Betinke & skinke

It útjaan fan Frysktalich proaza en dichtwurk wurdt hieltyd dreger. Om dat mooglik te meitsjen, draacht de Stifting FLMD finansjeel by oan gâns literêre útjeften. Dêrneist stipet de Stifting FLMD tal fan fernijende en tradisjonele projekten. Nei it ôfskaffen troch de provinsje fan de Fedde Schurepriis foar debuten, hat de Stifting FLMD yn 2014 de D.A. Tammingapriis ynsteld. Sûnt 2005 hiert de Stifting FLMD fan It Fryske Gea fan april oant septimber de Skriuwersarke op de Feanhoop om skriuwers de gelegenheid te jaan yn alle rêst te wurkjen. De Stifting FLMD hat in kwaliteitssit yn it bestjoer fan it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar.

It seit himsels dat wol de Stifting FLMD dy stypjende rol ek yn de takomst sa goed mooglik wiermeitsje kinne, it fermogen op peil bliuwe moat. Jeften en skinkingen binne dan ek tige wolkom. Sawol bekende as ûnbekende Friezen hawwe al oan ús tocht. As jo dêr ek idee by hawwe om de Fryske literatuer op de iene of oare wize te skewielen, dan kinne jo dat kenber meitsje oan de skriuwer, P.J. de Groot. Hy kin jo alle ynformaasje oer de mooglikheden jaan.

It is goed om te witten dat de Stifting FLMD troch de Belestingstsjinst erkend is as in ‘Algemeen Nut Beogende Instelling’ (ANBI). Dat hâldt yn dat jeften en skinkingen oan ús stifting ôflutsen wurde kinne fan it belestber ynkommen. De stifting FLMD is alsa gjin skinkings- of suksesjerjocht ferskuldige. Jo skinking of jefte kin dêrtroch alhiel bestege wurde oan de befoardering fan de Fryske literatuer.  

Begiftigen & Schenken

Het uitgeven van Friestalige poëzie en proza wordt steeds moeilijker. Om dit mogelijk te maken draagt de Stichting FLMD financieel bij aan verscheidene Fries-literaire uitgaven. Daarnaast steunt de Stichting FLMD tal van vernieuwende en traditionele projecten. Na het afschaffen door de provincie van de Fedde Schurerprijs voor debuten, heeft de Stichting FLMD in 2014 de D.A. Tammingaprijs ingesteld. Sinds 2005 huurt de Stichting FLMD van It Fryske Gea van april tot september de Skriuwersarke op de Veenhoop om schrijvers in de gelegenheid te stellen in alle rust te werken. De Stichting FLMD heeft een kwaliteitszetel in het bestuur van het Fries Historisch en Letterkundig Centrum Tresoar.

Het spreekt vanzelf dat wil de Stichting FLMD haar ondersteunende rol in de toekomst zo goed mogelijk vervullen, haar vermogen op niveau moet blijven. Giften en schenkingen zijn dan ook zeer welkom. Zowel bekende als onbekende Friezen hebben al aan ons gedacht. Als u ook overweegt om de Friese literatuur op de een of andere wijze te steunen, dan kunt u dat kenbaar maken aan de secretaris, P.J. de Groot. Hij kan u alle informatie over de mogelijkheden geven.

Wij wijzen u erop dat de Stichting FLMD door de Belastingdienst is erkend als een Algemeen Nut Beogende Instelling (ANBI). Dat betekent dat giften en schenkingen aan onze stichting kunnen worden afgetrokken van het belastbaar inkomen. De Stichting FLMD is derhalve geen schenkings- of successierecht verschuldigd. Uw schenking of gift komt daardoor geheel ten goede aan de bevordering van de Friese literatuur.