Oanfragen & betingsten

Samle fersen

Oanfragen om finansjele stipe foar projekten dy’t bliuwende wearde hawwe kinne foar de Fryske literatuer kinne stjoerd wurde nei de skriuwer.

Yn stipe-oanfragen moat koart en goed omskreaun wurde wat it doel fan it projekt is. Oan de oanfraach moat in begrutting en in dekkingsplan taheakke wurde. Fierders moat goed tocht wurde om kontakt- en bankgegevens.

Nei it eventueel takennen fan stipe, moat net letter as twa jier nei de datum fan takenning in eksploitaasjerekken tastjoerd wurde oan de skriuwer dêr’t bliken út docht dat de eksploitaasje yn oerienstimming is mei de begrutting.

Sadree’t de eksploitaasjerekken tastjoerd is, sil dy yn de earstfolgjende bestjoersgearkomste behannele wurde. It taseine jild wurdt net letter as trije moannen dêrnei oermakke as oan de betingsten foldien is. Mocht der reden wêze om fan de begrutting of fan de betingsten ôf te wiken, dan moat dat sa gau as mooglik trochdien wurde oan it bestjoer.

Ta de betingsten heart ornaris ek it tastjoeren fan op syn minst twa bewiiseksimplaren as it om publikaasjes giet of twa útnoegings as it om presintaasjes, manifestaasjes ensfh. giet.

It bestjoer fan de Stifting komt op syn minst trijeris yn it jier byinoar: yn de winter (jannewaris/febrewaris), yn de maitiid (maaie/juny) en yn de hjerst (oktober/novimber).