JP Bike - шаблон joomla Видео

Sjueryrapport Rely Jorritsmapriis

Rapport fan de sjuery fan de Rely Jorritsmapriisfraach 2021

In man, dy’t syn hiele besit net oan de tsjerke, net oan it Griene Krús, net oan syn húshâldster tamakke, mar oan de Fryske skriuwers, it moat wol in útsûnderlik man west hawwe, skreau Jan Piebenga yn 1955 oer de Jellumer skriuwer en keunstner Rely Jorritsma. Alhoewol’t de beweechredenen fan Jorritsma lang ûnderwerp west hawwe fan literêre polemiken, is it wol sa dat wy hjir no, yn 2021, foar de 67ste kear in jildpriis útrikke kinne foar in prestaasje yn de Fryske literatuer.

Dit jier hat dizze Rely-priis hast 100 skriuwers motivearre om harren gefoelens, tinzen en anekdoates - yn it Frysk of yn ien fan de streektalen yn Fryslân - oan papier ta te betrouwen en dêrnei oan ús, de sjuery, foar te lizzen. Wa’t dy ynstjoerders binne? Manlju, froulju of non-binêr, leeftyd, seksuele aard of kleur fan it fel... dat bliuwt in grut fraachteken foar ús oant it parseberjocht fan de stifting FLMD oer de winners klear is. Nei de ynstjoeringsdeadline yn maaie waarden de ynstjoerde bydragen nammentlik troch in amtner fan de gemeente Ljouwert anonimisearre, útprinte op wite A4’kes en yn in grutte blanko slúf trochstjoerd oan de sjueryleden.

2021 hat in knappe rispinge fan mar leafst 97 ynstjoerings oplevere. 34 koarte ferhalen en 63 gedichten hawwe wy troch ús hannen hân. Mei in grut ferskaat oan aktuele en nostalgyske tema’s: koroana, autisme, aaisykjen, it ferlies fan in dierber persoan, it Fryske plattelân, de ûnmacht fan it yndividu, de syktocht nei leafde of identiteit, fersteurde relaasjes of eigen tekoartkommingen. En ek dit jier kinne wy net ûntkenne dat guon fan ’e ynstjoerde ferhalen en gedichten ús pikefel joegen, ús triennen yn de eagen besoargen, of ús lûdop oan it laitsjen makken. As taskôger, as lêzer, binne wy fereare om op sa’n wize diel út te meitsjen fan al dy ferskillende wrâlden en kreative prosessen. Mar binne dat dan ek allegear winners? Nee.

Yn 1939 notearre Rely Jorritsma al yn syn deiboek dat it mei it Frysk noch te folle “poatsjebaaien” wie en it “swimmen” wêze moast. Mear as tachtich jier letter komt de sjuery wer, of noch altyd, ta deselde konklúzje. In ferhaal of gedicht moat goed fan taal wêze en dêr ûntbriek it by in soad ynstjoerings noch wolris oan. De sjuery is fan betinken dat it dochs wol in betingst is om ’e skriuwtaal op sa’n wize yn ’e macht te hawwen, dat dy net stiiffol staverings- en ynterpunksjeflaters sit, ear’t in stik foar de Rely Jorritsmapriis ynstjoerd wurdt.

Ek ynhâldlik wie it mar al te faak ‘poatsjebaaien’. Skriuwers dy’t al te foarsichtich besykje om mei ien tean it literêre wetter oan te reitsjen, bliuwe faak hingjen yn anekdoatyske ferhannelingen oer fiere oarden en de tiid fan doe, jitte hookstrooks in koer mei fantasy of byldspraak leech oer de lêzer of bringe in semy-mysterieuze ik-ferteller op it aljemint om, sa liket it hast, elke foarm fan fierdere djipgong te mijen. Krekt as mei swimmen is ek skriuwen in feardigens om te oefenjen en ja, dan geane je sa no en dan kopke ûnder. Ien kin it net leare troch altyd mar op it drûge te bliuwen. Lês it wurk fan oaren en sykje ris om in krityske mei-lêzer of in korrektor, is ús advys dan ek oan dizze ynstjoerders.

Gelokkich wiene der ek dit jier wer genôch nijsgjirrige ynstjoerings dy’t foar in priis yn ’e beneaming kamen. In wedstriid as de Rely-rally bliuwt nammentlik in sjuerysport en dêr leit ek de reden wêrom’t it oantal winners alle jierren fluktuearret. Trije sjueryleden mei in totaal oare eftergrûn, referinsjeramt en persoanlike foarkar, moatte meielkoar ta in oardiel komme. En dat kin ta diskusjes liede. Hokker teksten stekke boppe de midsmjitte út? Fertsjinnet in ynstjoering in grutter publyk? Is dit it nivo dat wy sykje en dêr’t wy grutsk op wêze kinne? Romte foar in oanmoedigingspriis is der, spitigernôch, net. Guon ferhalen of gedichten falle dêrtroch krekt bûten de boat mei prizen, mar ferdwine hooplik net foar ivich yn in laadsje. Mar oft dat al of net bart, is no oan de skriuwers sels en leit bûten de macht fan dizze sjuery.

