

Tutte mei de Linten

De Stifting FLMD hat yn 2022 in anonime skinking krigen mei it doel dat jild te ornearjen foar in priis foar it bêst yllustrearre berne- of jongereinboek. De priis hat de namme krigen fan Diet Huber (1924-2008), in berneboekeskriuwster en yllustratrise, dy’t ûnder oare bekend wurden is fan it faak werprinte Tutte mei de linten. De priis, besteande út in bedrach fan € 2000 en in oarkonde, wurdt ienris yn de trije jier takend.