JP Bike - шаблон joomla Видео

NIJS

14 july 2021

Rink van der Veldepriis 2020 útrikt

Op woansdeitemiddei 14 july 2021 is de Rink van der Veldepriis 2020 lang om let útrikt. Yn stee fan by de Skriuwersarke, sa’t it doel wie, is dat koronaproof bard yn de foyer fan De Lawei te Drachten. Wethâlder fan kultuer fan Smellingerlân Robin Hartogh Heys van de Lier lange Johan Veenstra de priis oer. Johan krige njonken it jildbedrach (€ 2.000, beskikber steld troch de Stifting FLMD) en de oarkonde it troch Anne en Roelie Woudwijk út stien houde byld mei dêrop de twa favorite ynstruminten fan Rink van der Velde, fioele en lûkharmoanika. Hjirûnder it sjueryferslach, foarlêzen troch Joukje Aardema, mei út namme fan Nynke Andringa en Koos Tiemersma. 
 

9 oktober 2020

Utrikking letter

De útrikking fan de Rink van der Veldepriis, dy't op woansdei 28 oktober plakfine soe yn De Lawei, kin spitigernôch net trochgean. Dat hat de gemeente Smellingerlân  op advys fan de Taskforce Corona besletten. Hoe't en wannear't de priis no oan Johan Veenstra oerlange wurde sil, is noch ûnbekend. Neier berjocht folget.

21 septimber 2020
Rink van der Veldepriis 2020 foar Johan Veenstra

De Rink van der Veldepriis 2020 is takend oan de Stellingwerfske skriuwer Johan Veenstra út Nijeholtpea foar syn roman Vroeger is veurgoed veurbi’j. It is de earste kear dat in boek dat yn ien fan de streektalen skreaun is, bekroand wurdt. De sjuery bestie út Joukje Aardema, Nynke Andringa en Koos Tiemersma. De priis – 2000 euro en in byldsje fan Anne en Roelie Woudwijk wurdt op woansdei 28 oktober o.s. útrikt yn skouboarch De Lawei te Drachten. Fanwege it koroanafirus allinne foar gasten.

Stokkien van Johan 
22 september 2020 - 17.00 – Et is onveurstelber, mar… ik hebbe de Rink van der Veldepries 2020 wunnen veur mien roman Vroeger is veurgoed veurbi’j!

Doe ’k vri’jdagaovend thuuskwam van vekaansie zag ik dat ik een keermennig beld was deur Ynskje Hoekstra uut Drachten. Et zee me niks, dat ik hebbe heur beld. En zi’j vertelde me da’k de Rink van der Veldepries 2020 wunnen hebbe veur mien laeste roman Vroeger is veurgoed veurbi’j. Dat was geweldig ni’js! Ik hadde niet docht da’k die pries ooit winnen zol. D’r bin zovule goeie Friese schrievers… En toch! Veur de eerste keer wodt de pries toekent an een schriever die in een aandere tael schrift as et Fries. Gister was et ni’js al op Omroep Frieslaand, ze hebben me ok beld veur een interview, mar… ik lag op ’e opperaosietaofel in et ziekenhuus in Drachten… De gelokweensken stromen trouwens binnen. De direkteur van de Stellingwarver Schrieversronte, mien uutgever, brocht me vandemorgen een groot boeket bloemen! Hiel mooi! Vandemiddag kwam Klasien mit een geweldig mooi boeket zunnebloemen. En doe kwam d’r een bloemist mit een prachtig boeket van Harry en Frans uut Noordwoolde en een bloemist mit een prachtig boeket van uutgeveri’je Bornmeer/Noordboek! Wat een verwenderi’je!
In 2016 wodde ik nommeneerd veur de Rink van der Veldepries veur mien roman Een vrouw van ivoor. Mar doe wun Anne Feddema de pries. Ik vien et zo mooi da’k krek disse pries now wunnen hebbe omdat Rink van der Velde een veurbeeld veur me was en dan in et biezunder zien kotte verhaelen. En Fettje en ik stonnen altied vlakbi’j him op ’e Boekemark in Drachten. Dat weren nog es tieden! Ik hebbe trouwens al zien boeken. De uutreiking van de pries is op 28 oktober in De Lawei in Drachten. In verbaand mit de koronakrisis meugen d’r mar weinig meensken bi’j wezen. De Rink van der Veldepries bestaot uut een beeltien van Roelie Woudwijk en een bedrag van 2000 euro.
De twiede drok van et boek is in alle goeie boekwinkels te kriegen. Et is ok te besttellen op dit webstee en dan wodt et boek in de Stellingwarven zonder verzendkosten an huus bezorgd.

 

Ynstjoere foar Rink van der Veldepriis 2022 kin oant ein jannewaris 2022

Yn 2022 sille de gemeente Smellingerlân en de Stifting FLMD wer in Rink van der Veldepriis takenne foar oarspronklik en nij Frysk proaza, – in roman, ferhalebondel of novelle – , dat literêre kwaliteit kombinearret mei in tagonklike skriuwstyl, wêrtroch (nei ridlike ferwachting) it boek oantreklik is foar in yn de Fryske ferhâldings breed publyk. It jildt foar útjeften, ferskynd tusken 1 jannewaris 2020 en 1 jannewaris 2022. Ín skriuwer kin de priis mar ien kear winne.

Oan útjouwers of skriuwers dy’t gading meitsje wolle, wurdt frege fjouwer eksimplaren fan de útjefte(n) te stjoeren oan Tresoar, Boterhoek 1, 8911 Ljouwert resp. Postbus 2637, 8901 AC Ljouwert, y.h.f. Lysbert Bonnema, ûnder fermelding fan Stifting FLMD/RvdV-priis. 

P.s. fanwege de koroana is de útrikking fan de Rink van der Veldepriis 2020 ferskood nei letter dit jier.