Rianne Blokzijl
Inge Heslinga (foarsitter)
Beart Oosterhaven

July 2021

----------------------------------------

Ut de rispinge fan 2021 kin de sjuery dizze trije moai-dúdlike priiswinners oanwize yn de kategory Proaza:

Ferhalen

In frjemde fûgel - troch Elmar Kuiper
Dat aaisykjen ek in obsesje wêze kin, leart ús it haadpersonaazje Wietse yn it ferhaal ‘In frjemde fûgel’. Syn syktocht nei de moaiste ljipaaien wurdt allinnich ûnderbrutsen troch in koarte flirt mei in dame dy’t hy online moete hat. Alhoewol’t dizze Wietse mar al te graach in sydsulver ha wol, bliuwt syn passy op in hast bernlike wize ynstean tusken himsels en de gewoane bûtenwrâld. Dit linich skreaune ferhaal is sterk fan opbou, der is dúdlik oer de foarm neitocht, en it is goed fan taal en byld. De detaillearre beskriuwings fan it hanneljen fan de personaazjes, fan de romtes dêr’t sy harren yn bejaan en fan de natuer dy’t oeral om Wietse hinne is, soargje dat de lêzer yn de hûd fan de ik-persoan krûpe kin en der mar dreech útkomt.

Crossroads - troch Gerrit Hoekstra
Cyberpeste en slutshaming: de tematyk yn ‘Crossroads’ is bysûnder aktueel: jongfolwoeksenen dy’t hjoeddeiske kommunikaasjemiddels brûke om in oar mei sin en publyklik te fernederjen en harren net realisearje dat soks resultearje kin yn depressive klachten by it slachtoffer. Fjouwer ferskillende fertelperspektiven wikselje elkoar ôf yn dit ferhaal, oersichtlik skaat troch de boartlike foarm en typografy. De oanrin nei in úteinlike klimaks is al te fielen yn de earste alinea. De opbou fan it ferhaal, en dan benammen de soarchfâldich komponearre monologen, soargje dat ‘Crossroads’ (wêrom dochs in Ingelske titel?) oan ’e ein ta spannend bliuwt.

Op frijersfuotten - troch Bregtje Sijtsma
It ûngemak fan in earste ôfspraak yn de syktocht nei in partner is yn dit ferhaal tige goed werjûn. Mei in soad humor wurdt yn skerpe dialogen beskreaun hoe’t in treffen tusken de stedske Hannah en de - yn syn eigen eagen - aventoerlike Roy folslein mislearret op in kuiertocht yn de Skotske Heechlannen. De auktoriale ferteller is ûnmiskenber op syn bêst op de mominten dat hy syn protagonisten mekoar karakterisearje lit: mei rake, somtiden hurde en hast synyske typearrings fan uterlik en gedrach. ‘Op frijersfuotten’ is flot skreaun, byldzjend en maklik lêsber en soarget dat de lêzer mei nocht dielgenoat wêze wol fan dit ferhaal.


Gedichten
Fan ’e mei-inoar 63 ynstjoerde gedichten, in tal dêr’t de sjuery tige mei op ’t skik wie, wurde de neikommende trije foardroegen foar in priis:

In healsliten aureoaltsje (op ’e tee by W.) - troch Fedde Dijkstra
It langere gedicht ‘In healsliten aureoaltsje’ bestiet út in syklus fan fiif romeinsk (I o/m V) nûmere trijerigelige fersen en toant fuortdaliks in dichter, dy’t master is oer sawol de taal, de foarm as de ynhâld. De skynbere ienfâld dy’t dit gedicht yn earste ynstânsje sa lêsber makket, fereasket tagelyk in twadde of tredde lêzing om dochs mear fet te krijen op de reis dy’t de ik-persoan makket. Want binne wy no tsjûge fan in moeting tusken twa skriuwers of sit it dochs oars? In tige nijsgjirrige bydrage, dy’t de lêzer net gau ferfele sil.

Ferlosboartsje - troch Elmar Kuiper
Yn njoggen twarigelige strofen fan lichte toan, mei in treffend ienrigelich ein, bringt de dichter yn ‘Ferlosboartsje’ in oertsjûgjend earbetoan oan ’e ‘soan’. Beskreaun wurdt de leafde foar it berntsje mei de skeinspruten, dat yn ’e skimer de oandacht lûkt. It gedicht is geef fan taal en ryk oan byld, sûnder de lêzer te oerfuorjen mei klisjees. It boartsjen mei de ynterpunksje en it weilitten fan haadletters (útsein yn de titel) drage allinne mar by oan it fertraagjende tempo dêr’t de lêzer de mei soarch foar kar nommen metafoaren ta him nimme kin. Dit ambachtlik skreaune fers fertsjinnet sûnder mear de Rely Jorritsmapriis.

It waad - troch Sytse Jansma
Yn dizze oade oan it Waadgebiet wurde natuer en keunst fernimstich oan inoar ferbûn. Mei help fan allerhanne muzykterminology, en dêrby sawol klassike Italiaanske tempo-oantsjuttings as in bekend Iersk seemansliet brûkend, komt de natuer yn ‘it waad’ op in ûnferwachte wize ta libben. Troch de twaspjalt dy’t ûntstiet troch oan de iene kant de rûge aspekten fan it Waad te heinen yn in strak orkestrearre notaasjesysteem, mar oan de oare kant ek noch de ferliking te meitsjen mei de ûnkontrollearre gaos fan in drokbesochte kroech, wurde alle sintugen prikele en dat makket dit gedicht ta in terjochte winner.

 

Sjueryferslach Rely Jorritsmapriis 2020
Dat de Rely Jorritsmapriis 67 jier nei de start skriuwers en dichters noch altiten nei de pinne gripen docht, mei dúdlik wêze; it tal ynstjoerings fan ’t jier koe (wer) besjen lije: 56 gedichten en 32 ferhalen.

