JP Bike - шаблон joomla Видео

NIJS

26 augustus 2019

Utnûging                    

Op 10 septimber oansteande is it 60 jier ferlyn dat de stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) oprjochte waard. Yn 2002 is stifting FLMD mei twa oare ynstellings fierder gien as it hjoeddeistige Tresoar.

It bestjoer fan de stifting FLMD nûget jo fan herten út om it 60-jierrich jubileum feestlik mei harren te fieren op:

sneontemiddei 14 septimber

fan 15.00 oant 18.30 oere yn Tresoar

Programma

15.00 oere - ynrin mei kofje en tee               

15.30 oere - wolkom troch foarsitter Willem Verf

15.35 oere - FLMD oant en mei 2002, troch Tineke Steenmeijer–Wielenga

15.50 oere - gedichten  en sang Elise Westerhof

16.05 oere - oanbieding Frysk literêr presintsje oan in tal 60-jierrigen

16.15 oere - Frysktalige poetry slam, in priuwke 

16.45 oere - Fryske literatuer binnen Tresoar troch Bert Looper

17.00 oere - neisit mei in hapke en in drankje

Ut namme fan it bestjoer fan stifting FLMD

Willem Verf, foarsitter.

Graach wolle wy witte op hoefolle minsken wy rekkenje kinne. Wolle jo dit foar 7 septimber fia de mail trochjaan oan Lysbert Bonnema? (mailadres: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.)

 

 

23 july 2019

Fiif winners fan Rely Jorritsmapriis 2019

LJOUWERT – Twa ferhalen en trije gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Ik doch it foar dy’ fan Elmar Kuiper út Jorwert en ‘Kimboeëwij’ fan Geert Nauta út Wergea. De winnende gedichten binne ‘Sleau mei lok’ fan Jetske Bilker (Achlum), ‘Wy kinne...’ fan Henk Nijp (Mantgum) en ‘Ik miende’ fan Remco Kuiper (Goutum).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 65ste kear útskreaun waard, wiene 81 ynstjoeringen ynkommen, te witten 56 gedichten en 25 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Karen Bies, Douwe Kootstra en Inge Heslinga. De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 5 oktober útrikt yn it doarpshûs te Weidum.

 

 

21 juni - 2019   Utrikking D.A. Tammingapriis 2019 

It moaiste proazadebút sûnt 2014 wie neffens de sjuery (Alian Akkermans, Sjoerd Bottema en Jannie van der Kloet): “De Koma-korrektor” fan Baukje Zijlstra.

Út it sjuery-rapport: “Knap is it hoe’t de skriuwster it gauris swiere ûnderwerp fan it Ynje-ferline fan de heit tagonklik makket foar de lêzer. Knap ek hoe’t se it barren yn Yndonesië spegelet mei de reorganisaasje by de krante dêr’t de dochter wurket: de heit hat in befel wegere en hat letter nee sein tsjin rehabilitaasje, de dochter blykt ek in stânfestige kant te hawwen en hat de kop yn de wyn smiten.”

De priis waard útrikt op 21 juny yn Tresoar, yn in feestlik en sfearfol barren. Inez Timmer makke in soarchfâldige seleksje fan in tal lieten, wêrûnder de Fryske oersetting (fan Eppie Dam) fan ‘Lili Marleen’. Tseard Nauta soarge foar de begelieding.

Yn har tankwurd gie Baukje ûnder mear yn op de krityske opmerkingen fan guon minsken oer har taalgebrûk: “Der wienen aardich wat minsken by de lêzers dy’t bliid wienen mei it linige, lêsbere Frysk, dêr’t se har eigen taal en útdrukkingen yn herkenne koenen. Faak minsken dy’t yn gjin skoften mear in Frysk boek lêzen hienen.”

FLMD-foarsitter Willem Verf hie it yn syn iepeningswurdsje oer it belang fan de literatuer foar it oerlibjen fan it Frysk as kultuertaal. “Sil in minderheidstaal as it Frysk respekt ôftwinge en takomst hawwe, dan moat der in libben literêr klimaat wêze, en dus wurdearring foar minsken dy’t Frysk skriuwer wêze wolle.”

Nei de feestlike en ûntspannen útrikkingsseremoany wie der noch gelegenheid foar felisitaasjes, neipraat en ûnderling kontakt foar de sântich oanwêzigen. En dêr waard rejaal gebrûk fan makke, ta befoardering fan de oangename kant fan it literêr klimaat!

(klik hjir foar it folsleine sjuerapport)
(klik hjir foar it tankwurd fan Baukje Zijlstra)

  

1 juny 2019

D. A. Tammingapriis foar Baukje Zijlstra

LJOUWERT – Baukje Zijlstra (1967) fan Frjentsjer kriget de D. A. Tammingapriis foar har romandebút ‘De koma-korrektor’. De priis, in jildbedrach fan 3000 euro en in oarkonde, sil har op 21 juny útrikt wurde yn Tresoar.

It is de twadde kear dat de Tammingapriis foar in proazadebút takend wurdt. Yn 2014 wûn Ale S. van Zandbergen de priis foar de roman ‘Littenser Merke’. Yn 2016 gong de priis nei in poëzydebút, ‘leech hert yn nij jek’ fan Geart Tigchelaar.

