JP Bike - шаблон joomla Видео

Winners Rely Jorritsmapriis

Relypriis 2021 foar 3 ferhalen en 3 fersen

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dit jier foar de 67ste kear útskreaun, binne 97 ynstjoeringen ynkommen, 34 koarte ferhalen en 63 gedichten. De sjuery, besteande út Inge Heslinga, Rianne Blokzijl en Beart Oosterhaven, dy’t de ynstjoeringen anonym ta beoardieling krige, hat trije ferhalen en trije gedichten bekroand. Elmar Kuiper fan Jorwert wûn in priis foar sawol it ferhaal In frjemde fûgel as it gedicht Ferlosboartsje. Dêrneist waarden bekroand de ferhalen Crossroads fan Gerrit Hoekstra fan Winsum en Op frijersfuotten fan Bregtje Sijtsma út Aviemore (Skotlân) en de gedichten In healsliten aureooltsje fan Fedde Dijkstra fan Ljouwert en it waad fan Sytse Jansma fan Harns. Loco-boargemaster Hein de Haan hat op sneon 2 oktober de prizen útrikt yn de Oranjeseal fan it stedhûs. Lykas wenst binne alle bekroande ynstjoeringen opnommen yn it spesjale Relynûmer fan it tydskrift Ensafh.

 Priisútrikking 2021

 Loco-boargemaster Hein de Haan mei de priiswinners, f.l.n r. Gerrit Hoekstra, Bregtje Sijtsma (thús yn Skotlân) , Sytse Jansma, Elmar Kuiper (thús yn Húns) en Fedde Dijkstra (Foto HN/Jaap Schaaf) 

 

Priisútrikking Rely Jorritsmapriis 2020

Sneontemiddei 3 oktober 2020 hat de Ljouwerter wethâlder fan kultuer Hein Kuiken de Rely Jorritsmaprizen útrikt yn de Oranjeseal fan it Stedhûs. Foaroan fan lofts nei rjochts de trije winners Syds Wiersma, Elmar Kuiper en Sjoerd Bottema. Efter har fan lofts nei rjochts de sjueryleden Douwe Kootstra, Rianne Blokzijl en Inge Heslinga. Op ’e eftergrûn wethâlder Kuiken. De winnende bydragen binne lykas wenst te lêzen yn Ensafh. Dizze link komt by it sjueryrapport.    (Foto Geart Tigchelaar)

Priisútrikking 2020

 

In folle seal foar fiif Rely-winners  - 2019 

Der moasten stuollen by set wurde, sa grut wie sneon 5 oktober 2019 de belangstelling foar de  útrikking fan de Rely Jorritsmaprizen, dy’t diskear foar it earst plakfûn yn doarpshûs d’Ald Skoalle yn Bears. Dizze 65ste edysje kende noch in primeur: de boargemaster fan Ljouwert Sybrand van Haersma Buma, noch mar twa moanne yn funksje, rikte de prizen út oan de fiif winners. Hy wurdt flankearre troch – op de foto fan lofts nei rjochts – Remco Kuiper, Jetske Bilker en Henk Nijp, dy’t alle trije har ynstjoerd gedicht bekroand seagen, en Elmar Kuiper en Geert Nauta, de winners mei in ferhaal. De sjuery bestie út Inge Heslinga, Karen Bies (foarsitter) en Douwe Kootstra. De winnende bydragen en it sjueryrapport binne te lêzen yn it Rely Jorritsmanûmer fan Ensafh (jiergong 11, nûmer 4r 2019) en ûnder dizze link. Foto’s Piet Douma

 

De winners fan de Rely Jorritsmapriis 2018 binne

Boppe: Koos Tiemersma (lofts) en Lomme Schokker. Under, f.l.n.r.: Paul van Dijk, Edwin de Groot en Sipke de Schiffart.

Koos Tiemersma wûn in Rely mei it ferhaal De ereksje fan in oar, Lomme Schokker mei it ferhaal It weagjen fan de see, Sipke de Schiffart mei it  ferhaal In bysûndere moeting. Paul van Dijk krige de priis foar it gedicht Kintsugi foar in diggelbast, Edwin de Groot foar it gedicht Sa as di wynd fan  dae vlekenum wayde.

Foar de priisfraach wiene 63 ynstjoeringen ynkommen, t.w. 36 gedichten en 27 ferhalen. De sjuery, besteande út Tryntsje van der Steege (foars.),  Karen Bies en Douwe Kootstra, bekroande 2 fersen en 3 ferhalen. De bekroande ferhalen en gedichten binne publisearre yn Ensafh, jiergong 10, nr. 4r.