It nivo fan de Rely Jorritsmaprizen is heech en de sjuery koe fernimme dat de ynstjoerders soarch bestege hienen oan harren wurkstikken. Om as (nije) ynstjoerder it hege nivo krekt yn te skatten, bliuwt in earder adfys aktueel: lês de priiswinnende bijdragen fan de ôfrûne jierren. Se binne allegear te finen yn de temanûmers fan it tydskrift ensfh.

Ek wol de sjuery noch ris beklamje dat it by de beoardieling net bekend is at de skriuwer in man of frou is, jong of âld, wenachtich yn de provinsje of net. Se basearret har oardiel louter en allinne op de útprinte A4’kes, dêr’t behalve in folchnûmer gjin inkeld persoanlik gegeven op stiet.

De lingte fan benammen de ferhalen rûn enoarm út elkoar. It langste wie mar leafst 20 siden, it koartste in heale.

Oer’t generaal wienen styl en stavering fan proaza en poëzij ynoarder.

De keazen ferhaletema’s bestienen, lykas oare jierren, út in grut ferskaat. De aktualiteit spile in rol yn de foarm fan de coronakrisis. Fierder kaam it hiele libben foarby: relaasjes, begraffenissen, feroaring fan de wrâld, in dochter of soan dêr’t it bestean net fan bekend wie. Der sieten raamfertellings tusken, fiks wat anekdoatyske ferhalen en in pear dy’t allinne mar út dialooch bestienen. Wy hienen der sels in fertellend kafee, in deiboek en in pratende rat by. By it proaza foelen fan ‘t jier twa ûnderwerpen op.

In tal ferhalen einige yn in ferskriklik drama, of suggerearje soks op syn minst. Grouwelige tastannen, bluodderige taferielen, selsmoarden, it gong der om wei. Mar as it drama him op de earste side al oankundiget, moat de auteur wol wat yn syn mars ha om yn de rest fan it ferhaal de oandacht fan de lêzer fêst te hâlden. It plaatsje dat er beskriuwt moat kwa taal, byld en ûntjouwing folslein wêze. Dêr passe, bijgelyks, gjin stylbreuken en it ôfraffeljen fan de plot by.

Opfallend wie ek dat in pear ferhalen skreaun wienen fanút it berneperspektyf. It bern sjocht nei de wrâld en nimt de lêzer mei op syn reis troch it libben. Dizze technyk is op ´t heden yn de wrâldliteratuer populêr. Mar it is hjir krektsa as mei de earder neamde misdiedferhalen, de útwurking moat dan wol fan in heech nivo wêze. It keazen perspektyf liket al gau in manier om op de oerflakte te bliuwen of in beheinde wurdskat te omsilen.

In flink tal fan de dichters sike harren ûnderwerpen yn de eigen provinsje. Gjin wûnder dus dat wetter, en alles wat dêr oan byldspraak by heart, in belangrike rol spile. Fierder kamen klassike thema’s lykas de natuer, de leafde en ferlies fan neisten in soad foar. Ek de aktualiteit, mei corona as haadpunt, waard yn in tal fersen beskreaun.

De sjuery krijt fan it stichtingsbestjoer alle jierren ien hiele dúdlike ynstruksje: allinne de allerbêste ynstjoerings bekroane. Oars as yn it skiere ferline besteane der gjin twadde en tredde prizen, oanmoedigingspremy’s of earfolle fermeldings. Dat der út de protte ynstjoerings diskear mar trije priiswinners kamen, betsjut net dat der net genôch kwaliteit tusken siet, mar de sjuery is op syk nei krekt dat bytsje ekstra’s dat der foar soarget dat in ferhaal of fers mei kop en skouders boppe de rest útstekt op it mêd fan in goede opbou, in heldere struktuer, in lekker ritme, djipgong mar tagelyk ek tagonklikens, leauweardigens, subtiliteit, orizjinaliteit. It is yn eardere sjueryrapporten ek al sein: de lêzer moat rekke wurde. Better as Julian Barnes yn ien fan syn essays yn de bondel Through the window kinne wy it net sizze: Ast in goed boek of ferhaal lêst, ûntsnapst net oan it libben, do stoartst dy der krekt djipper yn. Der kin sprake wêze fan in oerflakkige ûntsnapping - yn ferskillende lannen, mores, spraakpatroanen - mar watst yn wêzen dochst is dyn begryp fersterkje fan de subtiliteiten, paradoksen, wille, pine en wierheden fan it libben. Lêzen en libben binne gjin ûnderskiedende mar symbioatyske wearden.

Krekt as oare jierren is der lang en breed praat oer in stikmennich subtoppers, sawol by it proaza as by de poëzy. Dy ynstjoerings binne miskien goed genôch om publisearre te wurden mar net sterk genôch foar in priis.

Priiswinners

De bêste ynstjoerings fan dit jier binne it ferhaal Ni Hao fan Elmar Kuiper, it ferhaal Total loss fan Sjoerd Bottema en it gedicht It famke fan Syds Wiersma.

Ni Hao

Ni Hao is it ferhaal fan Gysbert Groen út Ni Frisia. De skriuwer sketst in dystopysk takomstbyld, fleurich mongen mei eleminten fan de tienerfilm Weird Science en in fleuchje fan de cartoonfamylje The Jetsons.

It hjir en dêr hilaryske ferhaal begjint mei in detailearre beskriuwing fan in wrâld dy’t noch net bestiet mar wol tige realistysk delset is. Trochdat der gjin oerdreaune science fiction beskreaun wurdt en de nije wrâld frij ticht by de wurklikheid bliuwt, is de omskriuwing tige oannimlik en net steurend foar dyjingen dy’t net fan it sjenre hâlde.