De sjuery, besteande út Alian Akkermans, Sjoerd Bottema en Jannie van der Kloet, keas ‘De koma-korrektor’ út alve proazadebuten dy’t tusken 2014 en 2019 ferskynd binne.
Yn de roman ‘De koma-korrektor’ komme neffens de sjuery ferskate ferhaallinen nei foaren; ,,Al dy ferhaallinen bringt de skriuwster by elkoar op in wize dy’t de lêzer fan it begjin ôf oan meinimt. (..) It is knap hoe’t se it gauris swiere ûnderwerp fan in Yndië-ferline tagonklik makket foar de lêzer.’’

De D. A. Tammingapriis, neamd nei de skriuwer en taalkundige Douwe Annes Tamminga (1909-2002) en bestuivere út it fûns fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), is yn it plak kommen fan de provinsjale Fedde Schurerpriis, dy’t yn 2012 foar de lêste kear útrikt waard.  

 

14 febrewaris 2019

D.A. Tammingapriis 2019

It bestjoer fan de Stifting FLMD, behearder fan it Tamminga-Piebenga Fûns, kent dit jier wer in D.A. Tammingapriis ta, diskear foar proazadebuten. It is de twadde kear, yn 2014 waard de earste proazadebutepriis útrikt oan Ale S. van Zandbergen foar syn roman Littenser Merke.

Proazadebuten – romans of ferhalebondels – dy’t ferskynd binne tusken 1 jannewaris 2014 en 1 jannewaris 2019 komme foar de priis – €3000 grut – yn oanmerking. In sjuery besteande út Alian Akkermans, Sjoerd Bottema en Jannie van der Kloet beoardielet de rispinge.

Utjouwers of skriuwers dy’t yn boppeneamd tiidrek in debút útbrocht hawwe en gading meitsje wolle, wurdt frege fjouwer eksimplaren te stjoeren oan Stifting FLMD, p.a. Tresoar, y.h.f. Lysbert Bonnema, Bûterhoeke 1, 8911 DH Ljouwert, of postbus 2637 8901 AC Ljouwert.

Wy hoopje de priis op freed 21 juny 2019 útrikke te kinnen.

 

 

22 jannewaris 2019 - parseberjocht

Rely-priisfraach foar 65ste kear iepensteld

LJOUWERT – De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 65ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000. 

De ynstjoertermyn slút 13 maaie o.s.
De sjuery foar 2019 bestiet út Karen Bies, Douwe Kootstra en Inge Heslinga.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de bêste fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. Sûnt 2018 wurdt it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns foarme troch b. en w. fan Ljouwert, de gemeente fan Rely’s bertedoarp Jellum; de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) rêdt mei de organisaasje.

De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery. Foar mear ynformaasje sjoch de webside www.stiftingflmd.frl

 

 

26 july 2018 - parseberjocht 

Fiif winners fan Rely Jorritsmapriis 2018

LJOUWERT - Trije ferhalen en twa gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘In bysûndere moeting’ fan Sipke de Schiffart (Ljouwert), ‘It weagjen fan de see’ fan Lomme Schokker (Hillegom) en ‘De ereksje fan in oar’ fan Koos Tiemersma (Drachten). De winnende gedichten binne ‘Kintsugi foar in diggelbast’ fan Paul van Dijk (Warkum) en ‘Sa as di wynd fan dae vlkenum waait’ fan Edwin de Groot (Aldehaske). Foar de Rely Jorritsmapriisfraach wiene 63 ynstjoeringen ynkommen, te witten 36 gedichten en 27 ferhalen. It wie de earste kear dat de priisfraach ûnder auspysjes stie fan de gemeente Ljouwert, dy’t it bestjoer fan it Rely Jorritsmafûns oerkrigen hat fan de op 1 jannewaris 2018 opdoekte gemeente Littenseradiel. De sjuery bestie diskear út Tryntsje van der Steege, Karen Bies en Douwe Kootstra. De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 6 oktober útrikt yn it doarpshûs te Weidum.

----------

16 juny 2018 - parseberjocht

Altyd wol wat nijs om te lêzen, te lústerjen en te skriuwen

Kom yn de kunde mei it nijste lekkere lêzen op 19 juny yn de byb

Fryske Literatuer en Muzyk yn de Drachtster Biblioteek

Foar it hiele parseberjocht, klik hjir.

----------

30 juny 2017- parseberjocht útrikking D.A. Tammingapriis 2017

GEART WAS HERE

al dy foarmen binne nedich de wrâld is te tsjuster allinnich
wy kinne ljocht bringe yn ús

egoïstysk stribjen
dêr’t safolle moais yn beskûle leit
de djippere betsjutting is net altiten fan grut belang
ik ha sein ik ha skildere ik ha skreaun ik ha komponearre

(iepeningsfers leech hert yn nij jek)


D.A. Tammingapriis foar Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar (Dokkum, 1987) krige op 30 juny yn Tresoar de D.A. Tammingapriis 2017, dy’t him takend wie foar syn poëzydebút leech hert yn nij jek. It is de twadde kear dat de Stifting Frysk Letterkundich en Dokumintaasjesintrum (FLMD) de priis útrikt. De priis, ynsteld nei’t de provinsje yn 2012 de Fedde Schurerpriis ôfskaft hat, is om bar ornearre foar in proaza- en poëzydebút.

Foar it hiele parseberjocht, klik hjir 

Sjueryrapport,  klik hier