It ferhaal hat meardere fertelperspektiven. Dat jout in ekstra diminsje en soarget der foar dat de lêzer it lêste part fan it ferhaal troch de mechanyske eagen fan Gysbert syn robotfrou Huang folgje kin.

It ferhaal spilet yn in wrâld fan Sineeske oerhearsking dêr’t Xi Jin Ping III de baas is. Iten en it keapjen dêrfan spylje in grutte rol yn it ferhaal. It oersetten, ferhaspeljen of betinken fan de Sineeske nammen fan personaazjes, plakken en itenswaar hat de skriuwer treflik en dus leauweardich tapast.

It linich skreaune ferhaal hat humor en sit grôtfol subtile ferwizings nei moderne muzyk, films en aktuele tema’s lykas corona en de MH17-ramp.

Robot en minske komme yn it ferhaal ticht by elkoar, op in hiele natuerlike wize. De natuer is hast ferdwûn. Dat kin net sein wurde fan de minsklike driften. Gysbert stelt dêrom hege easken oan syn robotfrou. En as se in nije chip krijt, komt se gefaarlik ticht yn de buert fan in echt minske mei alle problemen dy’t dêr by hearre.

In sterk en boartlik ferhaal dat naadleas oanslút by de aktuele soargen oer de tanimmende ynfloed fan Sjina rûnom op ’e wrâld.

Total loss

In flot skreaun ferhaal fan in âldere man dy’t nei oanlieding fan in anonime, hollânsktalige brief fan de him folslein ûnbekende Stipke weromsjocht op syn libben. It ferhaal komt daliks binnen by de lêzer, der bart in soad en de útwurking ûntjout him fia ferskillende linen dy’t raffinearre yn elkoar oer geane. De hieltyd koarte tinzen fan de skriuwer, it ritsje mei de auto en de sinnen út de brief fan Stipke ha alle trije harren eigen toan en wurde sa goed skieden. De ferteller liedt de lêzer op in soepele manier hinne en wer tusken syn oantinkens fan doe oan de wylde autorit en de prakkesaasjes fan no. De skriuwer jout dat typografys ek noch ris dúdlik oan troch tusken it doe, it no en de sitaten út de brief fan Stipke flink wat wyt oer te litten.

Krekt as by nochal wat oare ynstjoerings slút dit ferhaal ôf mei de oantinkens oan in dramatysk barren, in heftige klimaks. It sterke is dat de haadpersoan, de ferteller, al weromsjend suver lakonyk, ja, hast saaklik, al dy yngripende feiten op in rychje set. Gjin emoasjes; wat west hat, hat west.

De lêste alinea is in hiele bysûndere, hast absurdistyske mar benammen izersterke ôfsluting. Op presys it goeie momint ferskoot de skriuwer fakkundich noch ien kear de fokus en slacht dêrmei net allinne de perfekte toan oan, mar slút ek it ferhaal op in ferrassende wize ôf.

It famke

De sjuery wie it der daliks oer iens dat dit lange, ambachtlike fers wat bysûnders is. It famke is in poetyske fertelling dy’t him ôfwikkelet oer in lange perioade út it libben fan de haadpersoan, in godlik útferkard famke. De trochgeande syklus fan it barren, it rypjen en de feroaring soargje dat de lêzer fêsthâlden wurdt en hieltyd mear witte wol oer de folgjende fase. Hoe giet dit orizjinele, poetyske reisferhaal fierder oer de wrâld?

It tige fakkundich skreaune fers is ryk oan taal, byldspraak en sit fol ferwizings nei bibelske tematyk, skiednis en sterk tapaste aktualiteiten. Twa poalen wurde tsjin elkoar oer set: It ierdske bestean, bijgelyks it famke as stazjêre by Yntratún en de jonge fuotballer fan Athletíc Bilbao, versus de magy, de godlike (of natuerlike?) krêften dy’t de haadpersoanen taskikt krije en trochjouwe as de tiid ryp is.

Yn kursyf krijt it famke twa kear it boadskip dat se harsels bliuwe moat en de tiid nimme moat om har wiisheid te iepenbierjen en troch te jaan as se tinkt dat dy wiisheid wat úthellet yn it ierdske bestean fan de minsken. Sa krijt ek de lêzer in oanwizing oer wat krekt de bedoeling is fan dizze bysûndere reis troch Europa.

In knap gedicht dat mei elke kear lêzen moaier wurdt.

Manlju en froulju

Noch in ôfslutende opmerking. Manlju winne yn Fryslân (en ek yn Nederlân en dêr bûten) faker in literêre priis as froulju. Dit gegeven is de lêste jierren in punt fan diskusje. It like de sjuery dêrom nijsgjirrich om, fansels nei it definityf fêststellen fan de priiswinnende bijdragen, it bestjoer fan de Rely Jorritsmapriis te freegjen (foar it earst?) ris nei te gean hoe’t de ferhâlding leit tusken manlju en froulju. Dêr kamen de folgjende sifers út: der wienen 51 manlike en 35 froulike meidoggers. 6 manlju en 2 froulju stjoerden mear as ien tekst yn.

Rianne Blokzijl
Inge Heslinga
Douwe Kootstra

 

Sjueryferslach Rely Jorritsmapriis 2019

Ferline jier stie de sjuery hjir mei in boadskip oan de Rely-ynstjoerders. Wy hiene doe nammentlik tefolle wurk troch hannen krigen, dat by lange net foldie oan wat neffens ús it nivo is fan de Rely Jorritsmapriis. Ynhâldelik en taalkundich kamen wy safolle flaters tsjin, dat de tekst soms amper benei te kommen wie. Us advys wie doe: lit jo wurk lêze troch in oar, ien mei ûnderfining. Lês sels ferhalen en gedichten fan eardere priiswinners. Wês net te gau tefreden. Skerpje it ferhaal oan, helje yn elts gefal de taalflaters der út! Ek poëzy, hoe heimsinnich fan ynhâld en eksperiminteel yn foarm ek, hat ‘m te hâlden oan in minimum oan regels. Jo wolle dochs dat jo gedicht lêzen wurdt en in lêzer, yn elts gefal in Rely-sjuerylid, moat de ein wol helje.

Us fraach om mear soarch en oandacht hat wol holpen, is ús yndruk nei it lêzen fan de nije rispinge oan ferhalen en gedichten. Lykas yn 2018 wiene der in moai oantal ynstjoerings. Diskear 25 ferhalen en mar leafst 56 gedichten. De kwaliteit fan de ferhalen wie oer it generaal aardich goed, fûnen wy. It Frysk wie better. Oer in tsiental ynstjoerings twifelen wy oft se mooglik yn oanmerking komme soene foar in priis. Mar sa’t it nó foar ús lei, bleau it in twifelgefal, en dat is net genôch. Der wiene in pear gedichten dy’t foar de sjuery foar in part ûnbegryplik wiene. Hjir folge de dichter sa bot syn eigen taalpaad, tinzen en logika, dat it foar de lêzer in toer wurdt om der grip op te krijen.

Wat wy wolle is meinommen wurde yn in orizjineel ferhaal dat technysk doocht, mei in goede opbou, in heldere struktuer en in lekker ritme. Leafst rint it as in trein, binne de dialogen leauweardich, lêze wy skerpe karakterisearrings, knappe bylden en gjin klisjeemjittige fergelikings. De skriuwer brûkt in orizjineel gegeven of wit in orizjinele benadering fan in tradisjoneel tema te betinken. It ferhaal moat de lêzer reitsje mei emoasjes lykas humor, frustraasje of fertriet en werkenbere personaazjes. It ferhaal nûget út nei fierder lêzen, bringt de lêzer op in oare foet, set oan ta neitinken. Der wurdt in soad frege fan de ferhaleskriuwer. Fan dichters net minder: in goed gedicht is orizjineel en ferrassend, nimt de lêzer mei, kin de wrâld eigenwiis typearje of op ‘e kop sette, lit de lêzer de saken oars besjen.

By in gedicht wurde (meastal) minder wurden brûkt as yn in ferhaal en dus moat it gau rekke wêze. Poëzy freget dus ek noch om skerpe observaasjes, in soarchfâldige wurdkar en in wrâld fan moaie, autentike bylden.

Wy hawwe de measte ynstjoerings mei nocht lêzen. Eins giet skriuwen net om it winnen fan in priis, it giet om de wille fan it skriuwen en miskien ek wol de lottering dy’t de skriuwer sels hat by it ferwurdzjen fan syn of har fantasy, gedachten en leaf en leed. Wat ús opfoel: hast allegear de ferhalen en gedichten geane oer relaasjes. Leafdes tusken twa minsken, ferhalen oer beppe, heit, styfmem, broers, húsgenoaten, de buorman, in ferweesd bern, yn in inkel gefal in beam. De relaasje mei oaren is blykber dêr’t it om draait yn it libben, en dus ek yn skreaune ferhalen. Oare tema’s dy’t dit jier faak foarbykomme binne langstme en feroaring. Langstme, nei de partner dy’t net mear ûnder ús is, of dy’t stadichoan ferdwynt yn de dize fan geastlike efterútgong. Langstme nei de pleats fan heit en pake. Nei in tiid dat alles behapber like. Nei in tiid dat de leafde tusken do en my noch taastber wie. 

En it tema feroaring, troch de komst fan oare kultueren nei ús fertroude omjouwing. Feroaring fan ús blik op de wrâld, fan relaasjes binnen in gesin, in famylje, in strjitte of stêd.

Priiswinners

Wy hawwe fiif dúdlike winners, dêr’t wy fan oertsjûge binne dat se in Rely Jorritsmapriis fertsjinje. Se binne publisearre yn de nijste Ensafh. Twa ferhalen, beide mei in aktueel tema. En trije gedichten, gefoelich fan sfear en mei faasje skreaun

 

Gedicht: Sleau mei lok  -  Jetske Bilker 

As in papieren sirene jout de haadpersoan fan dit bitterswiete gedicht de bondel ‘Slordig met geluk’ (de Fryske titel fan it gedicht ferwiist dêrnei) fan Menno Wigman (2016: Prometheus, Amsterdam) oan syn of har partner. ‘Sa hope ik dy mei fersen te kearen’, lêze wy. Mar de sirene berikt har doel net. De partner yn kwestje heart de wûndermoaie sangen net iens: de bondel krijt in plakje ûnder in kessen en it lûd ferstommet. C'est le ton qui fait la musique. En ‘de toan makke gjin muzyk mar skraste’. 

It gedicht is melodieus komponearre en liket ree om foardroegen te wurden. Krekt as yn Wigmans poëzy is de sinsopbou meislepend en liket it, nettsjinsteande it minimale gebrûk fan ynterpunksje, hast in proaza-fertelling. It kontrast tusken de ferliedlike sirene en it âljen, hymjen en flokken fan de partner by it fuortsmiten fan de dichtbondel yn de kontener koe net grutter. Langstme en lijen gean hân yn hân yn dit gedicht. ‘Mar/ sis it mar as it oars is yn it libben sels’. 

 

Gedicht: Wy kinne…  -  Henk Nijp

It gedicht begjint mei in sitaat út Ernest Thompsons toanielstik ‘On golden pond’ út 1979. Dizze koarte dialooch tusken dochter en heit set de toan fan it gedicht ‘Wy kinne...’, mar kreëarret fuortdaliks ûndúdlikens by de lêzer. Binne de ‘wy’ út de titel partners fan mekoar, of giet it hjir ek om oare famyljeleden?

Foar dizze twa minsken is harren libben tegearre sa fanselssprekkend, dat se mei in heal wurd wol ta kinne. Soms binne der gjin wurden foar te finen. Mar de dichter wol ek krekt beneame wat der ûnsichtber bestiet tusken har beiden.

In soad brûkte útdrukkings yn de earste strofe (witte hoe’t de hazzen rinne, sa leit it lân der hinne) binne grif mei sin keazen: se passe presys by it ûnderwerp fan dit fers: wy hoege neat mear te beneamen, wy litte de blikken sprekke. En dêr’t gjin wurden foar binne (twadde strofe) dat litte wy mar sa. Yn de tredde strofe docht bliken dat it span yn de rook en de rêst fan de simmer de takomst treast is (‘diggels wiskje wy wol fan ús paad’.)

In sfearfol fers dat in wrâld fan geburgenheid, leafde en dochs ek spanning yn moaie rigels wit te fangen.

 

Gedicht: Ik miende…  -  Remco Kuiper

Ik miende... ik tocht... mar is it ek sa? Dit is gjin gedicht fan wis wêze, mar fan twifel.

De earste gedachte: in gedicht oer troubrek. De wurklikheid is besward, de beareklau snoeid, de daksgoaten skjin, it wurk oan kant, alles ûnder kontrôle, mar net de relaasje. Mar dan komt de ûnsekerheid. Krijt de lêzer hjir in ferhaal ûnder eagen fan in persoan dy’t fertriet hat oer wat him oerkommen is, of fan ien dy’t spyt hat oer wat hy in oar oandien hat? Wa is hjir it slachtoffer en boppedat: is de ferteller, mei syn eigen ûnderstelde wierheid, wol de meast betroubere persoan om de lêzer dêryn fan ynformaasje te foarsjen? De opsetten foks yn de lêste strofe, symboal fan bedroch en slûchslimmens, jout it antwurd ek net: ek de foks liket sa syn twifels te hawwen oer in goede ôfrin.

It gedicht ‘Ik miende…’ pakt de lêzer op en nimt him seis strofen lang mei yn wat by de earste lêzing noch in maklik te behappen fers like. Mar neidat de lêzer loslitten is, slacht ek by him de twifel ta: ik tocht dat ik it wol goed lêzen hie; ik miende dat de skriuwer dit bedoelde. Om dêrnei te tinken: nei de twadde lêzing is it miskien dochs oars.... Of net? 

 

Ferhaal: Ik doch it foar dy.  -  Elmar Kuiper

It ferhaal nimt jo mei yn in man syn seksuele obsessy foar in froulike kollega. Hy stalkt har fia it ynternet. De man is sels ICT’er en tinkt him ûntrasearber. Heechmoed komt foar de fal. Dizze idele man, tige mei himsels ynnommen, wit alles fan de moderne kompûtertechnyk. Hy fielt en gedraacht him as in God yn de nije wrâld fan hacking en darknet: hy kin bepale wa’t in firus krijt en wa’t alles ferliest. Mar as it giet om sosjale ynteraksje, dan liket it oft hy allinnich noch kommunisearje kin fia syn kompûter. De natuer om him hinne stjert, mar dat sjocht hy net. Dêrfoaroer, de nep-beam mei de nep-aap en de nep-natuerlûden yn it atrium fan syn kantoar hawwe wol syn omtinken: dy ferbyldzje prachtich de mentaliteit fan him en fan syn eigen bedriuw en fan de kreëarre jungle dy’t it ynternet wêze kin.   

Natuer fersus technyk en hoe’t de minsk him dêr tusken ferhâldt. In minsk kin noch safolle kennis hawwe fan technyk, sa fier foarop rinne yn de evolúsje, mar de minsk kin syn natuerlike (lêes: seksuele) driften nea ynbine. De dream dy’t de haadpersoan hat, oer in man fan blik mei elektroanika as yngewanten dy’t mei in ereksje op in snijtafel by in sjirurch leit, lit presys dit byld sjen. 

It ferhaal sit fernimstich yn elkoar, mei kontinue ferwizings nei de ferhâlding tusken minsk, natuer en technyk. De skriuwer fan dit ferhaal hat mei syn wurdkar, mei de beskriuwing fan de (inerlike) dialogen en mei syn kar foar aktuele tematyk yn in útsprutsen hjoeddeiske setting, der foar soarge dat dit ferhaal lêst as in trein.

 

Ferhaal: Kimboeëwij  -  Geart Nauta

De rêst en de ûnskuld sa ast dy tsjinkomst op in bernebuorkerij, stiet yn dit ferhaal yn grut kontrast mei de hurde, komplekse en fertrietlike wrâld dy’t it gesinslibben wêze kin. ‘Kimboeëwij’, bernetaal foar ‘kinderboerderij’, is de inerlike dialooch fan in pake mei syn ferstoarne frou, wylst hy mei syn pakesizzers in útstapke makket. Mar mear noch as in ienfâldich útstapke is dizze middei foar de pake in flecht yn eigen gedachten om syn ferstoarne frou om ried te freegjen, as wie it in gebed (‘Opa, u bent aan het bidden.’). Ried om syn pakezizzers hooplik te behoedzjen foar in potinsjeel ûnfeilige thússitewaasje en om syn skoandochter de tiid en romte te jaan in bettere kar te meitsjen. Ried oer hoe om te gean mei de tiid dat hy wol troch hie dat syn soan aardich wat egosentryske manierkes ûntwikkele, mar dat hy leaver ôfstân naam as yngriep. Kin hy himsels wat ferwite? 

‘Kimboeëwij’ is in útkynde kombinaasje fan ferhaallinen oer it moderne trijetalige gesin dêr’t pake oppast yn it no, mei weromblikken nei de tiid dat syn soan noch thúswenne, de drege perioade nei it ferstjerren fan syn frou en de karakterferoaring fan syn soan dy’t dêrop folge. De lêzer wurdt meinommen yn in dramatysk ferhaal mei in iepen ein. De skerpe observaasjes en rake opmerkings dy’t de skriuwer hast achteleas yn it ferhaal ferwurke hat, kreëarje in nijsgjirrige en libbene setting foar de lêzer fol kleur, geur en beweging.  

Inge Heslinga
Douwe Kootstra
Karen Bies

24 july 2019

 

 

Sjueryferslach Rely Jorritsmaprizen 2018

It is elke kear wer in ferrassing as it pakket mei Rely-ynstjoerings yn de brievebus sit. Hoe folle soene it der wêze? Wêr soene se oer gean? En wat soene de kânshawwers wêze? It wie in moai tal ynstjoerings dit jier: 63 yn totaal, wêrfan 36 gedichten en 27 ferhalen. It ferskaat wie grut op alle mêden: lingte, lêsberens en keazen tema’s. Dat gie fan aktueel oant nostalgysk, fan opbloeiende leafdes oant frjemde famyljeleden, fan fertriet en ferlies oant feesten en filosofy. En de see, dy wie ek in tankber ûnderwerp dit jier. 

Foar de sjuery binne lykwols net de keazen tema’s fan belang by it beoardielen fan de ynstjoerings, mar fansels wat dêrmei dien is. Wat we sykje is in technysk goed ferhaal of gedicht, dêr’t de opbou fan kloppet, en dat in lekker ritme hat, sawol kwa taalgebrûk as kwa struktuer. It moat de lêzer oantrúnje ta lêzen en op ’e nij lêzen, en oansette ta neitinken en oars besjen. Dat slagget mei moaie bylden, knappe, net klisjeemijittige fergelikings, en skerpe karakterisearrings, mar ek troch in orizjineel gegeven te brûken of krekt in orizjinele benadering fan in tradisjoneel tema. En fansels moat in ferhaal of gedicht de lêzer reitsje, mei emoasjes lykas humor, frustraasje of fertriet, en mei sympatike en/of werkenbere personaazjes. Dat alles soarget derfoar dat in wurk leauweardich is, en dat it de lêzer oertsjûgje kin – sa as it gefal wie by de fiif priiswinners dit jier. 

Neist de priiswinners wie der noch in tsiental ferhalen en gedichten, dêr’t we as sjuery lang oer praat ha. It wiene ynstjoerings dy’t allegearre wol wat hiene, mar dy’t dochs wat essinsjeels misten. Fan guon ferhalen wie de ûnderwerpkar tige orizjineel, mar mei’t de opbou fan de ferhaalline net doogde koene se de sjuery dochs net oertsjûgje of meislepe. Oan de oare kant wiene der in pear ferhalen dêr’t de opbou wol fan kloppe, mar wêr’t de ynhâld te min djipgong hie om leauweardich te wêzen. Datselde jildt foar de gedichten: der wiene in stik as wat dy’t technysk prima yn oarder wiene, mar dêr’t de bedoeling te dizenich fan wie, dêr’t sizzenskrêft yn ûntbruts, of dy’t krekt te folle seinen en te min rûmte lieten foar ynterpretaasje en eigen ferbylding fan de lêzer. Mei’t der by de Rely gjin oanfiterprizen mear útrikt wurde, moatte de priiswinnende ynstjoerings oer alle boegen oan de sjuery-easken foldwaan; in wurk dat ‘yn de buert komt’ krijt dus gjin priis. 

It is dêrom dat mei sa’n grut tal ynstjoerings it tal prizen net sa grut is. It grutste part fan de ynstjoerings foldie neffens de sjuery net oan it nivo dat jo ferwachtsje meie by in literêre priis. Der wiene ynstjoerings mei in soad flaters, ynhâldlik likegoed as taalkundich, dy’t dêrtroch dreech nei te kommen wiene. Wy ha ús mear as in pear kear ôffrege of in wurk wol neisjoen of neilêzen wie, troch de skriuwer sels of troch in oarenien. Fansels witte wy net hoe’t elk fan de ynstjoerings ta stân kaam is, mar yn it algemien wol de sjuery dochs beklamje hoe wichtich it is om jo wurk troch oaren lêze te litten, en om sels wurk fan oaren te lêzen. Wês net te gau tefreden mei it resultaat en skerpje it ferhaal of gedicht oan mei de krityske ynbring fan meilêzers, of oan de hân fan ynspirearjende foarbylden. Sa komme jo ta in better – en mooglik priisweardich – einprodukt. Achter elke grutte skriuwer stiet ommers in goeie redakteur, of yn alle gefallen in krityske meilêzer, en in goed folde boekekast. 

De bêste ynstjoerings fan dit jier binne de folgjende twa gedichten en trije ferhalen.

Gedichten

Sa as di wynd fan dae vlkenum waait fan Edwin de Groot: In gedicht oer feroarjende taal, ferdwinende wurden, en it foarmjen fan klank en betsjutting: in tonge krôlet om in wurd, in simmerwjirm kronkelet op in goed trochbakt fytspaad, in moaie útering dwarrelet ûnferwachte as in foto út in boek. De dichter brûkt heldere bylden en lûden, dy’t mei soarch keazen binne foar it moaiste resultaat – sawol kwa ynhâld as kwa foarm. Dy binne perfekt mei inoar yn lykwicht; de strofen sels kronkelje ek oer de side en einigje kompakt oprôle, krekt sa’t it lêste fers beskriuwt. In knap gedicht dat wat te rieden oerlit, en mei elke kear lêzen moaier wurdt.

Kintsugi foar in diggelbast fan Paul van Dijk: In brutsen hert en de Japanske keunst om mei goudlym wat dat stikken is wer better te meitsjen – op it earste each twa klisjees dy’t yn keunst en literatuer gauris útmolken wurde. Dochs wit de dichter fan Kintsugi foar in diggelbast te oertsjûgjen troch it ritme yn en tusken de rigels, en troch de orizjinele observaasjes yn it gedicht: ‘in man, de eagen frij fan twirren | en ivige simmers yn it hier’. It hertsear fan de ik-persoan wurdt sterk febylde, lykas syn besykjen de diggels fan syn hert sels werom te triuwen; de ‘stikjes mei ûnbesliepte nachten, in fragmint | mei stiennen blommen en in splinterke ôfskied’. In licht en oprjocht gedicht, yn gewoane, ienfâldige taal, mar mei in wrâld oan betsjutting der achter.

Ferhalen

De ereksje fan in oar fan Koos Tiemersma: Libbensecht en o sa werkenber sketst de skriuwer de setting fan dit ferhaal, in as American Ribhouse oanklaaide fretskuorre. De ferteller en syn frou krigen in itentsje yn dit restaurant kado foar harren troudei, mar fiele harren der eins fierstente goed foar. De ordinêre entûraazje dêr’t se yn telâne komme wurdt mei faasje en humor beskreaun, like fet oanset as it iten dat serveard wurdt. Nei’t de man in opmerking fan syn achterbuorman opfong hat dat dy ‘in stive as de Aldehou hat’, wurdt er hielendal yn beslach naam troch dat gegeven, en troch wat dat by himsels losmakket. It is knap hoe’t de skriuwer psychologyske djipgong wit oan te bringen ûnder alle banaliteit yn dit ferhaal, en hoe’t sinisme omslacht yn selsynsjoch by de haadpersoan. De ereksje fan in oar is skreaun yn tagonklik en soepel Frysk, mei rûch praat en orizjinele byldspraak, somtiden tsjin it absurde oan – krekt as de ein, as de situaasje folslein ûntspoart. Hoewol’t dat net hielendal as in ferrassing komt, docht it neat ôf oan de enerzjy en it entûsjasme dêr’t dit ferhaal mei ferteld wurdt.

It weagjen fan de see fan Lomme Schokker: In aktueel ferhaal mei in suver wat mearke-eftige útstrieling, ien fan de pear ynstjoerde ferhalen dy’t harren bûten Fryslân ôfspylje, en dat ek bûten de bewende paden stapt as it om ûnderwerp en taalgebrûk giet. It weagjen fan de see is in mooglike wierheid achter de bekende foto fan it ferdronken flechtlingjonkje – dat lykwols net sa letterlik beneamd hoechde te wurden oan de ein fan it ferhaal. It boadskip fan it ferhaal op himsels is nammentlik krêftich genôch. It wurdt ferteld fanút de eagen fan in jonkje dat net alles begrypt mar krekt genôch troch hat. Hy moat mem en syn hûs achterlitte, om mei heit, omkes en syn knuffel Dhinne op syk te gean nei in better plak. De reis fan de mannen wurdt hiel moai beskreaun, yn in poetyske, hast ympressionistyske styl. De skriuwer wit de tinzen en observaasjes fan it jonkje knap wer te jaan yn kompakte, orizjinele formulearrings, en wikselet sa no en dan nei it perspektyf fan de heit, dy’t mei wat mear ôfstân beskreaun wurdt. It fertelde krijt dêrtroch gjin ûnnedige swierte of sentimentaliteit, mar komt des te hurder binnen as je lêze wat der tusken de rigels stiet.

In bysûndere moeting fan Sipke de Schiffart: In deanormale hanneling as boadskippen dwaan wurdt in absurdistyske eksersysje yn dit flotte, humoristyske ferhaal. Joop Greven wurdt yn de supermerk oansprutsen troch ‘in man en frou, tritigers, wat slonzige types’, dy’t him op in ûnbeskamsume manier allegear yntime, ynkringende fragen stelle. Se meitsje der suver in wedstrydsje fan wa’t it bêste ynskatte kin oft Joop man of frou is, homo of hetero, maagd of dochs net. Joop fielt him ûngemaklik, mar lit it oer him hinne komme, wylst Johnny en Monique harren skynber fan gjin kwea of skamte bewust binne. Troch de realistyske dialogen en de knappe wikseling fan perspektiven wurde je as lêzer sawol yn Joop syn skuon set, as yn dy fan it ûnderfreegjende twatal. Dat hat in ferfrjemdzjend effekt, krekt as it ferrassende slot fan it ferhaal, dat hilarysk en tragysk tagelyk is; je moatte der om gnyskje, mar it fielt as mei dat eins net. Moai as literatuer soks losmeitsje kin.